De grutte marters (wittenskiplike namme: Guloninae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), it ûnderskift fan 'e hûndieren (Caniformia), it tuskenskift fan 'e poalrôfdieren (Arctoidea), de boppefamylje fan 'e marterdieren (Musteloidea) en de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae).

Ta dizze ûnderfamylje hearre 11 libbene soarten martereftigen. Dêrûnder binne de Amerikaanske marter (Martes americana), de beamotter (Martes martes), de fiskmarter (Pekania pennanti), de stienmurd (Martes foina) en de warch (Gulo gulo). De grutte marters waarden yn 2021 gearstald by in yngeande reorganisaasje fan 'e taksonomyske struktuer fan 'e martereftigen.

Underfamylje-opbou

ûnderfamylje grutte marters (Guloninae) tûke echte marters (Martini) skaai fiskmarters (Pekania): 1 soarte skaai marters (Martes): 8 soarten tûke wargen en tayra's (Gulonini) skaai tayra's (Eira): 1 soarte skaai wargen (Gulo): 1 soarte

Kategory:Martereftige