Justice League is in Amerikaanske superheldefilm út 2017 ûnder rezjy fan Zack Snyder en Joss Whedon, mei yn 'e haadrollen Ben Affleck en Gal Gadot. De titel betsjut "Liga fan Rjochtfeardichheid". De film giet oer it superheldeteam mei deselde namme út 'e strips fan útjouwerij DC Comics, en makket diel út fan 'e filmsearje fan it DC Extended Universe. Hy folget as sadanich op Wonder Woman en giet foarôf oan Aquaman. It ferhaal fan Justice League folget Batman en Wonder Woman as dy beiden nei de dea fan Superman yn Batman v Superman: Dawn of Justice (2016) ferskate oare superhelden sammelje om 'e Ierde te ferdigenjen tsjin 'e supersmjunt Steppenwolf en syn leger fan bûtenierdske parademoanen.

De produksje fan Justice League rekke yn 'e swierrichheden doe't Snyder omreden fan it ferstjerren fan syn dochter oan it begjin fan 'e postproduksjefaze ôfstân die fan syn posysje as regisseur. Whedon naam it wurk doe fan him oer, mar hy feroare it senario en die reshoots fan har eltse sêne, sadat it in folslein oare film waard as wat Snyder foar eagen stien hie. Fan 'e filmkritisy krige Justice League negative resinsjes. Yn 'e bioskopen wie de film kommersjeel súksesfol, mar net súksesfol genôch om út 'e kosten te kommen mei ien fan 'e djoerste produksjebudgetten út 'e filmskiednis en dêroerhinne noch tige mânske útjeften op it mêd fan marketing. It feroarjen fan it oarspronklike ferhaal troch Whedon lokke fûleindige krityk út fan 'e fans, mar ek fan leden fan 'e cast. De oanhâldende krityk late yn 2021 ta it útbringen fan in director's cut fan 'e film troch Zack Snyder. Dat wie eins in folslein oare film, dy't bekend kaam te stean as Zack Snyder's Justice League.

Plot Fiiftûzen jier lyn besocht de supersmjunt Steppenwolf mei syn legerskaren fan bûtenierdske, troch gefoelens fan eangst oanlutsen parademoanen de Ierde te feroverjen troch de enerzjy fan 'e trije 'Memmekisten' te kombinearjen. Syn krewearjen waard lykwols dwerseide troch in ferbûn fan 'e Olympyske goaden, de Amazônes, de Atlanten en de minskheid, stipe troch teminsten ien bûtenierdsk wêzen (in Griene Lantearne). Nei't Steppenwolf ferslein wie en twongen ta in fernederjende ôftocht, waarden de trije Memmekisten útinoar helle. Ien waard yn bewarring jûn oan 'e Amazônes en kaam neitiid ûnder oanhâldende bewekking op Themyscira, it eilân fan 'e Amazônes. De twadde waard yn bewarring jûn oan 'e Atlanten, dy't it ding sekuer bewekken op 'e boaiem fan 'e oseaan. De trêde waard yn bewarring jûn oan 'e minskheid en yn it djipste geheim op in ûnbekend plak bedobbe.

Yn 'e tsjintwurdige tiid is de minskheid twa jier nei de dea fan Superman (sjoch: Batman v Superman: Dawn of Justice) noch altyd yn rou. Troch it hommels weifallen fan dy krigele superheld binne de trije Memmekisten reäktivearre, wat in noch altyd op wraak sinnende Steppenwolf weromhelle hat nei de Ierde. Syn bedoeling is om 'e Memmekisten op te spoaren en se wer mei-inoar te ferbinen, sadat er harren kombinearre enerzjy brûke kin om 'e ekology fan 'e Ierde te ferdylgjen en yn it stee dêrfan de planeet te terrafoarmjen yn it wjerbyld fan syn eigen helske thúswrâld. Hy spoart al rillegau de Memmekiste fan 'e Amazônes op Themyscira op, dêr't er de bewekjende Amazônes en keninginne Hippolyta ferslacht, de Memmekiste stelt en útpykt foar't de legioenen fan 'e Amazônes him tsjinkeare kinne. Hippolyta brûkt neitiid in oerâld synjaal om har dochter Wonder Woman te warskôgjen, dy't al mear as hûndert jier middenmank de minsken libbet ûnder de skûlnamme Diana Prince.

