Laurent Jalabert (Mazamet, 30 novimber 1968) is in earder Frânsk hurdfytser. Jalabert behelle 138 seges, wêrûnder twa kear de Waalse Pijl. De twa "hurdfyts monumenten" Milaan-San Remo en de Omgong fan Lombardije wûn hy elk ien kear. Hy wie gjin útsprútsen spesjalist en naam sawol de griene trui as de boltsjestrui fan de Omgong fan Frankryk mei nei hûs. Yn 1995 wûn Jalabert de Omgong fan Spanje en yn 1997 waard er wrâldkampioen tiidriden.

Laurent Jalabert is de âldere broer fan earder hurdfytser Nicolas Jalabert.

Karriêre Jalabert, wie net allinnich in klimmer, mar ek in poerbêste sprinter. Benammen yn it begjin fan syn karriêre (by de Spaanske hurdfytsploech Once) koe er goed mei sprinters lykas Wilfried Nelissen, Djamolidin Abdoezjaparov, Olaf Ludwig en Johan Museeuw. Yn 1992 en 1995 wûn er de griene trui (punteklassemint) yn de Omgong fan Frankryk.

De earelist fan Jalabert is lang en ferskaat. Jalabert behelle oerwinningen yn klassikers lykas Milaan-San Remo en de Waalske Pylk, mar ferovere ek it einklassemint fan de Omgong fan Spanje yn 1995. Ek behelle er de wrâldtitel tiidriden yn 1997.

Yn de rin fan de jierren lei er him mear ta op it klimmen. By de Deenske hurdfytsploech CSC krige hy dêr alle kâns ta. Yn 2001 en 2002 wûn hy de bolletsjestrui (Boltsjestrui) yn de Omgong fan Frankryk. Yn 2002 wûn er ek syn lêste klassiker: de Clásica San Sebastián. Nei 2002 sette Jalabert in punt efter syn karriêre.

Nei it hurdfytsen Nei syn karriêre waard Jalabert aktyf as kommentator by wedstriden foar de Frânske telefyzje en fan 2009 oant 2012 wied er bûnscoach fan it Frânske hurdfytsen, die er mei oan triatlons en maratons. Yn 'e maitiid fan 2013 rekke Jalabert slim ferwûne nei't er op 'e fytst oanriden waard troch in auto.

Dielname oan grutte omgongen Dielname oan de Omgong fan Frankryk 1991 - 71ste; 1992 - 15px 34ste; winner 6e etappe 1993 - net finisht; 1994 - net finisht; 1995 - 15px 4e; winner 12e etappe 1996 - net finisht; 1997 - 43ste; 1998 - net finisht; 2000 - 54ste; 2001 - 15px 15px 19e; winner 4e en de 7e etappe 2002 - 15px 15px 42ste;

Dielname oan de Omgong fan Spanje 1990 - 70ste; 1993 - 35ste; winner 2e en de 6e etappe 1994 - 15px 74ste; winner 1e, 2e, 4e, 11e, 12e, 15e en de 20ste etappe 1995 - 15px 15px 15px 1ste; winner 3e, 5e, 8ste, 15e en de 17e etappe 1996 - 15px 19e; Winner 3e en de 13e etappe 1997 - 15px 7e; Winner 6e en de 20ste etappe 1998 - 5e; 1999 - net finisht;

Dielname oan de Omgong fan Itaalje 1992 - net finisht; 1999 - 4e; Winner 4e, 9e en de 16e etappe

Ploegen 1989-1991 - Toshiba 1992-2000 - ONCE 2001-2002 - CSC

Kategory:Frânsk hurdfytser‎ Kategory:Frânsk Olympysk dielnimmer Kategory:Winner fan de Omgong fan Spanje Kategory:Oksitaansk persoan Kategory:Persoan berne yn 1968