Midway (yn it Feriene Keninkryk útbrocht as Battle of Midway) is in Amerikaanske histoaryske oarlochsfilm yn Technicolor út 1976 ûnder rezjy fan Jack Smight, mei yn 'e haadrollen Charlton Heston en Henry Fonda. De titel ferwiist nei de Slach by Midway, in seeslach út 'e Twadde Wrâldoarloch tusken de Amerikaanske Pasifyske Float en de Keizerlike Japanske Marine by it atol Midway, yn 'e Stille Oseaan. De plot fan 'e film folget kaptein-op-see Matthew Garth, dy't nau belutsen is by de Amerikaanske tarieding foar it oankommende treffen, wylst er tagelyk syn soan helpe moat, waans faam omreden fan har etnysk Japanske komôf troch de Amerikaanske autoriteiten ynternearre is. Fan 'e filmkritisy krige Midway mingde resinsjes, mar yn 'e bioskopen groeide de film út ta in grut kommersjeel súkses.

Plot Op 18 april 1942, as de Twadde Wrâldoarloch yn 'e Stille Oseaan yn folle gong is, fiert in Amerikaansk squadron North American B-25 Mitchell-bommesmiters, dat opstige is fan it fleandekskip de USS Hornet, in bombardemint fan Tokio, Yokohama en inkele oare Japanske stêden út, dat bekend komt te stean as de Doolittle Raid. Hoewol't der net folle skea oanrjochte wurdt, is it in wichtige psychologyske klap foar de Japanske befolking, dy't troch it Japanske regear wiismakke wie dat harren lân ûnoantaastber wie. Admiraal Isoroku Yamamoto brûkt neitiid de bedriging fan Japan, dy't út dizze oanfal bliken docht, om ynstimming te krijen fan 'e generale stêf fan 'e Keizerlike Japanske Marine foar syn plan om 'e fleandekskippen fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float yn in mûklaach te lokjen en út te skeakeljen. Hy wol dat dwaan troch it atol Midway, oan 'e noardwestlikste útein fan 'e Hawaïaanske eilannekeatling, te feroverjen en te besetten. Dat sil sa'n bedriging foar it Territoarium Hawaï ynhâlde dat de Amerikanen wol twongen wêze sille om fanwegen te kommen mei harren fleandekskippen.

Op it Marinestasjon Pearl Harbor yn Hawaï, de thúsbasis fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float, kriget kaptein-op-see Matt Garth opdracht en hifkje de foarútgong fan Stasjon HYPO, de kryptografyske ôfdieling, dy't besiket de Japanske militêre koades te brekken. Kaptein-luitenant-op-see Joseph Rochefort, dy't oan it haad fan dy ôfdieling stiet, ynformearret him dat de Amerikanen rûchwei 10% fan 'e Japanske marinekoade lêze kinne. Troch brokjes en bytsjes ynformaasje út in ferskaat oan ûnderskepte berjochten byinoar te dwaan, is er derfan oertsjûge rekke dat de Keizerlike Japanske Marine risselwearret foar in wichtige militêre operaasje, rjochte op in lokaasje mei de koadenamme "AF". Rochefort fermoedet dat it om Midway giet. Underwilens wurdt Garth troch syn soan, faandrich en marinepiloat Tom Garth, om help frege by it frij krijen fan syn faam Haruko Sakura, de Amerikaanske dochter fan Japanske ymmigranten, dy't omreden fan har etnysk Japanske komôf mei alle oare Japanners yn 'e Feriene Steaten ynternearre is.

Yn 'e Slach yn 'e Koraalsee ferlieze de Amerikanen ien fleandekskip, de USS Lexington, wylst in oarenien, de USS Yorktown, slim skansearre rekket. Admiraal Chester W. Nimitz, de befelhawwer fan alle Amerikaanske Striidkrêften yn 'e Stille Oseaan, jout opdracht dat de Yorktown nei oankomst yn Pearl Harbor binnen 72 oeren safierhinne reparearre wêze moat dat er wer útfarre kin. Rochefort tsjinnet by Nimitz it fersyk yn om 'e basis op Midway in falsk berjocht ferstjoere te litten oer swierrichheden mei de wettersuveringsynstallaasje. Mei't de Japanners de Amerikanen ôfharkje, komt dat letter yn 'e kodearre Japanske berjochten werom mei in ferwizing nei "AF", wat Rochefort syn fermoeden oangeande de identiteit fan "AF" befêstiget.

