Galaxy Quest is in Amerikaanske science fiction-komeedzje út 1999 ûnder rezjy fan Dean Parisot, mei yn 'e haadrollen Tim Allen, Sigourney Weaver en Alan Rickman. De titel betsjut "Kweeste troch it Stjerrestelsel". De film is eins in parody op sawol de tillefyzjesearje Star Trek: The Original Series as wat der by dy searje efter de skermen geande wie. De film giet oer de ûnderling tsierende leden fan 'e cast fan in âlde science fiction-tillefyzjesearje, dy't sa typecast rekke binne dat se nei it stopsetten fan 'e searje al jierrenlang gjin wurk mear hân hawwe en har ûnderhâlde moatte mei ferskinings op fandomkonvinsjes. It ferhaal nimt in ûnferwachte kear as se om help frege wurde troch in groep echte bûtenierdske wêzens dy't bleatsteane oan genoside. Dyselden beskôgje de searje as in rige histoaryske dokuminten en miene dat se mei in kloft krigele helden fan dwaan hawwe. Galaxy Quest krige positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie yn 'e bioskopen in beskieden kommersjeel súkses. De film wûn de Saturn Award foar bêste akteur (Allen) en de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje (lange foarm). Galaxy Quest berikte neitiid de status fan cultfilm, benammen ûnder Star Trek-fans, dy't it yn 2013, by in opinypeiling, útrôpen ta de op seis nei bêste Star Trek-film aller tiden.
Plot Yn 'e 1980-er jierren wie de science fiction-tillefyzjesearje Galaxy Quest tige by tige populêr. Mar de searje is jierren lyn al stopset. De leden fan 'e cast, dy't troch it súkses fan 'e searje sa typecast rekke binne dat se gjin oar aktearwurk mear besette kinne, binne twongen om harsels te ûnderhâlden mei reklamespotsjes en seremoniële iepenings yn har âlde rollen en mei ferskinings op Galaxy Quest-konvinsjes, dêr't se omjûn wurde troch de fanatike fans fan 'e searje, dy't "Questarians" neamd wurde. Se hawwe dêr allegearre folslein har nocht fan, útsein de waanwize Jason Nesmith, dy't yn 'e searje kaptein Peter Q. Taggart spile, de heldhaftige gesachfierder fan it romteskip de Protector. Dyselde koesteret himsels graach yn 'e gloede fan syn eigen rom út it ferline.
Nesmith tinkt dêrby inkeld oan himsels. Dat is foar him sa gewoan, dat er der net iens erch yn hat dat er op dy manear de oare leden fan 'e cast har plak yn 'e spotlights ûntnimt. De oaren wrokje dêroer, fral Gwen DeMarco en Alexander Dane. Gwen is dochs al tige ûntefreden oer har rol fan luitenant Tawny Madison yn 'e searje, dy't der yn haadsaak út bestie dat se yn in strak pakje mei in djip útsnien dekolletee omrûn en alles werhelle wat de skipskompjûter sei. Dane is in Britske akteur, dy't yn 'e searje de rol fertolke fan dokter Lazarus, de skipsdokter en in lid fan it bûtenierdske ras fan 'e Mak'tar, wêrfoar't er opmakke wie mei skobben en finnen op 'e holle. Mei't er ea noch wurk fan Shakespeare spile hat, is er swier deprimearre oer de steat fan syn karriêre, en hy walget fan syn catchphrase (karakteristyk stopwurd) út 'e searje: "By Grabthars hammer", dy't er op konvinsjes foar syn ferearjende fans altyd oant yn it ferfeelsume werhelje moat. De oare beide leden fan 'e cast binne de lakonike Fred Kwan, dy't sersjant-technikus Chen spile, en Tommy Webber, dy't luitenant Laredo spile. Yn 'e searje wie Laredo noch in bern, mar Webber is ûnderwilens opgroeid ta in folwoeksen man.
Op in meardeiske konvinsje wurdt Nesmith oansprutsen troch wat er mient dat in groepke fans is, klaaid yn gelikense klean as benei-minsklike humanoïde bûtenierdske wêzens. De lieder fan 'e groep is Mathesar, dy't fertelt dat hy en de oaren Thermianen binne. Harren folk stiet bleat oan genoside troch in fijân dy't generaal Sarris hjit. Hy wol graach de help fan kaptein Taggart hawwe, mei't dat de iennichste is dy't de Thermianen rêde kin. Nesmith giet derfan út dat er frege wurdt foar in promoasjefilmke of sokssawat, dat hy stimt dermei yn sûnder it hiele ferhaal fan Mathesar oan te hearren. Letter, as er op it húske sit, heart er in pear konvinsjegongers praten oer hoe'n suffert oft dy Jason Nesmith eins wol net is. Hy mient echt dat er kaptein Taggart is en hy hat net iens troch hoefolle oft de oare leden fan 'e cast him haatsje. Nesmith beseft dan foar de earste kear hoe't syn libben der eins echt útsjocht. Foar him is de lol derôf. Hy reägearret brúsk as Brandon, in jonge fan, him in yngewikkelde fraach stelle wol oer in gat yn 'e plot fan ien fan 'e ôfleverings, en giet betiid nei hûs, dêr't er him dy jûns bedrinkt.
