Escape from Alcatraz is in Amerikaanske histoaryske skriller út 1979 ûnder rezjy fan Don Siegel, mei yn 'e haadrollen Clint Eastwood en Patrick McGoohan. De titel betsjut "Untsnapping út Alcatraz". De film waard basearre op it non-fiksjeboek fan J. Campbell Bruce en giet oer de histoaryske finzenisútbraak út 'e swierbefeilige Amerikaanske Federale Finzenis Alcatraz op it eilân mei deselde namme yn 'e Baai fan San Francisco troch Frank Morris en de bruorren John en Clarence Anglin yn juny 1962. Escape from Alcatraz krige oer it algemien tige positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.
Plot Yn jannewaris 1960 wurdt Frank Morris, in útsûnderlik yntelliginte krimineel dy't al út in stikmannich tichthuzen útbrutsen is, oerpleatst nei de swierst befeilige Federale Finzenis Alcatraz op it eilantsje Alcatraz yn 'e Baai fan San Francisco. De finzenisdirekteur lit de de nije finzene by him bringe om him yn te printsjen dat Alcatraz unyk is yn it finzeniswêzen fan 'e Feriene Steaten, mei't der noch nea in súksesfolle útbraak west hat. Mocht it in finzene al slagje om út it swierbewekke finzeniskompleks te ûntsnappen, dan moat er noch 2 km swimme troch seewetter dat it meastepart fan it jier te kâld is om lang yn te oerlibjen. Boppedat stiet der in sterke streaming dy't swimmers nei iepen see spielt en komme der ek wite haaien foar dy't wol in swimmer meie. Wylst de waanwize direkteur útwreidet oer de finzenis, drukt de op foechsume mominten jaknikkende Morris fan it buro fan 'e man in neilskjirke efteroer.
De folgjende dagen komt Morris yn 'e kunde mei de finzenis en de dêr jildende wizânsjes. Teffens moetet er de oare finzenen, fan wa't er befreone rekket mei de eksintrike Litmus, in âldman dy't fan neigesetsjes hâldt en in mûs as húsdier hat; de finzenisbibletekaris English, in swarte man dy't yn it Amerikaanske Suden twa kear libbenslang krigen hat om't er út selsferdigening in pear blanken deade hat; en de âldere Doc, dy't foarhinne op Alcatraz grysanten kweekte en no portretten skilderet.
Morris makket ek in swarde fijân yn 'e foarm fan in poatige finzene dy't Wolf hjit. As de beide mannen neaken njonkeninoar ûnder de dûs steane, jout Wolf oan dat er Morris wol sitten sjocht en seks mei him hawwe wol. As Morris dêr freonlik foar betanket, seit Wolf dat neesizzen gjin opsje is. Dêrop jout Morris him in wan bruien om syn stânpunt te fertsjutskjen. Letter falt Wolf Morris by it luchtsjen op it binnenplak fan it tichthûs oan mei in eigenmakke knyft. Morris ferdigenet himsels troch syn jas om syn earm te wuoljen en dêrmei de stekken ôf te warjen. As de sipiers de fjochtpartij opbrekke, ferwûnet Wolf ien fan harren. Dêrop wurdt hy foar ûnbeskate tiid yn ien fan in groepke isolearsellen smiten dy't mei-inoar "it Gat" hjitte. Morris bedarret dêr ek om't er fochten hat, mar foar folle koartere tiid. Yn 'e isolearsel wurde de finzenen de hiele dei yn folslein tsjuster holden en op ûngeregelde tiden tramtearre troch harren wiet te spuitsjen mei in brânspuit.
Wannear't Morris nei ferrin fan tiid weromkeare mei nei syn sel, is er mear as earder wisberet om in wei út Alcatraz te finen. Underwilens ûntdekt de sadistyske finzenisdirekteur dat Doc in portret fan him skildere hat. Hoewol't it in goede likenis is, sjit him dat yn it ferkearde kielsgat en ferbiedt er dat Doc ea noch skilderje mei. De wredens dy't sprekt út it ôfnimmen fan it iennichste fersetsje dat in âldman hat, stiet de finzenen en ek in soad sipiers tsjin, mar der is neat oan te dwaan, mei't de direkteur op Alcatraz it lêste wurd hat. Doc rekket wei yn in klinyske depresje en yn it wurkplak fan 'e finzenis brûkt er in fjoerskerpe bile om himsels de fingers fan 'e lofterhân ôf te houwen. Hy wurdt ôffierd, wêrnei't Morris de fingers byinoar siket en se oerlanget oan 'e sipier dy't Doc de bile jûn hie.
