Midway (Ingelsk: Midway Atoll) is in atol yn 'e noardlike Stille Oseaan, dat likernôch like fier fan Noard-Amearika as fan Aazje ôf leit. Mei't it ferskate eilannen omfettet, sprekt men ek wol fan 'e Midway-eilannen. Yn it Hawaïaansk wurdt it atol Kauihelani ("Rêchbonke fan 'e Himel") of Pihemanu ("Lûd Leven fan Fûgels") neamd. Geografysk heart Midway ta de Hawaï-eilannen en leit it yn it uterste noardwesten fan 'e Noardwestlike Hawaï-eilannen. Bestjoerlik is it al sûnt 1867 in ûnorganisearre en ûnynkorporearre territoarium fan 'e Feriene Steaten, dat ta de Amerikaanske Lytse Ofhandige Eilannen rekkene wurdt. It atol is tsjintwurdich op 'e noed fan it Amerikaansk Minstearje fan Binnenlânske Saken. Midway is it iennichste diel fan 'e Hawaïaanske eilannekeatling dat net ta de Amerikaanske steat Hawaï heart. Ek leit it yn in oare tiidsône, Samoätiid (UTC–11), in oere efter Hawaïaansk-Aleoetyske Tiid (UTC–10). Yn it ferline wie der op 'e eilannen in basis fan 'e Amerikaanske Marine fêstige. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard de wichtige Slach by Midway deunby it atol útfochten. No is Midway yn prinsipe ûnbewenne, útsein wat in team parkwachters fan 'e Fish and Wildlife Service oangiet.

Geografy Midway makket ûnderdiel út fan 'e noardwestlike groep fan 'e Hawaï-eilannen en is, op Kure nei, dêrfan it meast noardwestlikste. It atol leit op in ôfstân fan 2.100 km fan Honolulu, de haadstêd fan 'e Amerikaanske steat Hawaï, op it eilân Oähû. De namme betsjut "Healwei", en it atol leit dan ek rûchwei like fier fan Noard-Amearika as Aazje ôf, op 5.200 km fan San Francisco, yn Kalifornje, en op 4.100 km fan Tokio, yn Japan. It leit 259 km beëasten de Ynternasjonale Datumgrins. Midway is it iennichste eilân yn 'e Hawaï-arsjipel dat net ta de steat Hawaï heart; ynstee is it ien fan 'e Amerikaanske Lytse Ofhandige Eilannen.

Midway is in fulkanysk atol, dat bestiet út trije eilannen. It grutste is Sand Island, dat in oerflak fan 452 ha beslacht. Dat wurdt troch it smelle Brooks Channel skaat fan it lytsere Eastern Island, dat, sa't de namme al seit, mear nei it easten ta leit, mei in oerflak fan 136 ha. It trêde eilân, Spit Island, is in boppe de see útstekkend rif, dat in rûge, ynkomplete sirkel om 'e oare beide eilannen en de byhearrende lagune hinne foarmet, mei in oerflak fan 6 ha. It totale lânoerflak fan Midway komst sadwaande út op 627 ha, oftewol likernôch 6,3 km². De lagune en it ûnderwetterrif fan it atol hawwe in oerflak fan nochris 2.348,8 km². It rif en de lagune hawwe tegearre in diameter fan 8 km.

Skiednis Iere skiednis Midway waard likernôch 28 miljoen jier lyn foarme, doe't de seeboaiem ûnder it eilân oer it hotspot hinne lei dêr't no it eilân Hawaï foarme wurdt, it jongste eilân fan 'e Hawaï-arsjipel. Oarspronklik wie Midway in fulkaan mei in oerflak miskien wol sa grut as it eilân Lanaï (364 km²). It atol waard nea kolonisearre troch de Polyneezjers. It waard op 5 july 1859 ûntdutsen troch de Amerikaanske seehûnefarder de Gambia. De kaptein fan dat skip, in N.C. Brooks, makke út namme fan 'e Feriene Steaten oanspraak op 'e eilannen, dy't er de 'Middlebrookeilannen' neamde. As juridyske basis dêrfoar helle er de Wet op 'e Gûano-eilannen út 1856 oan, dy't Amerikaanske boargers autorisearre om ûnbewenne eilannen tydlik te besetten om dêr gûano (seefûgeldong) te winnen, dat as keunstdong brûkt waard. Der is lykwols neat bekend oer gûanowinning op Midway, dat foar 't neist hat dy winning nea plakfûn.