Underwilens is Bruce Wayne, oftewol Batman, mei help fan syn butler Alfred Pennyworth dwaande mei it sykjen nei oare superhelden, sadat se harren ferienje kinne foar de ferdigening fan 'e Ierde tsjin bedrigings fan bûtenôf. Nei't de warskôging fan har mem dat Steppenwolf weromkeard is har berikt hat, jout Diana har by him. Wayne spoart Arthur Curry op, dy't as Aquaman, de soan fan keninginne Atlanna fan Atlantis boppenatuerlike krêften yn 'e see hat, mar it slagget him net om dyselde te bepraten en smyt de lapen mei him gear. Hy hat mear súkses mei Barry Allen, in jongeman dy't as The Flash it fermogen hat om flugger te bewegen as it each folgje kin. De sosjaal ûnhandige Allen kin wol wat freonen brûke, dat hy jout him entûsjast by Wayne-en-dy. Underwilens nimt Diana kontakt op mei Victor Stone, in jongeman dy't deadlik ferwûne rekke is by in ûngemak, mar troch syn heit, de wittenskipper Silas Stone, yn libben holden is troch syn ferlern giene lichemsdielen te ferfangen troch masine-ûnderdielen, sadat er Cyborg wurden is.

Stone wifket oer it foarstel fan Diana, mar wurdt oerhelle troch tadwaan fan Steppenwolf, dy't syn heit en ferskate oare wurknimmers fan it laboratoarium S.T.A.R. Labs ûntfiert. It docht nammentlik bliken dat de Memmekiste dy't oan 'e minskheid yn bewarring jûn wie, ûnder de Earste Wrâldoarloch fûn is troch Britske argeologen. Fia-fia is er úteinlik by de S.T.A.R. Labs bedarre, dêr't er nei syn reäktivearring nei de dea fan Superman troch Silas Stone brûkt waard om it libben fan Victor Stone te rêden. Steppenwolf hat it spoar fan 'e minskene Memmekiste oan it laboratoarium ta folge, en besiket troch ûnderfreging fan 'e wurknimmers te efterheljen wêr't it artefakt belâne is, net wittende dat Victor Stone it stellen hat om foar te kommen dat syn heit it foar fierdere eksperiminten op him brûke soe.

Underwilens set Steppenwolf nei de boaiem fan 'e oseaan ta om 'e Atlantyske bûtenpost oan te fallen dêr't de Memmekiste bewarre wurdt dy't de Atlanten op 'e noed hawwe. Hy deadet de bewekkers en ferslacht prinsesse Mera fan Xebel, wêrnei't er útpykt mei Memmekiste. Curry komt te let om him tsjin te kearen, mar wurdt troch dit foarfal twongen om him te betinken en him dochs by Wayne-en-dy te jaan. Wayne en Diana sette mei Allen en Stone in rêdingsaksje op tou foar de S.T.A.R. Labs-wurknimmers, dy't Steppenwolf nei in tunnelstelsel ûnder in eilantsje yn 'e haven fan Gotham City bringe litten hat. Se komme krekt op 'e tiid om Stone syn heit en de oaren te rêden, mar ferdrinke op in hier nei as Steppenwolf de tunnels lek slacht, sadat it seewetter nei binnen ta spielt. Inkeld troch de tidige oankomst fan Curry, dy't ommers macht oer de see hat, oerlibje se dy konfrontaasje.

Neitiid hellet Stone de trêde Memmekiste foar 't ljocht út it sideplak dêr't er it ding weibrocht hie. It is dúdlik dat sy fiifresom net tsjin Steppenwolf opkinne. Wayne beslút dat se de Memmekiste brûke moatte om Superman wer út 'e dea op te wekjen, net inkeld om Steppenwolf te ferslaan, mar ek om 'e minskheid wer hoop te jaan. Stone en Allen liket dat harren bêste opsje ta. Diana en Curry binne skeptysk, mar geane úteinlik akkoart. Allen en Stone grave it lichem fan Clark Kent op en bringe him nei it Kryptoanyske ferkenningsskip yn 'e haven fan Metropolis (sjoch: Batman v Superman: Dawn of Justice), dêr't se it wûnderlik goed bleaune stoflik omskot yn 'e amnioatyske floeistof fan 'e genesiskeamer lizze. Wannear't se de Memmekiste opstarte en yn 'e floeistof pleatse, wurdt Superman mei súkses wer ta libben brocht.

Hy lijt lykwols oan ûnthâldsferlies en falt de oare superhelden oan. Superman jout harren in bêst wan bruien oant Wayne syn reserveplan yn wurking stelt troch Kent syn oarehelte Lois Lane bringe te litten. As er har sjocht, kalmearret Superman, pakt har op en fljocht mei har nei it boerespultsje yn Smallville dêr't er opgroeid is. Dêr is nei syn dea troch de bank beslach op lein om't syn mem Martha de hypoteekôflossings net mear opbringe koe. Op dat beladen plak komt syn ûnthâld al rillegau werom. Lois skillet Martha op, dy't fuortendaliks delkomt en mei har pleechsoan weriene wurdt.

