Up in the Air is in Amerikaansk komeedzjedrama út 2009 ûnder rezjy fan Jason Reitman, mei yn 'e haadrollen George Clooney, Vera Farmiga en Anna Kendrick. De titel betsjut "Heech yn 'e Loft", ferwizend nei it oanhâldende reizgjen per fleantúch fan 'e haadpersoan, mar it kin yn it Ingelsk ek "Unbeslist" betsjutte. De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Walter Kirn. It ferhaal folget Ryan Bingham, in man dy't troch bedriuwen ynhierd wurdt om wurknimmers te ûntslaan. Dêrfoar reizget er hast oan ien wei troch de hiele legere 48 steaten ôf, en dat fynt er geweldich. As er in jongere kollega traine moat, hat sy mear ynfloed op syn útsjoch op 'e wrâld as er ea tinke kinnen hie, en begjint de fantasijwrâld dy't er foar himsels opboud hat, as in kaartehûs yninoar te sakjen. Up in the Air gie yn premiêre op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto en waard troch de filmkritisy oer it algemien mei positive resinsjes ûntfongen. Yn 'e bioskopen wie it ek in kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar seis Oscars en seis Golden Globes, mar wûn dêrfan inkeld de Golden Globe foar bêste senario.
Plot Ryan Bingham is in fjirtiger dy't wurket foar in consultancybedriuw op it mêd fan personielssaken, dat spesjalisearre is yn arbeidsbeëinigingsassistinsje. Dat wol sizze dat Bingham fia syn wurkjouwer ynhierd wurdt troch oare bedriuwen om dêr wurknimmers te ûntslaan yn opdracht fan wurkjouwers dy't it smoarge wurk leaver útbesteegje. Dêrnjonken jout Bingham ek motivaasjelêzings, wêrby't er de byldspraak "wat sit der yn jimme rêchsek?" brûkt om 'e foardielen te besjongen fan in libben sûnder materiële besittings of beswierlike relaasjes. Dat is krekt itselde bestean dat er sels liedt, mei't er suver oan ien wei troch op 'en paad is foar syn wurk en de hiele legere 48 steaten trochkrúst. Dat docht er yn it fleantúch, safolle mooglik by loftfeartmaatskippij American Airlines, om't er derfan dreamt om tsien miljoen airmiles te fertsjinjen. Dat liket him in tige útsûnderlike prestaasje ta.
Wylst er op reis is, moetet Bingham yn 'e lobby fan in hotel in oantreklike frou fan syn eigen jierren of miskien justjes jonger, dy't fan Alex hjit. Sy is ek in hiel soad ûnderweis foar har wurk, en se reitsje oan 'e praat oer de gelikense ûnderfinings dy't se op reis meimakke hawwe. Dy nachts geane se mei-inoar op bêd. De oare moarns geane se wer elts har eigen wei, mar it is sa goed befallen, dat se neitiid in losfêste relaasje begjinne, wêrby't se inoar moetsje om te praten en seks te hawwen yn ferskate stêden ferspraat oer it lân as harren reisskema's dat talitte.
Op in stuit wurdt Bingham troch syn bedriuw weromroppen nei it haadkantoar yn Omaha (Nebraska), dêr't Natalie Keener, in jonge nije wurknimster, in feroaring yn 'e bedriuwsfiering foarsteld hat. Ynstee dat wurknimmers oan ien wei troch it hiele trochreizgje, wol se dat it ûntslaan tenei fia byldbeljen dien wurdt, sadat in hiel soad jild besparre wurde kin. Craig Gregory, de direkteur fan it bedriuw, sjocht dat wol sitten en hâldt de oare wurknimmers foar dat se mei har tiid meigean moatte. Bingham is der mordikus op tsjin. Hy seit dat dat is om't it fan ûnfatsoen tsjûgje soe om minsken op sa'n manear dien te jaan. Dat spilet miskien wol mei, mar it giet him dochs fral om it feit dat dizze ynnovaasje de ein betsjutte soe foar syn eigen frije libbentsje dêr't er sa fan hâldt. Hy redendielt mei Gregory en fiert dêrby oan dat Natalie alhiel gjin ûnderfining hat mei it wurk en dêrom net beoardielje kin oft byldbeljen in goed alternatyf is. Gregory moat tajaan dat Bingham dêr wol in punt hat, mar it pakt oars út as dat Bingham ferwachte hie: Gregory beslút Natalie oan him te keppeljen en stjoert se der tegearre op út, sadat Bingham har traine kin.
