Around the World in 80 Days, soms stavere as Around the World in Eighty Days, is in Amerikaanske aventoerekomeedzje yn Technicolor út 1956. De film waard regissearre troch Michael Anderson, produsearre troch MikeTodd en útbrocht troch United Artists. De haadrollen waarden fertolke troch David Niven en Cantinflas, mei Shirley MacLaine en Robert Newton yn 'e wichtichste byrollen. De titel betsjut "Om 'e Wrâld yn 80 Dagen". De film is basearre op 'e ferneamde aventoereroman Le Tour du Monde en Quatre-vingts Jours fan Jules Verne, út 1872. It ferhaal giet oer in eksintrike Ingelske aristokraat, Phileas Fogg, dy't yn syn heareklub úthâldt dat it mei de foarútgong fan dat stuit mooglik is om in reis om 'e wrâld te meitsjen yn tachtich dagen. As de oare leden him net leauwe wolle, slút er in weddenskip ôf en set er noch dyselde jûns mei syn tsjinstfeint Passepartout útein om syn gelyk te bewizen. Around the World in 80 Days krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes. De film wûn 5 Oscars, wêrûnder de Oscar foar Bêste Film, en 2 Golden Globes, wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Film – Drama. Tsjintwurdich wurdt it beskôge as in wiere filmklassiker.
Ynhâld Fêste foarfilm Around the World in 80 Days waard útbrocht mei in fêste prolooch dy't winliken alhiel neat mei de eigentlike film te krijen hat. Yn dizze foarfilm presintearret ferslachjouwer Edward R. Murrow byldmateriaal út 'e stomme film Le Voyage dans la Lune fan regisseur Georges Méliès út 1902. Hy leit dêrby út dat dy film loskes basearre wie op 'e roman De la Terre à la Lune, fan Jules Verne, út 1865. De prolooch omfiemet ek bylden fan 'e lansearring fan in ûnbemanne raket dy't tarist is mei in kamera, sadat toand wurde kin hoe't de Ierde almar fierder op ôfstân komt. Dat moat yn 1956, foar de dage fan it Apolloprogramma fan 'e NASA, spektakulêr west hawwe, mar no hellet men de skouders deroer op.
Plot Yn 1872 arrivearret de Frânsman Passepartout yn 'e Britske haadstêd Londen, nei't er, nei eigen sizzen, op 'e flecht foar de ferskate froulju dêr't er it mei oanlein hat, de wyk nimme moatten hat út syn heitelân. Yn Londen siket er wurk. As er heart dat de eksintrike hear Phileas Fogg om in butler ferlegen sit nei't de lêste dy't dy posysje ferfolle hat, opstapt is út wanhoop oer de nuvere opstigings fan syn wurkjouwer, biedt er himsels oan as ferfanger. It docht al mei gauwens bliken dat Fogg in man is foar wa't tiid en regelmaat tige wichtich binne. It is foar him ûnbesprekber om in miel te beplúzjen dat net persiis op 'e tiid optsjinne wurdt of in bad te nimmen dat net persiis de juste temperatuer hat.
Dyselde deis besiket Fogg de Reform Club, in tige eksklusive heareklub dêr't er kaartspilet mei oare hearen fan stân. Underwilens beprate de mannen in oerfal op in Bank fan Ingelân, wêrby't de dieder £55.000 (£5 miljoen yn jild fan 2017) bútmakke hat. Guon fan harren ornearje dat de rôver mei gauwens pakt wurde sil, wylst oaren miene dat de wrâld sa grut is dat de autoriteiten him nea fine sille. Dat bringt it petear op 'e foarútgong en wat dy te betsjutten hat foar reizgjen en kommunikaasje. Fogg beweart dat men tsjintwurdich yn tachtich dagen de wrâld yn 't rûn reizgje kin. De measte oaren beslane dat mei de gek. Dêrop daget Fogg harren út ta in weddenskip mei ynset fan £20.000 (£1,8 miljoen yn jild fan 2017) dat hy in reis om 'e wrâld meitsje kin en binnen tachtich dagen wer yn 'e Reform Club wêze kin. De oaren nimme dy weddenskip oan.
Sadwaande sette Fogg en de frijwat ferbjustere Passepartout dyselde jûns noch om persiis 8.45 oere út Londen ôf troch de trein nei de kust te nimmen om dêr mei de fearboat It Kanaal oer te stekken nei Frankryk. By harren hawwe se in reistas dy't fol sit mei it papierjild út Fogg syn klûs en net folle oars. Nei't se de Frânske haadstêd Parys berikke, wolle se de trein nei de Marseille nimme, mar dêr komme se it earste obstakel tsjin as bliken docht dat troch in lawine it spoar troch de Alpen blokkearre is. It tafal wol dat de eigner fan it reisburo yn Parys dêr't se de treinreis boeke woene, ek in entûsjast ballonfarder is. Dat Fogg keapet foar rij jild syn hjitte-luchtballon en dêrmei sette hy en Passepartout út Parys ôf. As se úteinlik de kust fan 'e Middellânske See berikke, docht lykwols bliken dat se troch de wyn fier fan 'e koers ôf blaasd binne en dat de mei snie bekape bergen dêr't se oerhinne flein binne, eins de Pyreneeën wiene ynstee fan 'e Alpen. Fan gefolgen binne se net yn Súd-Frankryk, mar yn Spanje bedarre.
