De Sint-Martinusmûne oan de Molenhoek is in rûne stiennen bultmûne yn it Gelderske plak Didam.
Skiednis De mûne waard boud yn de jierren 1854-1855 en hie gjin foargonger. De Martinusmûne hat dêrnei ferskillende eigners hân.
Yn 'e jierren 1950 waard der in oaljehannel yn ûnderbrocht en alhoewol't ek de hannel yn moal útwreide waard, wie dat foar in part elektrysk.
Der ûntstie yn 'e nacht fan 11 nei 12 novimber 1964 brân yn 'e mûne, mar om't de eigner en brânwar der op 'e tiid by wiene, koe de skea beheind bliuwe. De mûne bleau oant 1973 yn bedriuw. Yn dat jier waard de mûne stilset fanwegen in losse roede.
In wenningboukoöperaasje kocht yn 2004 de mûne oer en liet de mûne yn 2007 mealree restaurearje.
Hjoed-de-dei hat de stifing Sint-Martinusmûne it behear oer de mûne.
Beskriuwing De Sint-Martinusmûne is in rûne stiennen bultmûne. De wjukken hawwe in flecht fan 23,70 meter en binne útrist mei it systeem fan Bussel (binnenroede) mei Ten-Have-kleppen en it systeem Fauel (bûtenroede).
Keppeling om utens Molendatabase
Kategory:Didam Kategory:Mole yn Gelderlân Kategory:Ryksmonumint yn Gelderlân Kategory:Bouwurk yn Montferlân (gemeente) Kategory:Nôtmole Kategory:Bultmole Kategory:Bouwurk út 1855