Katyń (de Poalske namme foar Katyn) is in Poalske film fan de regisseur Andrzej Wajda oer de moardnerij fan Katyn yn 1939 yn opdracht fan Joazef Stalin. De film gie op 17 septimber 2007 yn premjêre, 68 jier nei de ynfal fan de Sovjet-Uny op Poalen, en is basearre op it boek "Post mortem: Katyń" fan Andrzej Mularczyk.

Ferhaal De film begjint op 17 septimber 1939 as op in brêge grutte kloften flechtlingen út it westen flechtlingen út it easten tsjinkomme. De flechtlingen út it westen roppe dat de Dútsers efter harren oan komme, wylst de flechtlingen út it easten dat oer de Russen roppe. Anna is mei har dochter ien fan 'e flechtlingen dy't foar de Dútsers besiket te flechtsjen. Har man Andrzej tsjinne as ofsier yn it Poalske leger, dat yntusken ferslein is. De soldaten mochten nei hûs, mar de Russen holden de ofsieren noch finzen. Anna wit út te fiskjen wêr't har man is en slagget der nei in lange reis yn him te sjen. Hja besiket him oer te heljen mei har mei werom te gean, mar har Andrzej wegeret syn eed te brekken en wurdt mei oare ofsieren yn 'e trein deportearre nei de Sovjet-Uny.

Yn Krakau slagge de nazy's yntusken foar master op. Dêr wurde op 6 novimber 1939 alle yntellektuelen fan 'e universiteit fan Krakau oproppen om te harkjen nei in taspraak fan de nazy Müller. De heit fan Andrzej is professor oan de universiteit en moat ek nei de ferplichte taspraak ta. Dêr krije de yntellektuelen yn in ûnbeskofte taspraak te hearren dat hja sûnder tastimming fan de besetter les jouwe en dat soks in fijannige hanneling tsjin Dútslân is. Om't neffens de nazy de universiteit in fijannich bolwurk tsjin Dútslân en de Sovjet-Uny is, wurdt dy fuortendaliks sletten. Alle oanwêzigen wurde oppakt en nei konsintraasjekampen stjoerd.

Rolferdieling Artur Żmijewski: Andrzej Maja Ostaszewska: Anna, frou fan Andrzej Andrzej Chyra: Jerzy (8. Ulanen-Rezjimint) Jan Englert: Generaal Danuta Stenka: Róża, syn frou Magdalena Cielecka: Agnieszka Agnieszka Glińska: Irene, suster fan Agnieszka Paweł Małaszyński: Piotr, broer fan Agnieszka Maja Komorowska: mem fan Andrzej Władysław Kowalski: heit fan Andrzej Antoni Pawlicki: Tadeusz Joachim Paul Assböck Obersturmbannführer Müller Sebastian Bezzel: Dútske propaganda-ofsier Stanisława Celińska: Stasia, tsjinstfaam Alicja Dąbrowska: toanielspylster (Antigone) Krzysztof Kolberger: Preester Olgierd Łukaszewicz: Kapelaan

Prizen De film waard foar in Oscar nominearre foar de bêste bûtenlânske film. Dêrnjonken wûn de film 14 prizen en waard de film nochris 13 kear nominearre foar in ûnderskieding.IMDb

Histoaryske eftergrûn thumb|260px|Fynst fan de massagrêven yn Katyn yn 1943 Op 23 augustus 1939 waard tusken Nazy-Dútslân en de Sovjet-Uny it Molotov-Ribbentroppakt sletten. Njonken de ôfspraak inoar net oan te fallen wie dêr ek in protokol dat de ferdieling fan Poalen tusken de lannen regele. Op 1 septimber 1939 foel Dútslân Poalen binnen. Trije wike letter foel ek de Sovjet-Uny Poalen binnen. Njonken militêren waarden ek troch Ruslân yntelligentsia oppakt en nei Ruslân deportearre.

Katyn is in doarp yn Ruslân, likernôch 20 kilometer west fan Smolensk. De bosken dêr waarden troch de NKVD brûkt as eksekúsjeplak. It wie ien fan de trije lokaasjes dêr't de NKVD yn opdracht fan Stalin likernôch 25.700 Poalske boargers, preesters en militêren fermoarden.

Keppelings om utens IMDb Moviemeter

Kategory:Poalske histoaryske film Kategory:Poalske oarlochsfilm Kategory:Poalske dramafilm Kategory:Histoaryske oarlochsfilm Kategory:Film út 2007 Kategory:Poalsktalige film Kategory:Film oer de Twadde Wrâldkriich yn Jeropa en Afrika Kategory:Film oer in oarlochsmisdie Kategory:Film oer in besetting Kategory:Film basearre op wiere foarfallen