Underwilens is it Steppenwolf yn 'e gaos nei de weropstanning fan Superman slagge om 'e trêde Memmekiste te stellen doe't dy ûnbewekke efterbleau yn it Kryptoanyske ferkenningsskip. Hy bringt it ding by syn beide wjergaders yn in ferlitten kearnsintrale yn noardlik Ruslân, dêr't er mei de enerzjy fan 'e kombinearre Memmekisten úteinset mei it wer-terrafoarmjen fan 'e Ierde. Wayne, Diana, Allen, Stone en Curry reizgje dêrhinne om him tsjin te hâlden. Se klearje harrensels in paad troch it leger fan parademoanen om Steppenwolf sels te berikken, mar it slagget harren net om him langernôch ôf te lieden sadat Stone de Memmekisten útinoar helje kin. As de need it heechst is, arrivearret de Superman, dy't no wer hielendal de âlde is. Hy helpt Allen by de evakuaasje fan 'e Russyske boargers út it oanbuorjende doarp, jout Steppenwolf in pak op 'e hûd en assistearret Stone by it útinoar skuorren fan 'e Memmekisten. Dêrnei ferslane de superhelden mei syn seizen Steppenwolf foargoed. De smjunt rekket benaud foar harren, wat syn eigen parademoanen oanlûkt. Wylst er foar syn libben fjochtet tsjin in hiele kliber parademoanen wurdt Steppenwolf foar de twadde kear fan 'e Ierde ferballe.

Nei de striid sette Wayne en Diana in haadkertier op foar harren nije organisaasje fan superhelden, dy't se de Justice League neame (de "Liga foar Rjochtfeardichheid"). Wayne foarsjocht in tafel mei seis sitten; Diana heakket dêroan ta: "Mei romte foar mear." Diana, dy't sûnt de Earste Wrâldoarloch in weromlutsen bestean laat hat, bejout har op oantrúnjen fan Wayne as superheldinne wer yn 'e publisiteit. Underwilens bemachtiget Allen, mei help fan syn nije freonen, in baantsje by in kriminologysk laboratoarium yn syn wenplak Central City, mei as úteinlik doel om 'e ûnskuld fan syn heit Henry te bewizen, dy't feroardiele is ta in libbenslange finzenisstraf foar de moard op Allen syn mem. Stone wurket gear mei syn heit Silas om syn nije fermogens fierder te ûntwikkeljen en better yn 'e macht te krijen. Curry keart werom nei see en Superman nimt as syn alter ego Clark Kent syn âlde berop as sjoernalist wer op. It boerespultsje dêr't er opgroeid is, wurdt wer eigendom fan syn mem nei't miljonêr Wayne de bank opkocht hat dêr't hja har hypoteek by útstean hie.

Yn in sêne healwei de ôftiteling beslute The Flash en Superman in wedstrydsje te dwaan om te sjen wa fan har beiden it earst de Amerikaanske westkust berikke kin.

Yn in sêne dy't nei ôfrin fan 'e ôftiteling folget, is Lex Luthor, de aartsfijân fan Superman, ûntsnapt út it Arkham Asylum. Hy rekrutearret Slade Wilson, alias Deathstroke, om syn eigen ferbûn fan supersmjunten te begjinnen.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise        Bruce Wayne / Batman Ben Affleck Diana Prince / Wonder Woman Gal Gadot

byrollen personaazje akteur/aktrise Barry Allen / The Flash Ezra Miller Victor Stone / Cyborg Ray Fisher Arthur Curry / Aquaman Jason Momoa Clark Kent / Superman Henry Cavill Alfred Pennyworth Jeremy Irons Steppenwolf Ciarán Hinds Lois Lane Amy Adams Martha Kent Diane Lane keninginne Hippolyta fan 'e Amazônes Connie Nielsen kommissaris James Gordon J.K. Simmons prinsesse Mera van Xebel Amber Heard dr. Silas Stone Joe Morton Henry Allen Billy Crudup lieder fan groep terroristen Michael McElhatton ynbrekker Holt McCallany Zeus Sergi Constance Ares Nick McKinless (lichem)David Thewlis (gesicht) Artemis Aurore Lauzeral kening Atlan fan Atlantis Julian Lewis Jones kening Arthur Francis Magee Slade Wilson / Deathstroke Joe Manganiello (cameo) Lex Luthor Jesse Eisenberg (cameo) plysjeman Marc McClure (cameo)

Produksje en distribúsje Produksje In superheldefilm oer de Justice League út 'e strips fan útjouwerij DC Comics waard al yn febrewaris 2007 troch filmstudio Warner Bros. taret, mar it projekt waard foar jierren op 'e lange baan skood omreden fan produksjefertragings, ôffallende resultaten fan oare superheldefilms en budgetêre soargen. Uteinlik waard Justice League dochs makke as ûnderdiel fan 'e DC Extended Universe-filmsearje. Zack Snyder waard ynhierd as regisseur, dy't earder ek de foargeande dielen Man of Steel (2013) en Batman v Superman: Dawn of Justice (2016) regisearre hie. Foar Justice League wurke er op basis fan in senario dat skreaun wie troch Chris Terrio.