Once Upon a Time in Hollywood is in Amerikaansk-Britsk-Sineeske histoaryske swarte komeedzjedramafilm út 2019 ûnder rezjy fan Quentin Tarantino. De haadrollen waarden fertolke troch Brad Pitt en Leonardo DiCaprio, mei Margot Robbie yn 'e wichtichste byrol as Sharon Tate. De titel betsjut "Der Wie ris yn Hollywood". It ferhaal spilet yn it Hollywood fan 1969, oan 'e ein fan it tiidrek dat wol omskreaun wurdt as Klassyk Hollywood. De film folget Rick Dalton, in akteur mei in ynsakjende karriêre, en syn maat en stunt double Cliff Booth, dy't besykje wurk te hâlden yn 'e fluch feroarjende Amerikaanske filmyndustry en tillefyzjesektor, wylst op 'e eftergrûn jimmeroan de driging fan 'e Tate-moarden wankt. Once Upon a Time in Hollywood waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, yn maaie 2019. De film krige fan 'e filmkritisy rûnom lof taswaaid en wie in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Once Upon a Time in Hollywood wûn twa Oscars, trije Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje), in BAFTA, trije Saturn Awards, in Satellite Award, in Screen Actors Guild Award en ferskate oare wichtige prizen. Yn 2021 skreau Tarantino by syn debút as auteur in ferboeking fan 'e film. Op 't heden (2023) is er dwaande mei de echte ûntwikkeling fan 'e westernsearje Bounty Law, dy't yn 'e film de fiktive tillefyzjesearje is dêr't Rick Dalton namme mei makke hat.
Plot Yn febrewaris 1969 is Rick Dalton in akteur yn Hollywood, waans bêste freon syn stunt double Cliff Booth is. Dalton is oarspronklik ferneamd rekke troch syn haadrol as de ûnmeilydsume preemjejager Jake Cahill yn 'e westernsearje Bounty Law, út 'e 1950-er jierren. Op it hichtepunt fan syn rom betanke er lykwols foar in nij seizoen fan dy searje om't er trochbrekke woe as filmakteur. Hoewol't er in pear goed ûntfongen films makke hat, wêrûnder de oarlochsfilm The 14 Fists of McClusky, is it lykwols mei syn filmkarriêre op 'e non rûn. Tsjintwurdich ûnderhâldt er himsels foar it meastepart mei gastrollen yn tillefyzjesearjes, wêrby't er stiiffêst de smjunt spilet.
Dalton is der sa njonkelytsen fan oertsjûge rekke dat it hast dien is mei syn wurkpaad as akteur, eat dat er mar min ferkropje kin. It feit dat er alkoholist is, helpt dêrby net. Hy is yn in fisieuze sirkel fersyld rekke: om 'e steat fan syn karriêre te ferjitten bedrinkt er him, wat ta mindere aktearprestaasjes liedt, sadat it noch minder giet mei syn karriêre, wat him oanset om mear te drinken, en sa fierder. Om't Dalton fanwegen riden ûnder ynfloed syn riidbewiis kwytrekke is, lit er him op 't heden oeral hinne ride troch Booth. Sa ek nei in moeting mei ympressario en casting director Marvin Schwarz, dy't him oanrikkemandearret om it ris te besykjen mei rollen yn spagettywesterns yn Itaalje. Dat foarstel rekket Dalton noch mear deprimearre fan, mei't er spagettywesterns beskôget as it lêste stasjon foar akteurs dy't folslein útranzjearre binne.
Booth is in feteraan út 'e Twadde Wrâldoarloch dy't yn 'e filmyndustry fan Hollywood as stuntman wurket. Hy wennet yn in steancaravan mei syn pitbullterriër Brandy, mar hoewol't er in folle earmoediger bestean liedt as Dalton, dy't in filla mei in eigen swimbad yn 'e Hollywoodheuvels bewennet, liket er ridlik tefreden mei syn libben. Hy hat muoite om wurk as stuntman te finen fanwegen oanhâldende geroften dat er syn frou Billie fermoarde hat, wat foar in protte lju yn 'e filmyndustry reden is om net mei him wurkje te wollen. (It wurdt nea opheldere oft er har no yndie fermoarde hat of net.) Dêrom linet er swier op syn maat Dalton om as syn stunt double te wurkjen. Dêrnjonken fungearret er as Dalton syn sjauffeur en as syn hantsjemuoisfeint.
