1917 (útspr.: Nineteen Seventeen) is in Britsk-Amerikaanske anty-oarlochsfilm út 2019 ûnder rezjy fan Sam Mendes, mei yn 'e haadrollen George MacKay en Dean-Charles Chapman. De titel ferwiist nei it jier 1917. It ferhaal folget twa Ingelske soldaten dy't ûnder de Earste Wrâldoarloch oan it Westfront tsjinje middenmank de ferskrikkings fan 'e rinfuorgekriich. Hja krije opdracht in wichtich boadskip oer te bringen om in ta mislearring doemde oanfal op 'e Dútske liny tsjin te hâlden, en moatte dêrfoar gebiet trochkruse dat yn 'e hannen is fan 'e fijân. Fan 'e filmkritisy krige 1917 oer it algemien positive resinsjes, en yn 'e bioskopen wie de film in kommersjeel súkses. 1917 wûn yn 2020 trije Oscars, twa Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Film – Drama), sân BAFTA's en in grut tal oare prizen.
Plot Op 6 april 1917 kriget Tom Blake, in korporaal yn it Britske Leger dy't yn 'e Earste Wrâldoarloch oan it Westfront yn noardlik Frankryk tsjinnet, fan syn sersjant befel om by de kommandant fan syn rezjimint te kommen mei ien oare soldaat fan syn eigen kar. Blake kiest syn bêste freon, korporaal Will Schofield, in feteraan fan 'e Slach oan 'e Somme. Yn it rezjimintaal haadkertier is generaal Erinmore oanwêzich, dy't it befel fiert oer dit hiele stik fan 'e frontliny. Hy fertelt de beide korporaals dat de Britske loftferkenning útwiisd hat dat de resinte weromtocht fan it Keizerlike Dútske Leger oan dit diel fan it front gjin ôftocht mar in strategyske weromlûking is nei de nije, sterkere Hindenburgliny. Dêr wachtsje de Dútsers mei in oerweldigjende oermacht oan artillery om 'e Britske troepen oan grôt te sjitten wannear't dy stjoerd wurde om te profitearjen fan 'e Dútske weromtocht.
Mei't de Dútsers as "farwolgeskink" de fjildtillefoanlinen fan it Britske Leger trochsnien hawwe, kin generaal Erinmore net al syn ûnderbefelhawwers berikke om harren op 'e hichte te stellen fan 'e Dútske falstrik. It 1.600 man tellende 2e Bataljon fan it Devonshire Rezjimint sil de oare moarns ier oanfalle. Erinmore wol dat Blake en Schofield skriftlike oarders fan him oerbringe oan 'e befelfierder fan dy ienheid, luitenant-kolonel Mackenzie. Om 'e posysjes fan it Devonshire Rezjimint op 'e tiid te berikken, moatte se troch gebiet dat oant hiel resint yn 'e hannen fan 'e fijân wie, dat it is in gefaarlik putsje. Blake is mei opsetsin útkeazen om't syn âldere broer Joe in luitenant yn it Devonshire Rezjimint is, sadat hy alle motivaasje hawwe sil om derfoar te soargjen dat de oarders fan generaal Erinmore op 'e tiid by luitenant-kolonel Mackenzie arrivearje.
Blake en Schofield bejouwe har troch de grimelgrammel fan Britske rinfuorgen nei in plak dêr't se it nimmenslân yn 'e midden oerstekke kinne nei de rinfuorgen dy't oant koartby de Dútske frontliny foarmen. It nimmenslân is in platbombardearre, fan rotten optillende drekflakte fan 300 m breed, dy't fol leit mei de heal fergiene liken fan by eardere oanfallen omkommen Britske en Dútske soldaten. It gebiet wurdt fierder ûnbegeanber makke troch fertize stikeltrie en djippe, fol mei wetter steande bomkraters mei sokke steile kanten dat der net út te klimmen falt. As Blake en Schofield ienris de Dútske rinfuorgen berikke, blike dy yndie ferlitten te wêzen. Op 'e siik nei in trochgong by it front wei bedarje de beide mannen yn in ûndergrûnske barak, dêr't de Dútsers in falstrik mei in stroffeltrie oan in bom efterlitten hawwe, dy't prompt ôfgiet troch tadwaan fan in grouwe rôt. De resultearjende ûntploffing docht Schofield op in hier nei de dea, mar Blake graaft him út, wêrnei't er him halje-trawalje nei bûten ta liedt foar't de hiele ûndergrûnske barak ynstoart.