Op 28 augustus 1867 waard Midway formeel troch de Feriene Steaten anneksearre troch kaptein-op-see William Reynolds fan 'e USS Lackawanna, in oarlochsskip fan 'e Amerikaanske Marine. De namme fan 'e eilannen waard in ûnbekend skoft letter feroare yn 'Midway'. It atol wie it earste eilân yn 'e Stille Oseaan dat troch de Feriene Steaten anneksearre waard, en it waard fan it begjin ôf oan bestjoerd troch de Amerikaanske Marine as it Unynkorporearre Territoarium Midway.

Earste mislearre kolonisaasje It earste besykjen ta kolonisaasje fan it oarspronklik folslein ûnbewenne eilân, fûn plak yn 1870, doe't de Pacific Mail Steamship Company úteinsette om in kanaal foar skipfeart nei Sand Island en Eastern Island oan te lizzen. Dêrfoar moast mei springstof in stik fan it omjaande rif opblaasd wurde, om dêrnei in farrûte troch de lagune te baggerjen. It projekt waard finansierd mei jild dat beskikber steld wie troch it Amerikaanske Kongres. De bedoeling wie om midden yn 'e Stille Oseaan in stienkoalstasjon te fêstigjen, dêr't steamskippen nije branje ynnimme koene. Oant dy tiid wiene Amerikaanske skippen dêrfoar oanwiisd op 'e havens yn it doe noch ûnôfhinklike Keninkryk Hawaï, dat lykwols hege belesting op stienkoal hefte.

It projekt mislearre lykwols en de evakuaasje fan 'e arbeiders ferrûn dramatysk. De USS Saginaw, it skip dat harren ôfhelle, rûn op 21 oktober 1870 oan 'e grûn by it atol Kure, mei as gefolch dat dêre alle 93 opfarrenden strâne rekken. Op 18 novimber setten fiif man yn in roeiboat ôf om help te sykjen, mar doe't se op 19 desimber lang om let by Kauaï arrivearren, ferdronken fjouwer fan harren doe't it boatsje yn 'e brâning oer de kop gie. De iennichste oerlibbene fan 'e rêdingsmisje berikte op 24 desimber it Amerikaanske konsulaat yn Honolulu, op Oähû. Dêrnei waarden de skipbreklingen op 4 jannewaris 1871 fan Kure rêden.

Twadde kolonisaasje Yn 1903 fêstigen arbeiders fan 'e Commercial Pacific Cable Company (CPCC) har op Midway, as ûnderdiel fan it projekt om in tillegraafkeabel fan Noard-Amearika nei Aazje te lizzen. Dy lju yntrodusearren withoefolle eksoaten op 'e eilannen, dy't it wiffe lânseigen ekologysk lykwicht raar ûntwrichten. De gebouwen dy't yn opdracht fan 'e CPCC set waarden, steane noch altyd op Sand Island. Underwilens fêstige de Amerikaanske Marine in post op Midway nei't de CPCC klage hie oer Japanske kreakers en streupers. Fan 1904 oant 1908 wiene der yn opdracht fan presidint Theodore Roosevelt oan ien wei troch 21 leden fan it Amerikaanske Marinierskorps op Midway stasjonearre, dy't in ein meitsje moasten oan 'e ûnbeheinde slachting ûnder seefûgels en tagelyk it tillegraafkeabelstasjon befeiligje moasten.

Yn 1935 waard der troch loftfeartmaatskippij Pan American Airlines in fleanrûte opset fan San Francisco nei Sjanghai, wêrby't Martin M-130-fleanboaten mei fracht en passazjiers fan it iene eilân nei it oare sprongen en sa de Stille Oseaan oerstieken. Midway wie ien fan 'e tuskenhaltes op dy rûte, tusken Honolulu yn it easten en Wake yn it westen. Allinnich de superriken koene op dy wize nei it Fiere Easten en werom, mei't de reis mear as trije kear it doetiidske moannesalaris fan 'e trochsneed Amerikaan koste. De fleanboaten lânen yn 'e lagune en leine oan by in driuwende steger. Passazjiers koene dêrwei oan lân om te oernachtsjen yn in Pan Am Hotel op Sand Island, dat de bynamme fan 'e "Gooneyville Lodge" krige (nei de op it eilân rûnombywêzige gooneys, in Amerikaansk-Ingelske sprektaalterm foar "albatrossen").