Om dyseldichste snuorje hinne wurdt der in nije finzene yn 'e sel njonken Morris sines pleatst, de knoffelige autodief Charley Butts. Net folle letter wurde der noch twa nije finzenen oerpleatst nei Alcatraz. Dat binne de bruorren John en Clarence Anglin, in pear bankrôvers mei wa't Morris earder yn in oare finzenis befreone rekke is. Underwilens hat Morris opmurken dat it beton yn syn sel, om 'e iepening hinne dêr't it fentilaasjeroaster sit, ôfbroazelet. Hy ornearret dat it nei desennia troch de sâlte seelucht oantaast is. Dat jout oanlieding ta it betinken fan in ûntsnappingsplan om it stellen neilskjirke te brûken foar it útbeiteljen fan it roaster út it fentilaasjegat en it gat safolle te fergrutsjen dat der (mei muoite) in folwoeksen man troch kin. Fia de romte tusken de sellen, dêr't de elektrisiteitskeabels en buizen foar wetterlieding en rioelearring rinne, soe sa'n man dan op 'e rige sellen klimme kinne om dêrwei troch in fentilaasjeskacht yn it dak út it finzeniskompleks te ûntkommen.
Yn 'e folgjende moannen bringe Morris, de bruorren Anglin en Butts dat plan yn 'e praktyk. Se beitelje mei stellen leppels it fentilaasjeroaster yn harren sellen út 'e muorre en fergrutsje it dêrtroch ûntstiene gat. De betonbrokjes bringe se wei ûnder it luchtsjen. Se meitsje fan papier-masjee ynsetstikjes foar de muorre dêr't se it fentilaasjeroaster yn fêstmeitsje. Dy ynsetstikjen wurde foar de gatten yn 'e selmuorren set. Butts docht in oanfraach om skilderje te meien, wat ynwillige wurdt, wêrnei't de fjouwer finzenen syn ferve brûke om it ynsetstik fan papier-masjee deselde kleur as de rest fan 'e selmuorre te jaan. Se meitsje ek koppen fan papier-masjee, dy't se ûnder de tekkens wei stekke op nachten dat se troch it gat geane om op it dak fan 'e sellen oan it wurk. Dêr boarret Morris mei in eigenmakke boarmasine fan in boarkop en in stellen fentilator de skroeven fan 'e kap fan it fentilaasjekanaal út, wylst de bruorren Anglin fan stellen reinjassen in provisoaryske rêdingsboei yninoar nifelje.
Op in dei ûnder it miel set Morris in grysant op 'e tafel ta eare fan Doc, mar as de direkteur dat sjocht, stapt dy derop ôf, pakt de blom ôf en knypt him fyn, om't it tsjin 'e regels wêze soe. Litmus ûntstekt yn grime en wol de direkteur oanfleane, mar hy kriget in hertoanfal en komt op slach te ferstjerren. Morris is poerrazen oer de hiele gong fan saken, mar hy behearsket him om it ûntsnappingsplan net yn gefaar te bringen. De blik fol haat dy't er de direkteur tawerpt, is foar de direkteur lykwols oanlieding om in trochsiking fan Morris syn sel te beoarderjen. Morris makket in pear eangstige mominten troch, mar de ynset fan papier-masjee is sa oertsjûgjend dat der neat fûn wurdt. Nettsjinsteande dat jout de direkteur neitiid oan 'e sipiers opdracht om Morris kommende tiisdei yn in oare sel te pleatsen. Morris wurdt dêr net yn 't foar oer ynljochte, wylst de ûntsnapping pland stiet foar tiisdeitejûns. De folgjende deis wurdt lykwols einlings Wolf út 'e isolearsel litten, en hy lit Morris witte dat er mei gauwens wraak nimme sil. Dêrom beslute Morris-en-dy de ûntsnapping de folgjende deis al te prebearjen, op moandeitejûn, wêrmei't se sûnder erch har eigen ûntsnappingsplan rêde. Moandeitemiddeis, by it luchtsjen, sil Wolf wer mei in eigenmakke knyft op Morris los, mar English, dy't oan it haad stiet fan alle swarte finzenen yn Alcatraz, ûnderskept him en twingt him om syn plan út te stellen.