Efter de Dútske frontliny komme de beide korporaals by in Frânsk boerespultsje, dat blykber troch de Dútsers beset wie, mar no like ferlitten is as de rinfuorgen. It iennichste libbene wêzen dêrsanne is in ko, dy't de Dútsers blykber holden foar de molke; Schofield ûntdekt in amer dy't fol molke stiet, en follet syn fjildflesse dêrmei. Fuort letter wurde hy en Blake in loftgefjocht gewaar tusken twa Alliëarde dûbeldekkers en in Dútskenien. De Dútser wurdt rekke en stoart del boppe-op 'e skuorre fan it boerespultsje. Blake en Schofield helpe de piloat út syn brânende tastel, mar wannear't Blake Schofield om wetter foar de ferwûne man stjoert, stekt de Dútser him mei in grouwe knyft yn it weak fan 't liif. Schofield sjit de piloat dea, mar is te let om Blake noch te helpen. Wylst syn maat yn it stjerren leit, besiket Schofield him te treastgjen. Hy ûnthjit dat er meitsje sil dat de oarders fan generaal Erinmore op har bestimming oankomme sille, sadat Blake syn broer fan in wisse dea rêden wurdt. Ek seit er ta dat er in brief skriuwe sil oan Blake syn mem. Nei't syn maat stoarn is, nimt Schofield ien fan syn identifikaasjeplaatsjes, syn ringen en de oarders fan generaal Erinmore mei.
Kaptein Smith, in ofsier fan in passearjende Britske ienheid dy't him ek efter de Dútske frontlinys bejûn hat, jout Schofield in lift yn ien fan 'e legerfrachtweinen. As in pear oeren letter de brêge oer in kanaal opblaasd blykt te wêzen, en de ienheid dêrom in grutte omwei meitsje moat, seit Schofield harren farwol. Hy stekt de stikkene brêge oer, wêrby't er besketten wurdt troch in efterbleaune Dútske slûpskutter. Schofield wit nei in skottewikseling it gebou te berikken dêr't de slûpskutter him ferskûle hat, mar as er de doar fan it betreffende fertrek iependocht, sjitte hy en de slûpskutter tagelyk. De slûpskutter wurdt deadlik rekke, wylst Schofield sels de kûgel op 'e helm kriget en bewusteleas rekket.
As er wer by besleur komt, is it tsjuster. Schofield ferlit it gebou en siket by it skynsel fan ljochtkûgels, dy't troch de fijân ôfsketten wurde, syn paad troch de ruïnes fan it Frânske stedsje Écoust-Saint-Mein. As er troch in Dútske soldaat opmurken en efterfolge wurdt, ûntkomt er troch beskûl te sykjen yn it sûterrên fan ien fan 'e huzen. Dêr ûntdekt er dat er by tafal yn it skûlplak bedarre is fan in jonge Fransêze dy't har dêr foar de Dútsers ferberget mei in fûne poppe dy't net har eigen is. Hja fersoarget it skampskot dat Schofield oan 'e efterholle oprûn hat doe't er earder bewusteleas by de treppen deltrûdele. As er foar it ferstân kriget dat de frou gjin iten hat, jout er har alle ynblikke fiktaalje dy't er by him hat. Sy jout him lykwols te kennen dat se ferlet hat fan lait (molke) foar de poppe. Dêrop presintearret Schofield har triomfantlik syn fjildflesse mei molke. Om't de dage hast oan 'e loft is, stiet de frou der by him op oan om yn it sûterrên te bliuwen oant it wer tsjuster wurdt, mar nei't er deunby it slaan fan in tsjerkeklok heart, beseft Schofield dat er opsjitte moat as er de oarders fan generaal Erinmore noch op 'e tiid besoargje wol, dat hy negearret har smeekbeaen en set wer ôf.
Fan 'e frou is Schofield te witten kommen dat er de rivier fine moat en dy streamôf folgje oant er tusken beammen troch komt. Op 'e siik nei de rivier treft er op 'e nij inkele Dútske soldaten. Ien fan harren wurdt er oermânsk en smoart er, mar de oare komt him efternei as er útnaait. Efterfolge en besketten berikt Schofield úteinlik de rivier. Hy ûntkomt troch yn it wetter te springen en himsels troch de sterke streaming meiskuorre te litten. Hy wurdt troch streamfersnellings en oer in wetterfal spield, ear't er úteinlik heal ferdronken yn kalmer wetter bedarret. Wylst er him fêstklampet oan in tûke merkt er op in stuit dat der kersebluossems om him hinne deldwarrelje. Dat bringt him Blake wer yn 't sin, waans mem in lyts hôf mei kersebeammen hat dêr't Blake earder op 'e reis oer ferteld hat. By in beamstamme dy't oerdwers oer de rivier leit, wrakselet Schofield himsels tusken de dêr oanspielde liken fan Dútske en Alliëarde soldaten troch nei de igge ta.
