Dit is in list fan kninerasssen, dy't in oersjoch jout fan 'e rassen fan 'e nuete knyn dy't troch de minske holden wurde.

Unstean en erkenning fan kninerassen Kninerassen binne net natuerlik ûntstien, mar troch de minske fokt om beskate winske lichaamlike eigenskippen yn 'e bisken te krijen. Anno 2017 wiene der teminsten 305 kninerassen ferspraat oer santich ûnderskate lannen en territoaria. In protte fan dy lannen en territoaria hawwe in eigen kninefokkersferiening dy't eigen mjitstêven stelt en guon rassen wol en oaren net erkent. Dat betsjut dat yn gjin inkeld lân al dy hûnderten ferskillende rassen erkenning genietsje.

Foarbylden fan sokke kninefokkersferienings binne de American Rabbit Breeders Association (ARBA) yn 'e Feriene Steaten en de British Rabbit Council (BRC) yn it Feriene Keninkryk. Yn Nederlân giet it om 'e Kleindier Liefhebbers Nederland, fêstige yn Utert, mei yn 2015 likernôch 7.600 leden. Dizze organisaasje is yn 2009 ûntstien troch de fúzje fan 'e Nederlandse Bond van Hoender-, Dwerghoender-, Sier- en Watervogelhouders (NHDB) en de Nederlandse Konijnen-, Cavia- en Knagersliefhebbers Bond (NKB).

Hjoeddeistige kninerassen Yn 'e ûndersteande list binne de kninerassen nei grutte yndield yn fjouwer kategoryen: dwerch, lyts, middelgrut en grut. Mei't de grutte fan eksimplaren fan itselde ras soms nochal útinoar rinne kin, is dat mar in rûchwei yndieling.

Dwerchrassen Amerikaanske dwerchlodear angoaradwerch Britske lodeardwerch foksdwerch harmeling hazzedwerch Hôtotdwerch kleurdwerch liuwekop Nederlânske lodeardwerch Poal sulverfoksdwerch teddydwerch

Lytse rassen Amerikaanske pluzige lodear blausulverne brúnsulverne Chaudry Dalmaasjer dûnkergrannen Enderby-eilanner Frânske havana goudene Glavcot heldersulverne Hollanner Hulstlanner Ingelske flinter Ingelske sulverne Jamora Kanadeeske pluzige lodear kastanjebrune fan Loataringen katoenferwielene lodear krêmkleurige sulverne Kreoal lynks lytse Britannia lytse Kasjmirlodear lytse liuwekoplodear lytse Loataringer lytse pluzige lodear lytse rex lytse satinene lytse sulverne lytse tsjintsjilla Marburger fee Ørestad papillondwerch pearelgrize fan Halle reade baladi rex fan Poitou of Orylag rexdwerch Rus (ek Himalaya) San Juan Simenwar stienknyn sulverne fan Saint-Hubert swarte baladi swartsulverne Sweedske hazze Tadla tanknyn teddylodear thrianta Tsjechyske bêzje Tsjechyske bûnte Tsjechyske reade tsjintsjilla weitene weitene lynks wite baladi wite fan Floarida wite fan Giza Zemmouri

Middelgrutte rassen Alaska Amerikaanske sabelknyn astrex Bauscat Belgyske sulverne bêzje blauwe fan Ham blauwe fan Sint-Niklaas Brazyljaan Caldes Deilster Dútske lodear eksterknyn gabali gewoane tsjintsjilla Gotlanner Gouster grize Carmagnola grize fan Bourbonnais grutte sulverne grutte tsjintsjilla Güzelçamlı harlekyn harlekyn rex Havana iikhoarntsje Ingelske angoara Ingelske lodear Ingelske trijekleur isabel Japanner Jerseywolknyn Kabyl Kalifornjer kanielkleur Kasjmirlodear keale fan Liptov kleure Wener Kubaanske brune Kúnder lodear lila marter Meissner lodear Mellerud Moshtohor Normanjer opossum oranje papillon pearelfee pluzige lodear puntige Van Beveren reade Nijseelanner reekpearel rex Rône Rynlanner Saksyske goudene Sallanner sânkleur fan 'e Fogezen satinene satynangoara separator Siameeske sabelknyn Sibearjer Sloveen sulverfoks Sussex swarte Nijseelanner Sweedske pelsknyn Switserske foks Tsjechyske wite Tueringer Van Beveren V-streek wite fan Hôtot wite fan Pannon wite fan Vendée wite Nijseelanner wite Wener Wytlanner Zika

Grutte Rassen altex Amerikaan Amerikaanske tsjintsjilla angoara angoarareus Armeenske marder Belgyske hazze Britske reus bûnte reus Dútske angoara Dútske reus feale fan Boergonje Flaamske reus foks Frânske angoara Frânske lodear giele fan Boergonje grutte wytgrannen Havanareus Hongaarske reus Japanske wite kleurreus Loataringer Marburger reus Meklenburger bûnte Nitransky palomino papillonreus reekpearelreus Spaanske reus sulverne fan Sjampanje sulverreus Trønder tsjintsjillareus wite fan Bouscat wite fan Dendermonde wite fan Popielno wite reus

Utstoarne kninerassen Aldingelske reade bever goudbrune lytse Brabanner Patagoanjer Rouennais Sitka swan wite fan Chauny wite fan L'Oural

kninerassen Kategory:Domestisearre bisteras