Fuort njonken Dalton is koartby aktrise Sharon Tate kommen te wenjen mei har man, de Poalsk-Frânske regisseur Roman Polanski. Hoewol't de beide filla's himelsbreed mar inkele tsientallen meters útinoar steane, is de maatskiplike kleau tusken de súksesfolle Tate en Polanski mei harren opgeande wurkpaad, en Dalton, dy't syn bêste tiid hân hat, suver ûnoerbrêgber. Op in jûn, wylst Booth yn syn steancaravan mei Brandy nei de tillefyzje sjocht, en Dalton op in luchtbêd yn syn swimbad mei in koptillefoan op syn dialooch leart foar in gastrol dy't er de folgjende dei yn 'e westernsearje Lancer hat, geane Tate en Polanski nei in feest yn 'e Playboy Mansion, de filla fan Playboy-oprjochter Hugh Hefner. Dêre hawwe se gedoente mei oare wiidferneamde lju as akteur Steve McQueen en sjongsters Michelle Phillips en Mama Cass fan The Papas & the Mamas.
De oare deis wurdt Dalton troch Booth ôfset op 'e set fan Lancer. Booth freget him oft er in goed wurdsje foar him dwaan kin by de stuntkoördinator, mar Dalton antwurdet dat er dêr net iens oan hoecht te begjinnen, om't dat Randy Boyd is. Ynstee freget er Booth oft dy ris nei syn tillefyzje-antenne sjen wol, dy't loskommen en omfallen is. Wylst Booth letter op it dak fan Dalton syn filla mei de antenne oan 'e gong is, hellet er oantinkens op oan 'e lêste kear dat er foar Randy Boyd wurke, op 'e set fan 'e tillefyzjesearje The Green Hornet. Dêr trof Booth de Hongkongske akteur en fjochtsportekspêr Bruce Lee, mei wa't er slaande deilis rekke. By de slaanderij smiet er Lee tsjin in parkearre auto oan, mei as gefolch it ûntstean fan in mânske dûk. It die bliken dat it de auto wie fan Boyd syn frou Janet, dy't Booth dochs al net lije mocht om't se befreone west hie mei syn frou Billie. Fan gefolgen waard Booth troch Boyd ûntslein.
Wylst Booth op it dak dwaande is, komt by Tate en Polanski in hippy-eftige keardel oan 'e doar dy't himsels "Charlie" neamt. Hy is op 'e siik nei muzykprodusint Terry Melcher, dy't earder yn 'e filla wenne, mar de hierstylist Jay Sebring, in hûsgast en eardere frijer fan Sharon Tate, fertelt him dat Melcher ferhuze is. "Charlie" jout him dêrop sûnder wat bedijd te hawwen ôf. Letter dy deis giet Tate om in boadskip. Se komt by it Fox Bruin Theater lâns, in bioskoop, dêr't har film The Wrecking Crew draait. Se beslút de film te sjen en wit de stêf fan 'e bioskoop derfan te oertsjûgjen dat se yn 'e film meispilet, sadat se sûnder te beteljen nei binnen mei. Wylst se de film sjocht, hâldt se de reäksjes fan 'e oare bioskoopbesikers goed yn 'e rekken, en as dy laitsje as har personaazje wat komysk docht of seit, is se tefreden.
Op 'e set fan Lancer rekket Dalton oan 'e praat mei syn achtjierrige tsjinspylster Trudi Frazer, in famke dat suver folwoeksener is as hysels. Letter, by de opnamen, hat er muoite om him syn dialooch tebinnen te bringen. As der skoftholden wurdt, stoart er as gefolch dêrfan yn 'e privacy fan syn trailer suver yn. Hy wit himsels lykwols te werpakken en leveret neitiid yn 'e sêne mei Trudi troch in stikje ymprovisaasje in sterke aktearprestaasje ôf, dêr't er foar komplimintearre wurdt troch Trudi en yndruk mei makket op 'e regisseur, Sam Wanamaker.
Nei't er de antenne reparearre hat, giet Booth in eintsje te riden yn Dalton syn auto. Hy sjocht op Hollywood Boulevard in oantreklike jonge liftster oan 'e kant fan 'e wei stean, mei wa't er al twaris earder eachkontakt makke hat: ienris doe't se mei in kloft oare hippyfammen oerstiek by in krúspunt doe't er mei Dalton ûnderweis wie en in kear doe't se in lift socht dy't foar him de ferkearde kant útgie. Diskear pikt er har op. Hja neamt harsels "Pussycat" en moat nei Chatsworth, dêr't se mei har freondinnen ferbliuwt op 'e Spahn Ranch, in eardere filmranch. Booth riidt har dêrhinne. Underweis biedt se oan om him ôf te sûgen, mar ta har teloarstelling slacht hy dat oanbod ôf om't er ornearret dat se noch minderjierrich is.