De oare moarns wurdt Nesmith wekker op 'e flier fan syn wenkeamer troch it oanhâldende tikjen op it rút fan Mathesar. Nesmith lit him en de oare Thermianen deryn en klaait him oan. Troch syn kater giet it folslein oan him foarby dat se ûnderweis nei 'de set fan it promoasjefilmke', nei in echt romteskip ta teleportearre wurde, dat de Thermianen oant yn detail neimakke hawwe op basis fan 'e ôfleverings fan Galaxy Quest dy't se ûntfongen hawwe. Nesmith is ûnder de yndruk fan 'e kwaliteit fan 'e 'filmset'. De Thermianen wolle dat er foar harren ûnderhannelet mei harren fijân, generaal Sarris. Dyselde easket ûnder bedriging mei ferneatiging fan 'e Thermianen de Omega 13 op, in superwapen út Galaxy Quest dat troch kaptein Taggart-en-dy oantroffen waard op in bûtenierdske planeet, mar dat yn 'e searje nea brûkt is en wêrfan't de fermogens sadwaande ûnbekend binne. Nesmith, dy't wer nei hûs wol om syn roes út te sliepen, raffelet syn rol yn it 'promoasjefilmke' ôf troch befel te jaan alle wapens op Sarris ôf te sjitten. Dêrmei komt er dyselde folslein oer it mad, mei't soks folslein yngiet tsjin 'e normale wurkwize fan 'e skrutene Thermianen. Sadwaande slagget it Nesmith sûnder erch om Sarris tydlik út te skeakeljen.
Neitiid kriget Nesmith fan 'e tankbere Thermianen in kommunikaasje-apparaatsje, dat as twa drippen wetter liket op 'e kommunikaasje-apparaten dy't yn Galaxy Quest as rekwisiten brûkt waarden. Dêrmei kinne se him altyd wer oproppe as Sarris syn leske noch net leard hawwe soe. Pas as er yn in romtepak besteande út in soarte fan floeibere stof weromsketten wurdt nei de Ierde, kriget er einlings en te'n lêsten foar it ferstân dat alles echt is. As er wer thús (en wat bekommen) is, set er nei de konvinsje ta om 'e oare leden fan 'e cast te fertellen wat him oerkommen is. Underweis rint er lykwols tsjin 'e jonge, yn in kostúm fan Galaxy Quest klaaide fan Brandon oan, wêrby't se allebeide har kommunikaasje-apparaten falle litte en dêrnei it ferkearde wer oppakke. As Nesmith neitiid oan 'e oare leden fan 'e cast besiket te bewizen wat er belibbe hat troch harren it kommunikaasje-apparaat fan 'e Thermianen sjen te litten, blykt it in gewoan rekwisyt te wêzen dat it net docht. Mei't er de oaren by it útdielen fan hantekenings sitte litten hat, binne se lulk op him. Se wolle net nei him harkje, en alhielendal net as er flauwekul begjint út te slaan oer in echte reis troch de romte.
Wannear't de froulike Thermiaan Laliari ferskynt om Nesmith werom te roppen (om't Sarris syn leske yndie noch net leard hat), wegerje de oaren earst om mei. It idee dat Nesmith beteljend wurk fûn hat, bringt harren lykwols op oare gedachten, dat Gwen, Dane, Kwan en Webber jouwe harren der dochs by, en Guy, in akteur dy't in needlottige figurant spile yn ien ôflevering fan Galaxy Quest, nûget himsels út om mei. Nei in skokkende reis troch de romte arrivearje de akteurs op wat in eksakte replika fan 'e Protector is. It docht bliken dat de Thermianen folslein ûnbekend binne mei konsepten as "ligen" en "bedroch" en sadwaande witte se likemin wat "aktearjen" is. Dêrom miene se mar dat Galaxy Quest in rige histoaryske dokuminten is en kaptein Taggart in echte held dy't wier bestiet. Ynspirearre troch de deugden dy't de searje útdraacht, hawwe de Thermianen harren hiele maatskippij om Galaxy Quest hinne foarmjûn.