Schofield doarmet troch in bosk, dêr't er in ôfdieling Britske soldaten fynt. It is no ljochtskyndei, en hy ferkeart yn 'e ûnderstelling dat er faald hat. As er lykwols fan 'e soldaten heart dat se by D Kompanjy fan it 2de Bataljon fan it Devonshire Rezjimint hearre, en dat se noch net mei de oanfal úteinset binne om't dy yn twa weagen útfierd wurdt, mei D Kompanjy yn 'e twadde weach, beseft er dat er alteast in diel fan it bataljon noch rêde kin. Wylst D Kompanjy oerein komt en de rinfuorgen yn giet om te risselwearjen foar de twadde weach, docht Schofield in lêste krêftsynspanning om luitenant-kolonel Mackenzie te berikken. Op in stuit beseft er dat de rinfuorgen te fol sitte mei soldaten en dat hy op dizze manear nea op 'e tiid it haadkertier fan it bataljon berikke sil. Dat, hy klimt derút en draaft der foarlâns, lykstrekich mei de rinfuorge op, krekt as de earste weach fan it 2e Bataljon de oanfal ynset. By it haadkertier oankommen, brekt er troch it ferset hinne fan in pear soldaten dy't him dêrwei hâlde wolle, wêrnei't er yn it bywêzen fan tsjûgen (sa't kaptein Smith him oanrikkemandearre hie) de oarders fan generaal Erinmore oerlanget oan luitenant-kolonel Mackenzie. Dyselde lêst se mei tsjinnichheid, mar jout dan befel om 'e oanfal ôf te brekken.
Neitiid begjint Schofield in syktocht nei Blake syn broer Joe, dy't as luitenant it befel fierde oer de soldaten fan 'e earste weach. Krekt as er de hoop opjaan wol dat er de man ea noch fine sil, wurdt er him gewaar: hy sit ûnder it bloed fan 'e ferwûnen dy't er holpen hat te dragen, mar hat sels gjin skramke oprûn. Schofield fertelt him oer de misje en jout him it tryste nijs fan 'e dea fan syn broer Tom, en langet Tom syn identifikaasjeplaatsje en ringen oer. Luitenant Blake sit der raar ta as er foar it ferstân kriget dat syn jongere broer wei is, mar hy betanket Schofield foar alles. Schofield freget syn tastimming om oan Tom syn lêste winsk te foldwaan en in brief oan harren mem te skriuwen, en Blake stimt dêrmei yn. Alhiel te'n ein lit Schofield him dêrnei ûnder in beam op 'e grûn sakje, wêrnei't er in stikmannich foto's fan syn famylje út 'e bûse hellet om te besjen. Op 'e efterkant fan ien dêrfan stiet skreaun: "Kom by ús werom".
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise korporaal Will Schofield George MacKay korporaal Tom Blake Dean-Charles Chapman
byrollen personaazje akteur/aktrise kaptein Smith Mark Strong luitenant Leslie Andrew Scott generaal Erinmore Colin Firth (cameo) luitenant-kolonel Mackenzie Benedict Cumberbatch (cameo) Laurie (Fransêze mei poppe) Claire Duburcq luitenant Joe Blake Richard Madden majoar Hepburn Adrian Scarborough sersjant Sanders Daniel Mays luitenant Richards Jamie Parker luitenant Gordon Pip Carter luitenant Hutton Michael Jibson kolonel Collins Richard McCabe kaptein Ivins Justin Edwards sepoy Jondalar Nabhaan Rizwan soldaat Harvey Billy Postlethwaite soldaat Cook Anson Boon soldaat Butler Tommy French soldaat Rossi Kenny Fullwood soldaat Grey Elliot Edusah
Produksje en distribúsje Produksje 1917 waard regissearre troch Sam Mendes nei in senario fan himsels en Krysty Wilson-Cairns. Dat wie neffens Mendes foar in diel ynspirearre troch de ferhalen dy't syn pake Alfred Mendes, in Trinidadiaan dy't yn 'e Earste Wrâldoarloch foar it Britske Leger oan it Westfront aktyf wie as boadskipper. As produsinten wiene Mendes, Pippa Harris, Jayne-Ann Tenggren, Callum McDougall en Brian Oliver by it projekt belutsen foar de filmstudio's DreamWorks Pictures, Reliance Entertainment, New Republic Pictures, Mogambo, Neal Street Productions en Amblin Partners. Dêrmei wie de film in Britsk-Amerikaanske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $$90 oant 100 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Roger Deakins, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Thomas Newman.
Opnamen