Dy jûns litte Morris en de bruorren Anglin de koppen fan papier-masjee op harren bêden efter, glûpe fuort troch de gatten yn 'e muorren en klimme op 'e sellen. Butts doar it op it lêste momint net oan en bliuwt gûlend yn syn sel efter. Morris, dy't it múske fan Litmus meinimt, en de Anglins ûntsnappe troch de fentilaasjeskacht nei it dak fan it finzeniskompleks, ûntwike de sykljochten fan 'e bewekkers, klimme oan in reinwetterpiip by de muorren del, kladderje oer in heech stek hinne mei stikeltrie boppe-op en sykje har wei oer it eilân nei de kust. Butts beslút lang om let dochs om mei, mar ienris op 'e sellen kin er net by it te hege traaljewurk fan 'e fentilaasjeskacht, in obstakel dêr't de oare mannen inoar by op holpen hawwe. Der sit foar him neat oars op as werom te gean nei syn sel om te stúmjen oer de miste kâns. Oan 'e kust fan it eilân blaze Morris en de bruorren Anglin harren rêdingsboei op en sette swimmend fan Alcatraz ôf.
De oare moarns, as de ûntsnapping ûntdutsen wurdt, begjint der in grutte speurtocht nei de trije ûntsnapten. Stikjes reinjas en guon persoanlike eigendommen fan 'e mannen wurde driuwend op it wetter fan 'e Baai fan San Francisco weromfûn. In sipier bringt op 't aljemint dat se dy wolris mei opsetsin efterlitten hawwe kinne om it lykje te litten as binne se ferdronken, mar de direkteur hâldt koppich fol dat Morris-en-dy wier de drinkeldea stoarn wêze moatte. By in syktocht op Angel, in oar eilantsje yn 'e baai, treft er sels oan 'e kust lykwols in grysant oan, dy't er wifkjend oppakt. Fuort letter kriget er berjocht dat er nei Washington, D.C. ta roppen is om ferantwurding ôf te lizzen oan syn superieuren.
In yn byld brochte tekst fertelt dat noch de trije ûntsnapte mannen, noch harren stoflike omskotten ea fûn binne. De Federale Finzenis Alcatraz waard minder as in jier letter sletten.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Frank Morris Clint Eastwood de finzenisdirekteur Patrick McGoohan
byrollen personaazje akteur/aktrise Charley Butts Larry Hankin Litmus Frank Ronzio Doc Dalton Roberts Blossom English Paul Benjamin Wolf Grace Bruce M. Fischer Clarence Anglin Jack Thibeau John Anglin Fred Ward Johnson Fred Stuthman Wagner David Cryer sipier Zimmerman Madison Arnold sipier by gefjocht Blair Burrows Beck Don Michaelin selblokhaad Ray K. Goman Bobs Jason Ronard Cranston Ed Vasgersian Stone Ron Vernan Lucy Butts Regy Baff ûnderdirekteur Hank Brandt dochter fan English Candace Bowen swarte finzene Danny Glover
Produksje en distribúsje Produksje It skript foar Escape from Alcatraz waard skreaun troch senarioskriuwer Richard Tuggle op basis fan it non-fiksjeboek Escape from Alcatraz fan J. Campbell Bruce út 1963. Dêropta hie Tuggle ek sels in healjier spandearre oan it dwaan fan research nei de Federale Finzenis Alcatraz en de útbraak fan juny 1962. Hy gie mei it senario nei it Writers Guild of America, it fakbûn fan senaristen, en krige in list fan literêr aginten dy't wolris ûnfregre manuskripten akseptearren. Tuggle levere by elts fan harren in kopy fan syn senario yn, en brocht it ek by alle oaren út 'e filmyndustry fan Hollywood ûnder de oandacht dy't er safier krije koe om it te lêzen.
It skript waard troch eltsenien ôfwiisd. Neffens de feedback dy't Tuggle krige, wie de dialooch net goed genôch en de personaazjes likemin, wylst der romantyk oan ûntbriek. Fierders waard him ferteld dat it Amerikaanske publyk neat joech om finzenisferhalen. Tuggle liet de moedfearren lykwols net hingje, mar besleat om 'e aginten, filmprodusinten en studiobazen gewurde te litten en ynstee streekrjocht kontakt op te nimmen mei regisseurs. Hy skille de ympressario fan regisseur Don Siegel op en liigde dyselde foar troch te sizzen dat er Siegel op in feest met hie en dat dyselde belangstelling toand hie foar it senario. De ympressario stjoerde it skript doe troch oan Siegel, dy't der wol wat yn seach.