Yn Japan presintearret admiraal Yamamoto syn oanfalsplan oan 'e befelhawwers dy't it útfiere moatte: fise-admiraal Chūichi Nagumo, dy't de Amerikaanske fleandekskippen útskeakelje moat, en fise-admiraal Nobutake Kondō, dy't Midway feroverje en besette moat nei't de fleantugen fan Nagumo de Amerikaanske basis dêr neutralisearre hawwe. De beide ofsieren binne skeptysk oer it plan, dat neffens Nagumo prachtich wurkje sil salang't de Amerikanen mar persiis dogge wat de Japanners ferwachtsje. Yn Pearl Harbor besiket Nimitz syn bêste fleandekskipkommandant, fise-admiraal William "Bull" Halsey, dy't mei earnstige hûdûntstekking yn it sikehûs leit. Op 'e fraach wa't yn syn plak it befel fiere moat oer syn beide fleandekskippen, de USS Enterprise en de USS Hornet, rikkemandearret Halsey skout-by-nacht Raymond A. Spruance oan, dy't gjin ûnderfining mei it befel oer fleandekskippen hat. Nimitz beslút him lykwols oan te stellen en jout skout-by-nacht Frank Jack Fletcher, de kommandant fan 'e USS Yorktown (en de ôfwêzige USS Saratoga) de lieding oer de hiele Amerikaanske float.

Underwilens hat kaptein-op-see Garth yn it ynternearringskamp by Honolulu in moeting mei syn mooglike takomstige skoandochter Haruko Sakura, dy't him derfan oertsjûget dat it idee dat sy en har âldelju in gefaar foar de Feriene Steaten foarmje, healwiis is. Har tradisjonele âlden binne lykwols op in houlik fan har mei in blanke man tsjin. Haruko freget Garth om syn soan troch te dwaan dat it neat tusken harren wurde kin. Garth wegeret en seit dat se dat dochs echt sels dwaan moat. Neitiid brûkt er alle geunsten by freonen en kollega's op dy't er troch de jierren sammele hat om Haruko en har âldelju frij te krijen, mar it bliuwt foarearst ûndúdlik oft dat wat úthelje sil. Tom Garth siket Haruko op yn it ynternearringskamp, dêr't se it troch it gaas fan it stek hinne mei him besiket út te meitsjen sûnder him oan te sjen. As er har fertelt dat se itselde noch mar ris sizze moat wylst se him yn 'e eagen sjocht, kin se dat net opbringe en barst se yn gûlen út.

Admiraal Nimitz stjoert syn float mei de USS Enterprise, de USS Hornet en de USS Yorktown út. Fletcher nimt dêrmei posysje yn noardeastlik fan Midway, sadat er de Japanske float de pas ôfsnije kin as it atol dochs net it doelwyt fan 'e Japanners blykt te wêzen. Oan board fan 'e USS Yorktown binne sawol Matt Garth, dy't fungearret as adjudant fan skout-by-nacht Fletcher, as syn soan Tom, in piloat fan ien fan 'e fleantugen. De relaasje tusken heit en soan is spand, mei't it Matt noch net slagge is om 'e Haruko frij te krijen. Dat ta argewaasje fan Tom, dy't steld dat Amerikanen fan etnysk Dútsk of italjaansk komôf ek net opsletten wurde yn ynternearringskampen.

De Slach by Midway begjint op 4 juny 1942, wannear't Nagumo de helte fan syn bommesmiters en jachtfleantugen ynset om it Marineloftfeartstasjon Midway te bombardearjen. De basis rint swiere skea op en in grut part fan 'e ferdigenjende jachtfleantugen wurdt delsketten, mar it fleanfjild bliuwt brûkber. Dat betsjut dat der noch altyd bommesmiters opstiigje kinne, sadat de basis in bedriging foar de Japanske float bliuwt. In Consolidated PBY Catalina-fleanboat fan 'e Amerikaanske Marine, dy't op ferkenningsmisje is, wurdt de float fan Nagumo gewaar. Underwilens ûntdekke Japanske ferkenners de Amerikaanske float. Nagumo is ferbjustere as er heart dat de USS Yorktown, wêrfan't de Japanners tochten dat dy nei Slach yn 'e Koraalsee moannenlang út 'e rûlaasje wêze soe, noch gewoan omfart. Hy beslút dat in twadde bombardemint fan Midway wachtsje moat en befellet dat de bommen tsjin lândoelen dêr't syn fleantugen al mei bewapene binne, halje-trawalje ferfongen wurde moatte troch torpedo's en anty-skipsbommen, sadat se in wraam op 'e Amerikaanske fleandekskippen dwaan kinne.