Marinebasis Twadde Wrâldoarloch Yn it Ynterbellum waard Midway troch syn lokaasje midden yn 'e Stille Oseaan foar de Feriene Steaten ek fan strategysk belang. It wie in handich plak om by te tanken foar Transpasifyske flechten, en oan 'e uterste westrâne fan 'e Amerikaanske ynfloedssfear yn 'e Stille Súdsee waard it ek in wichtich oanlisplak foar marineskippen. Fan 1940 ôf, doe't de spannings tusken de Feriene Steaten en it Keizerryk Japan hurd oanboazen, ornearre de Amerikaanske Marine dat Midway wat strategysk belang oangie inkeld ûnderdie foar it Marinestasjon Pearl Harbor, yn Hawaï. Dêrom waard op Eastern Island in militêr fleanfjild oanlein, mei bunkers, in útkyktoer en loftdoelbatterijen, en fierders bases foar ûnderseeërs en foar wetterfleantugen (lykas fleanboaten) dy't ynset wurde koene foar militêre ferkenning. Mei in ferbreding fan it skipfeartkanaal troch it rif en de lagune waard begjin 1941 it Marineloftfeartstasjon Midway foltôge. Behalven personiel fan 'e Amerikaanske Marine waarden oan it garnizoen fan Midway ek eleminten fan it Amerikaanske Marinierskorps tafoege en fan 'e Amerikaanske Legerloftstriidkrêften fan it Amerikaanske Leger.

By presidinsjeel dekreet 8682 skoep de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt op 14 febrewaris 1941 it "Seegebiet ta Marineferdigening fan Midway", dat alle Amerikaanske territoriale wetters om it atol hinne omfette, oant it begjin fan 'e ynternasjonale wetters 4,8 km út 'e kust. Yn dat hiele stik see en de loft derboppe waard de tagong ferbean foar eltsenien útsein Amerikaansk oerheidspersoniel, of it moast wêze dat de minister fan Marine der spesifyk tastimming foar jûn hie om it gebiet binnen te gean.

Op 7 desimber 1941 waarden de Feriene Steaten tsjin wil en tank by de Twadde Wrâldoarloch belutsen, doe't de Japanners ûnferhoeds harren Oanfal op Pearl Harbor útfierden, wêrby't in stikmannich Amerikaanske slachskippen ta sinken brocht waard en der oan Amerikaanske kant mear as 2.400 deaden foelen. Dyselde deis fierden twa Japanske torpedoboatjagers it Earste Bombardemint fan Midway út, mar nei in skermutseling waarden se op 'e flecht dreaun troch de kustbatterijen fan 'e Amerikaanske mariniers by wat de earste Amerikaanske oerwinning fan 'e oarloch wie. Op 10 febrewaris 1942 waard Midway op 'e nij bombardearre, diskear troch in Japanske dûkboat.

Fjouwer moannen letter, op 4 juny 1942, fûn noardeastlik fan Midway in grutte seeslach plak tusken de Keizerlike Japanske Marine en de Amerikaanske Pasifyske Float. Dat wie de Slach by Midway, ien fan 'e grutte kearpunten fan 'e Twadde Wrâldoarloch. Oan it begjin fan 'e slach waard it Marineloftfeartstasjon Midway op 'e nij bombardearre, no troch bommesmiters dy't ôfkomstich wiene fan Japanske fleandekskippen. Hoewol't der gâns skea oanrjochte waard, bleau de basis operasjoneel. By it fierdere ferrin fan 'e seeslach brochten de Amerikanen alle fjouwer Japanske fleandekskippen ta sinken, wylst se sels ien fleandekskip ferlearen. De striid einige sadwaande yn in klinkende Amerikaanske oerwinning, wêrby't fierdere Japanske ekspânsje nei it easten en súdeasten ta tsjinkeard waard.

Nei de Slach by Midway waard op Midway in twadde fleanfjild oanlein, no op Sand Island. Dêrfoar wie it nedich om it eilân keunstmjittich te fergrutsjen troch sânopspuiting, sadat it úteinlik yn grutte ferdûbele waard. De rest fan 'e Twadde Wrâldoarloch spile Midway benammen in wichtige rol as basis foar dûkboaten en militêre ferkenningsfleantugen.

Kâlde Oarloch Yn 1950 waard it Marineloftfeartstasjon Midway troch de Amerikaanske Marine opheft, mar it waard suver daliks wer yn gebrûk nommen doe't yn juny fan dat jier it kommunistyske Noard-Koreä de Amerikaanske bûnsgenoat Súd-Koreä binnenfoel en sa de Koreaanske Oarloch feroarsake. Withoefolle Amerikaanske militêre fleantugen en skippen holden ûnderweis nei Koreä ho by Midway om nije branje yn te slaan. Ek waarden der op it atol needreparaasjes útfierd. Yn 'e 1960-er jierren en iere 1970-er jierren spile Midway in selde soarte ûnderstypjende rol by de Amerikaanske ynset yn 'e Fjetnamoarloch. Yn 1969 hold de Amerikaanske presidint Richard Nixon op Midway yn it Officer-in-Charge House (ek bekend as it Midway House) in geheime topmoeting mei presidint Nguyễn Văn Thiệu fan Súd-Fjetnam.