Marineblau, marine of, mei in Ingelsk lienwurd, navy (útspr.: [ˈneːvi], likernôch: "nee-vy") is in dûnkere tint fan 'e kleur blau.

Etymology De term 'marineblau' is ûntliend oan 'e dûnkerblauwe militêre unifoarmen dy't sûnt 1748 droegen waarden troch ofsieren yn 'e Britske Keninklike Marine (Ingelsk: Royal Navy, dêrfandinne de oatsjutting 'navy'). Letter waard dyselde kleur, dy't ferwiisde nei de kleur fan 'e see, oernommen troch de marines fan oare lannen. Meitiid waard it sa'n wenstige kleur foar marine-unifoarmen, dat it oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw bekend kaam te stean as 'marineblau'. Yn it Ingelsk datearret de ierste boarne foar it gebrûk fan 'e korrespondearjende term navy blue út 1813.

Assosjaasjes Hjoed oan 'e dei wurdt marineblau noch altyd assosjearre mei de marine. Dêrnjonken is it ek in tige populêre kleur op it mêd fan badmoade, lykas foar baaipakken en swimbroeken.

Marineblautinten De wichtichste tinten marineblau binne: marineblau (HTML)   #000080                          Indigoferve #091F92        Crayolamarine #0066CC        pauwefearren #2B2E43        pearsmarine #4E5180        Perzysk indigo #32127A        romtemachtblau #1D2951       

Sjoch ek loftmachtblau romtemachtblau

Kategory:Kleur