De akteurs hawwe net folle tiid om oan dizze ûnferwachte ûntwikkeling te wennen, want generaal Sarris ferskynt wer en falt diskear daliks de Protector oan. Nesmith jout befel om it skip om te kearen en út te naaien, en se ûntkomme mar nauwerneed oan 'e dea troch dwers troch in oerâld minefjild fan magnetyske romteminen te fleanen. De Protector rekket dêrtroch wol slim skansearre, en de 'berylliumbol', de enerzjyboarne fan it skip, giet folslein nei gychem. Aldergeloks is dêr yn 'e neite in planeet dêr't yn it ferline mynbou nei berylliumbollen plakfûn. De akteurs bejouwe har yn in romtefear nei it planeetoerflak, dêr't se al rillegau deilis reitsje mei de skattich útsjende, mar trochgemiene en kannibalistyske ynboarlingen. It romtefear wit mei in berylliumbol te ûntkommen, mar Nesmith bliuwt by fersin op 'e planeet efter. Hy wurdt finzen nommen troch de bewenners, dy't him yn in primitive arena fjochtsje litte wolle tsjin in meunster dat út bewegende rotsblokken bestiet. Krekt op 'e tiid slagget it de oaren om him te rêden mei in eksperiminteel teleportaasjeapparaat.
By weromkomst oan board fan 'e Protector docht bliken dat generaal Sarris ûnderwilens it skip ferovere en de Thermianen finzen nommen hat. Sarris besiket Nesmith ûnder druk te setten om him te fertellen wat de Omega 13 docht, troch yn syn bywêzen Mathesar te marteljen. Nesmith moat lykwols tajaan dat er net wit wat de Omega 13 docht, om't er gjin echte kaptein is, mar in akteur dy't in rol spile. En wat de Omega 13 krekt is of docht hat nea yn in skript stien. Hy lit Sarris de "histoaryske dokuminten" sjen dêr't Mathesar-en-dy harren troch liede litten hawwe, en Sarris sjocht fuortendaliks dat it inkeld fermaak is en neat mei de wurklikheid út te stean hat. Hy twingt Nesmith om dat út te lizzen oan 'e desyllúzjonearre Mathesar.
Sarris aktivearret it selsferneatigingsmeganisme fan 'e Protector en giet werom nei syn eigen romteskip. Hy hjit syn trewanten om 'e Thermianen yn in fertrek op te sluten mei in lytse iepening nei de romte, sadat se stadichoan troch ferstikking omkomme sille noch foar't de Protector ûntploft. Nesmith en de oare akteurs moatte opsletten wurde yn in luchtslûs om harren út te smiten yn it fakuum fan 'e romte. Nesmith betinkt lykwols in ienfâldige mûklist om mei help fan Dane harren neat te skrandere bewekkers te oermasterjen. As dat slagge is, stjoert er Dane derop út om it libben fan 'e Thermianen te rêden, wylst Kwan, Guy en de froulike Thermiaan Laliari de restearjende trewanten fan Sarris útskeakelje, en hysels en Gwen it selsferneatigingsmeganisme útsette.
Dane moetet ûnderweis troch it skip de Thermiaanske skipsdokter Quellek, dy't oan 'e trewanten fan Sarris ûntkommen is. Tegearre besykje se de romte iepen te brekken dêr't de oare Thermianen opsletten binne. Underwilens teleportearret Kwan it rotsmeunster fan 'e planeet nei it plak yn it skip dêr't de measten fan Sarris syn mannen har sammele hawwe om ôfhelle te wurden foar de weromkear nei harren eigen skip. It meunster makket koarte metten mei harren. Neitiid kin Kwan fan op ôfstân de romte mei de Thermianen wer luchtticht meitsje, wêrnei't Dane en Quellek harren befrije kinne.
Wylst Kwan en Laliari, dy't fereale opinoar rekke binne, harrensels ta ôfgriis fan Guy oerjouwe oan in potsje yntersoartlik frijen, binne Nesmith en Gwen ûnderweis om it selsferneatigingsmeganisme út te setten. Om't net ien fan beiden wit hoe't se dat dwaan moatte of sels mar wêr't it krekt sit, skillet Nesmith fia it kommunikaasje-apparaatsje dat er earder op 'e konvinsje kwytrekke is syn fan Brandon op, dy't alles wit dat der oer Galaxy Quest te witten is. Hy en syn maten loadse Nesmith en Gwen nei it hert fan 'e Protector ta, dwers troch de Omega 13 hinne. Brandon ynformearret harren dat de Omega 13 wierskynlik net, sa't de Thermianen miene, in wapen is mei de potinsje om in ein te meitsjen oan alle libben yn 'e Molkewei, mar ynstee in tiidmasine mei it fermogen om 'e tiid trettjin tellen werom te setten. Wannear't Nesmith en Gwen einlings trochkrongen binne yn it hert fan it skip, slagget it harren troch it folgjen fan Brandon syn ynstruksjes om 'e selsferneatiging ôf te brekken.