Op 'e Spahn Ranch oankommen, sjocht Booth dat it dêr optilt fan 'e hippys (eins de leden fan 'e sekte om "Charlie" hinne, mar dat wit Booth net). Hy fertelt dat er hjir acht jier lyn op 'e set fan Bounty Law as stuntman wurke hat en wol witte hoe't it mei de eigner is, de âlde George Spahn. "Pussycat" en de oare "hippys" jouwe him ûntwikende antwurden dêr't er erchtinkend fan wurdt, dat tsjin harren geduerige besykjen om him dêrwei te hâlden yn giet er nei de wente fan Spahn ta. Dêr wurdt er opwachte troch "Squeaky", ien fan 'e liedsters fan 'e groep. Hja fertelt him dat Spahn no tachtich jier en frijwol blyn is en dat er him net sjen kin om't de âldman sliept nei't se him dy moarns útput hat mei seks. Booth leaut der neat fan, dat hy kringt it hûs binnen en giet nei de sliepkeamer, dêr't er Spahn lykwols yndie sliepend op bêd oantreft. Hy makket de âldman wekker, dy't him Booth net mear tebinnenbringe kin. It blykt allegearre te wêzen krekt sa't de "hippys" al seine.
Booth, dy't him no wat ûnnoazel fielt, ferlit de wente en kriget in beskrobbing fan "Pussycat", mei't er har yn ferlegenheid brocht hat foar har freonen oer. Werom by Dalton syn auto docht bliken dat ien fan 'e "hippys", dy't "Clem" hjit, in bân lek stutsen hat. Booth lit him soks net barre, dat hy jout "Clem" in flink wan bruien, wêrnei't er him twingt om 'e lekke bân te ferfangen foar de reservebân. Underwilens wurdt ien fan 'e fammen derop útstjoerd om "Tex" te heljen, dy't by ôfwêzigens fan "Charlie" de lieding oer de groep hat. Mar dy is fier fuort, en as er úteinlik arrivearret, is er krekt op 'e tiid om te sjen hoe't Booth fuortriidt.
Dy jûns wurdt Dalton opskille troch Schwarz, dy't him op basis fan syn aktearprestaasje yn in gastrol yn in ôflevering fan 'e plysjesearje The F.B.I. oan 'e haadrol yn 'e spagettywestern Nebraska Jim holpen hat, fan 'e Italjaanske regisseur Sergio Corbucci. Mei't er beseft dat er sa'n oanbod net ôfslaan kin, set Dalton koart dêrnei ôf nei Rome, dêr't de opnamen foar de film plakfine yn 'e Cinecittà-studio's. Neitiid spilet er dêre ek de haadrol yn noch trije oare films. Hy nimt Booth mei om wer as fan âlds as syn stunt double te tsjinjen. It iten yn Itaalje en it jild dat er mei syn wurk fertsjinnet, befalt Dalton poerbêst, mar de Italjaanske manear fan filmjen is er net wyld fan. In grut diel fan syn salaris giet op oan it lúkse appartemint dat er hiert. In heal jier letter, op 8 augustus 1969, keare Dalton, Booth en Dalton syn nije Italjaanske frou Francesca Capucci werom nei Los Angeles, dêr't Dalton Booth by oankomst fertelt dat er fanwegen syn houlik syn filla ferkeapje moat en de tsjinsten fan Booth net mear betelje kin.
Dy jûns geane Dalton en Booth tegearre út om te drinken by wize fan 'e ein fan harren gearwurking. Se komme stomdronken wer thús yn Dalton syn filla, dêr't Francesca ûnderwilens út 'e wei gien is. Dyselde jûns giet Sharon Tate út mei Sebring en in pear oare freonen fan har, Wojciech Frykowski en Abigail Folger, dy't krekt as Sebring by har útfanhûzje salang't Polanski foar de opnamen fan in film yn Jeropa is. Se keare werom nei hûs om likernôch deselde tiid dat Dalton en Booth wer thúskomme. Wylst Dalton margarita's makket, lit Booth Brandy út, dy't er fuort nei syn thúskomst út 'e kennel helle en by Dalton en Francesca brocht hat. Under it rinnen smookt Booth in sigaret dy't yn LSD dipt is.