De Japanske oanfal rint lykwols fertraging op trochdat earst de fleantugen dy't it bombardemint fan Midway útfierd hawwe, op 'e Japanske fleandekskippen lânje moatte, oars soene se sûnder brânstof komme te sitten en út 'e loft falle. Dêrtroch kinne de Amerikanen de earste klap útdiele. Torpedobommesmiters fan 'e USS Hornet binne de earsten dy't de Japanske float benei komme, mar se binne harren eskorte fan jachtfleantugen kwytrekke, wat betsjut dat se in maklike proai binne foar de Mitsubishi A6M "Zero"-jachtfleantugen, dy't de Japanske float beskermje. Yn 'e mande mei it loftdoelgeskut fan 'e skippen helje dy alle Amerikaanske bommesmiters del foar't se skea oanrjochtsje kinne. De oanfallen fan 'e leechfleanende torpedobommesmiters lokje de Zero's lykwols út posysje nei in folle legere hichte ta.

As trije squadrons dûkbommesmiters fan 'e USS Enterprise en de USS Yorktown op in stuit de Japanske float út ferskillende rjochtings benei komme, binne der sadwaande frijwol gjin Zero's om harren tsjin te hâlden. Mei't de Japanners risselwearje foar de oanfal op 'e Amerikaanske float, steane de fleandekken fol mei fleantugen, wylst troch de wikseling fan bommen foar torpedo's oeral eksplosiven omtommelje en brânstofslangen alle kanten út liede. It Japanske loftdoelgeskut allinne kin de oanfal net keare, en de Amerikanen skoare foltreffers op trije fan 'e fjouwer Japanske fleandekskippen: de Akagi, de Kaga en de Sōryū. By de súksesfolle oanfal rint Tom Garth slimme brânwûnen op oan syn skonken en earms wannear't der troch in Japanske treffer brân yn syn cockpit útbrekt. Hy wit mei grutte muoite werom te kearen nei de USS Yorktown, dêr't er by de lâning op it fleandek delstoart. Hy oerlibbet it lykwols en wurdt nei de sikeboech brocht, dêr't Matt Garth him opsiket. Heit en soan fermoedsoenje har mei-inoar en prate ôf om inoar yn Pearl Harbor wer te sjen, dêr't Tom mei koarten mei de oare ferwûnen hinne evakuëarre wurde sil.

It iennichste oerbleaune fleandekskip út 'e float fan Nagumo, de Hiryū, stjoert syn bommesmiters en jagers fuortendaliks de loft yn. De Japanske oanfallers witte de Amerikaanske float te finen troch de weromkearende Amerikaanske bommesmiters te folgjen. Se bomdardearje de Yorktown, dy't swiere skea oprint, mar binnen de oere wer safierhinne reparearre is dat it skip oan militêre operaasjes dielnimme kin. Mei't de Amerikanen gâns piloaten ferlern hawwe, wurdt âld-piloat Matt Garth frege oft er oan 'e folgjende oanfal dielnimme kin. Hy stimt ta en jout him by de Amerikaanske tsjinoanfal tsjin 'e Hiryū. Se sette ôf krekt foar't in nije Japanske oanfalweach de Yorktown treft en diskear katastrofale skea oanrjochtet. It baarnende fleandekskip giet ferlern en moat ûntromme wurde.

De Amerikaanske oanfalweach dêr't Matt Garth diel fan útmakket, bringt de Hiryū ta sinken, wêrmei't de Japanske oanfal in fatale slach tabrocht wurdt. De oerlibjende Amerikaanske bommesmiters keare werom. It tastel fan Matt Garth is oan flaarden sketten, hoewol't er sels gjin skramke oprûn hat. As er lykwols besiket te lânjen op 'e USS Hornet, ferûngelokket er deadlik. Admiraal Yamamoto ûntfangt it nijs fan 'e Japanske nederlaach en it ferlies fan alle fjouwer fleandekskippen. Hy jout oarders foar in algemiene weromtocht en beprakkesearret hoe't er foar dit barren syn ûntskuldigings oanbiede sil oan keizer Hirohito. Yn Pearl Harbor wurdt de swier ferwûne Tom Garth op in brankaar oan lân brocht, dêr't er opwachte wurdt troch in frijlitten en fertwifele Hakuro.

Rolferdieling

haadrollen personaazje                                      akteur/aktrise kaptein-op-see Matthew Garth Charlton Heston admiraal Chester W. Nimitz Henry Fonda

byrollen