Remigijus Valiulis (Šilutė, 20 septimber 1958 - Vilnius, 19 july 2023) wie in Litousk atleet, dy't wilens syn karriêre útkaam foar de doetiidske Sovjet-uny. Hy hat ienris meidien oan de Olympyske Simmerspullen en waard doe Olympysk kampioen op de 4x400 meter mei Nikolai Tsjernetski, Mikhail Linge en Viktor Markin. Yn datselde jier behelle Valiulis in brûnzen medalje by de Europeeske kampioenskippen op de 400 meter.
Remigius Valiulis ferstoar op 19 july 2023, yn 'e âldens fan 64 jier.
Kategory:Litousk sprinter Kategory:Litousk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1958 Kategory:Persoan stoarn yn 2023