De earste les dy't Bingham Natalie as tsjinnige learaar oanleart, is om inkeld hânbagaazje mei te nimmen. Dat skeelt foar eltse fleanreis 35 minuten yn 'e wachttiid. Hy bringt har ek oare foefkes by, lykas hoe't se sa fluch en effisjint mooglik troch de lofthavenbefeiliging hinne komt. Tegearre trochkruse se de Feriene Steaten. It wurk blykt hiel oars te wêzen as dat Natalie har foarsteld hie. Sy mient dat se bedriuwen helpe sil om fan oerstallige wurknimmers ôf te kommen troch de nije wurkleazen ta te rieden op 'e emosjonele en fysike obstakels fan it sykjen nei nij wurk. Mar Bingham leit har út dat se eins emosjoneel kwetsbere persoanen nije hoop jaan moatte troch se in triuwke yn in rjochting te jaan dy't se eins dochs al út woene mar dat net doarsten. Dat giet fansels de iene kear better as de oare. Ien fan 'e earste kearen dat Natalie it besiket, driget in frou mei selsmoard troch fan in hege brêge yn 'e neite fan har hûs te springen. Bingham praat har neitiid moed yn troch te sizzen dat er sokke drigeminten gauris te hearren kriget, mar dat se soks nea trochsette.
Underweis komme Bingham en Natalie better mei-inoar yn 'e kunde. Natalie besaut har oer de libbensfilosofyen fan Bingham, yn 't bysûnder dat er nea trouwe of bern krije wol, dêr't se har neat by foarstelle kin. Bingham bliuwt lykwols by syn stânpunten. Op in stuit wurdt Natalie fia in tekstberjocht op 'e mobile tillefoan dumpt troch har freon Brian mei wa't se al in pear jier gearwennet. Dat bart krekt by oankomst yn in hotel yn Miami dêr't Bingham mei Alex ôfpraat hat. Tegearre treastgje se it fanke, dat der stikken fan is. Dy jûns crashe se in feest yn harren hotel, dêr't Natalie har bedrinkt en in aardige jongeman fynt om in onenightstand mei te hawwen, wylst Bingham en Alex romantysk byinoar binne en fierder nei-inoar ta groeie. De oare moarns feecht Natalie Bingham de mantel út om't se fynt dat er Alex oan it lyntsje hâldt, ek al passe se dúdlik byinoar as in kopke en in pântsje. Bingham spuit syn eigen krityk op Natalie har ûnfermogen om 'e dingen te akseptearjen sa't se binne.
Letter dy deis yn Detroit beävensearret Gregory in test mei it byldbeljen, al sitte Natalie en Bingham dêrby yn it keammerke oan 'e oare kant fan 'e gong mei útsicht op it keammerke dêr't de wurknimmers efter de kompjûter plaknimme dy't ûntslein wurde moatte. It docht bliken dat Bingham syn soargen oer dy manear fan wurkjen terjochte wiene as Natalie in âldere man, Samuels, net op 'e juste manear helpe kin as er op it byld yn triennen útbarst. Nettsjinsteande dat beslút Gregory it byldbelsysteem yn te fieren en ropt er alle omdoarmjende ûntslaners werom nei it haadkantoar yn Omaha.
Bingham nimt in pear dagen frij om nei noardlik Wisconsin ta foar de trouwerij fan Julie, de jongste fan syn beide susters. It docht bliken dat Natalie har wurden mear ynfloed op him hân hawwe as er tajaan woe, want ynstee fan dêr allinne hinne te gean, sa't er earder dien hawwe soe, skillet er Alex op en freget har om mei te gean. Se stimt ta en tegearre sette se dêrhinne. Bingham hat in net sa noflike weriening mei syn fan him ferfrjemde susters Kara, dy't yn skieding leit, en Julie, mei't sy him syn oanhâldende ôfwêzichheid yn harren libbens kwea-ôf nimme. Hy bringt de folgjende dagen benammen tiid troch mei Alex, troch har de plakken sjen te litten dêr't er oprgroeid is. Hy begjint fereale op har te reitsjen en sy jout der alle skyn fan dat se syn gefoelens beäntwurdet. As Jim, de brêgeman, de deis fan 'e trouwerij ynienen kâldwetterfrees kriget en fan it houlik ôfsjen wol, wurdt Bingham troch Kara nei him ta stjoerd om him te bepraten. Dat is in drege put foar him, want hoewol't er motivaasjesprekker is, fiteret er syn gehoar ornaris oan om relaasjes út 'e wei te gean. No moat er krekt de oare kant út riddenearje en dat is wol even wennen. It slagget lykwols al, dat Jim jout him wer by Julie en it kin heve mei de trouwerij.
