It Ynnovaasjekluster Drachten (Innovatiecluster Drachten, ICD) is in bedriuwenetwurk fan hightech-makyndustry en kennisynstellings yn Fryslân, Grinslân en Drinte dy 't foaroprinne mei technyske ynnovaasjes yn produkten en oplossings oer de hiele wrâld. It doel fan de gearwurking is om fan Noard-Nederlân in oantreklike yndustriële regio te meitsjen.
Skiednis en beskriuwing Om it jier 2000 hinne like de makyndustry yn Nederlân in ôfrinnende saak. Produksje ferdwûn nei East-Europa, Sina of Súdeast-Azië en mei ynformaasje- en kommunikaasjetechnology en tsjinstferliening soe yn Nederlân it jild fertsjinne wurde. Yndustrybelied wie der net mar doe't de ynternetsjippebel barste, besefte de oerheid dat de yndustry ekonomysk hurd nedich wie. It Ynnovaasjeplatfoarm waard oprjochte en der kamen topsektoaren. Op regionaal nivo ûntstiene kollektive ferbannen dêr ’t bedriuwen mei nije tema’s yn oan ’e slach giene.
It ICD waard yn 2014 oprjochte troch de seis Drachtster bedriuwen Philips, Norma, Irmato, Kiestra Lab Automation, Variass Medical Systems en Neopost Technologies. Anno 2020 hie it kluster goed 20 bedriuwen út de trije noardlike provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte.
De oansletten bedriuwen biede troch gearwurking en it dielen fan kennis technyske talinten in karriêre yn de hightech-yndustry en foarkomme dêrmei in kennisflecht yn Noard-Nederlân. Sa binne der spesjale karriêre- en ûntwikkelingsprogramma’s foar talinten en wurde hightech-startups begelaat. Binnen de bedriuwen wurde hightechfasiliteiten lykas yndustriële 3 D-printers en cobots dield. Dêrneist wurkje de bedriuwen mei-inoar op oan oplossingen foar grutte technologyske útdagingen fan de takomst: 3 D metal printing, remote sensoring en big data, robotics, visual intelligence en all renewable propulsion, ek wol de 'big five' fan ICD neamd. Innovatiecluster Drachten viert fieldlab erkenning bij Dewulf Group LINK Magazine, 20 jannewaris 2020
Smart Industry Fieldlab It ICD stimulearret de digitalisearring fan Noardlike bedriuwen en dêrmei de digitale fersnelling fan de regio. Dit slút oan by de opdracht fan steatssekretaris fan Ekonomyske Saken en Klimaat yn it kabinet-Rutte III Mona Keijzer om yn elke regio yn Nederlân in saneamde Smart Industry Hub yn te rjochtsjen. Yn dy hubs wurkje fieldlabs, regionale en nasjonale bransj- en belangeferieningen, lokale en regionale ûntwikkelingsmaatskippijen, kennisynstellingen en strategyske partners mei-inoar op. Binne Visser nieuwe voorzitter Innovatiecluster Drachten Drachtster Courant, 5 septimber 2018 Fieldlabs binne praktyklokaasjes wêryn't bedriuwen en kennisynstellings mei-inoar eksperimintearje mei ynnovative smart yndustry-konsepten. Fieldlab Technologies Added geopend door Mona Keizer PT Industrieel Management, 24 april 2018 Yn it neijier fan 2019 krige it ICD de offisjele status fan Smart Industry Fieldlab.
Gearwurking mei ûnderwiis It ICD wol technykstudinten sjen litte dat yn Noard-Nederlân in soad bedriuwen binne dêr 't sy relevant ûndersyk dwaan kinne. Dêrom binne de Ryksuniversiteit Grins, Universiteit Twente, NHL Stenden Hogeschool, Hanzehogeschool Groningen en de ROC’s Friese Poort, Friesland College en Drenthe College oanheakke. Net allinnich foar it dwaan fan ûndersyk mar foaral ek foar it opdwaan fan staazje-en wurkûnderfining yn in heechweardige technyske omjouwing.
Philips is it grutste en bekendste bedriuw fan it kluster. De multinasjonale ûndernimming biedt op de lokaasje yn Drachten oare kennisbedriuwen fasiliteiten foar ûndersyk en ûntwikkeling oan en begûn yn 2019 mei de ferbouwing fan it âldste yndustriële gebou fan it fabryk ta in stúdzjefasiliteit. Yn it pân komme ûnder oare in kolleezjeseal en romtes foar ûndersyk troch studinten. Philips fêstiget der in ûntfangstromte en de Ryksuniversiteit Grins wol der syn posysje as technyske universiteit fersterkje mei in nije masteroplieding Mechanical Engineering (wurktúchboukunde) dy 't fan it stúdzjejier 2020-2021 ôf foar in grut part yn Drachten jûn wurdt. Innovatie in het Noorden krijgt een impuls: RUG opent vestiging bij Philips in Drachten Dagblad van het Noorden, 15 febrewaris 2019
Keppeling om utens IC Drachten
Kategory:Bedriuwslibben Kategory:Ynnovaasje Kategory:Drachten Kategory:Ekonomy fan Fryslân Kategory:Ekonomy fan Nederlân