Neitiid docht lykwols bliken dat Bingham net allinne Jim bepraat hat, mar ek himsels. Hy begjint te twifeljen oan syn eigen libbensstyl en libbensfilosofyen. By in prestizjeuze taspraak op in konvinsje yn Las Vegas slagget it him net mear om it ferhaal oer de rêchsek op te hingjen, mei't er dêr net mear yn leaut. Hy stapt fan it poadium ôf en ferlit de seal om ympulsyf nei Chicago te fleanen, dêr't Alex wennet. Hy ferwachtet dat sy like bliid wêze sil om him te sjen as hy har, mar it docht bliken dat Alex troud is en bern hat en hielendal net op him sit te wachtsjen. Feralterearre dript er ôf. Letter skillet se him op om him te beskrobjen foar it feit dat er by har oan 'e doar kaam en op in hier nei har houlik ferrinnewearre hat. Se neamt dat houlik har "echte libben" en him har "ûntsnapping". Se tocht dat it sa klear as in klûntsje wie hokfoar relaasje sy en Bingham ûnderholden en se wol dy relaasje graach fuortsette sa't er wie. Bingham hinget op sûnder dêrop te antwurdzjen.
Underweis nei hûs yn Omaha mei American Airlines wurdt troch de stewardessen oan it hiele fleantúch meidield dat der immen oan board is dy't no krekt de grins fan tsien miljoen airmiles oergien is: Ryan Bingham. Wat in feestlik barren wêze moatten hie dêr't Bingham jierrenlang nei útsjoen hat, is dan in bittere teloarstelling, sels as Maynard Finch, de haadpiloat fan American, by him komt om him persoanlik te lokwinksjen. Wannear't Finch him freget wêr't er wei komt, antwurdet Bingham, dy't beseft dat er gjin thús hat: "Hjirwei." Werom yn Omaha lit Bingham 500.000 fan syn soarchfâldich oppotte airmiles oerskriuwe oan Julie en Jim, dy't gjin jild hawwe om op houliksreis te gean. Craig Gregory fertelt Bingham dat in ûntsleine wurknimster, in Karen Barnes, harsels fan kant makke hat troch fan in hege brêge te springen: it is deselde frou dy't dêr earder al mei drige. Natalie is alhiel oerstjoer en hat ûntslach nommen. De selsmoard liedt ta it opskoarjen fan 'e byldbeltechnyk, hoewol't dy by dit spesifike ûntslach net ynset wie.
Natalie sollisitearret nei in nije baan yn San Francisco by in bedriuw dêr't se in pear jier lyn in oanbeane baan ôfsein hie om't se har freon Brian nei Omaha ta folgje woe. De man dy't it sollisitaasjepetear hâldt, is ûnder de yndruk fan har kwalifikaasjes, mar hat fraachtekens by de eardere gedoente tusken har en syn bedriuw. In strieljende referinsje fan Bingham lûkt him lykwols oer de streek, sadat er har de baan jout dy't se hawwe wol. Bingham sels giet nei it opskoarjen fan it byldbelsysteem wer as fan âlds op 'en paad om it lân te trochkrusen. Mar it frije libben dêr't er earder sa fan hold, liket him no in leech bestean ta. Hy hat der lykwols sels foar keazen, dat mei in swier moed pakt er syn koffer op en giet er wer op reis.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Ryan Bingham / voice-over George Clooney Alex Goran Vera Farmiga Natalie Keener Anna Kendrick
byrollen personaazje akteur/aktrise Craig Gregory Jason Bateman Kara Bingham Amy Morton Julie Bingham Melanie Lynskey Jim Miller Danny McBride Karen Barnes Tamala Jones Steve Zach Galifianakis (cameo) Bob J.K. Simmons (cameo) Maynard Finch Sam Elliott (cameo) Dave Adam Rose Samuels Steve Eastin ûntsleine I.T.-wurker Adhir Kalyan live-discjockey op konferinsje Cut Chemist
Produksje en distribúsje Produksje Up in the Air waard regissearre troch Jason Reitman nei in senario fan himsels en Sheldon Turner op basis fan 'e roman Up in the Air fan Walter Kirn út 2001. As produsinten wiene Jason Reitman, syn heit Ivan Reitman, Daniel Dubiecki en Jeffrey Clifford by it projekt belutsen foar de filmstudio's DreamWorks Pictures, The Montecito Pictures Company, Cold Spring Pictures, Rickshaw Productions en Right of Way Films. Foar de film wie in budget beskikber fan $25 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Eric Steelberg, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Rolfe Kent.