Om harren oansluting op it steamskip de Mongolia te heljen, dat harren út Marseille fia it Suëzkanaal nei Britsk-Ynje bringe sil, moatte se in flugge boat sjen te finen dy't harren út Spanje nei Marseille farre kin. De iennichste dy't oer sa'n boat beskikt is in besykjende Marokkaanske ealman út Tanger, dy't yn Spanje is om't er sljocht is nei bollefjochtsjen. Nei't er Passepartout dûnsjen sjoen hat, easket dyselde yn ruil foar it gebrûk fan syn boat dat Passepartout as matador meidwaan sil oan it bollefjochtsjen. De fernimstige tsjinstfeint docht dat en wit it publyk foar him te winnen mei in komysk optreden, wêrnei't hy en Fogg mei de flugge boat nei Marseille brocht wurde, krekt op 'e tiid om 'e Mongolia te heljen.
Underwilens groeit yn Londen it fermoeden dat Fogg dejinge is dy't de Bank fan Ingelân oerfallen hat. Want it is nimmen dúdlik wêr't Fogg syn jild eins mei fertsjinne hat, en wêrom soed er oars sa hookstrooks nei it bûtenlân ta flechte wêze ûnder it mom fan in weddenskip dy't er hoegenamt net winne kin? Ynspekteur Fix fan Scotland Yard, dy't al om utens is, kriget fia de tillegraaf opdracht om ûndersyk te dwaan. Hy wachtet Fogg op yn Port Suëz, yn Egypte, mar kin de man net arrestearje salang't er út Londen wei gjin arrestaasjebefel ûntfongen hat. Sadwaande reizget er op 'e Mongolia mei troch it Suëzkanaal en oer de Reade See en de Arabyske See nei Bombay, oan 'e westkust fan Britsk-Ynje. Fix hie hope dat dêr in arrestaasjebefel foar him klearlizze soe, mar dat is sa net, dat der rest him neat oars as troch te reizgjen nei Calcutta. Tsjin dy tiid folget de hiele Ingelske befolking, keninginne Fiktoaria ynbegrepen, mei nijsgjirrigens de berjochten oer de fuortgong fan Fogg.
Underwilens nimme Fogg en Passepartout de Great Indian Peninsular Railway nei Calcutta om oer lân in stik ôf te snijen. Se ferlieze frijwat tiid as bliken docht dat, oars as dat de kranten berjochte hawwe, de spoarline noch net ôf is. By Allahabad ûntbrekt noch in trasee fan 50 myl dêr't de passazjiers op eigen manneboet alternatyf ferfier sykje moatte. Fogg hiert in pleatslike kornak yn, dy't him, Passepartout en in oare reizger, de Britske ofsier sir Francis Cromarty, op syn oaljefant troch de wyldernis riidt. Underweis stjitte se jûns let op 'e útfeart fan in pleatslike radja, wêrby't de frou fan dyselde tagelyk mei syn stoflik omskot kremearre wurde sil. Dit sûttiïsme (it mei-kremearjen fan libbene houlikspartners) is troch it Britske bestjoer yn Britsk-Ynje ferbean, mar blykber noch net alhiel útrûge. As dúdlik wurdt dat de jonge widdo twongen wurdt om oan it klandestine ritueel mei te wurkjen, is Fogg de earste dy't yngripe wol. It is lykwols de fernimstigens fan Passepartout dy't harren by steat steld om 'e rani te rêden. It giet om in jonge frou dy't Aouda hjit en yn Ingelân nei skoalle west hat, sadat se floeiend Ingelsk sprekt. Se seit dat se in omke yn Hongkong hat, en Fogg beslút har dêr teplak te bringen.
Oan board fan 'e RMS Rangoon reizgje Fogg, Passepartout, Aouda en ek Fix nei Hongkong, dêr't bliken docht dat de omke fan Aouda dêr net mear is. Fogg beslút dat der neat oars op sit as Aouda mei te nimmen nei Ingelân. Mei't sy ûnderweis nei Hongkong fereale op him wurden is, hat sy dêr gjin beswier tsjin. Wylst Fogg en Aouda harren yntrek nimme yn in hotel, wurdt Passepartout derop útstjoerd om passaazje te boeken op 'e SS Carnatic nei Yokohoma, yn Japan. Fix is der lykwols alles oan gelegen om Fogg yn Hongkong te hâlden, mei't dat Britske grûn is en hy noch altyd op in arrestaasjebefel út Londen wachtet. Passepartout lit him troch Fix meitroaie nei in kroech, dêr't Fix him dronken fiert. Dêrnei lit er de bewusteleaze Passepartout troch in pear trewanten fan sines yn 'e haven dumpe. De behelpsume plysje, dy't him dêr fynt, treft de boekingsbewizen foar de SS Carnatic yn syn bûse oan en bringt him dêr oan board. Om't de ôfreistiid fan it skip lykwols nei foarren helle is, misse Fogg en Aouda letterlik de boat.
As Passepartout de oare deis allinnich oan board fan 'e SS Carnatic wekker wurdt, is er raar gesteld. Yn Yokohama oankommen, doarmet er lykme-allinne troch de stêd sûnder jild of iten. Underwilens blykt Fogg net foar ien gat te fangen te wêzen. Om't der pas oer in wike wer in passazjiersskip fan Hongkong nei Yokohama giet, betellet er in Sineeske fisker om him op syn jonk nei Japan te farren, yn 'e mande mei Aouda en de no net mear fan syn side wikende Fix. Yn Yokohama fine Fogg en Aouda Passepartout werom yn in teäter, dêr't er him by in Japanske troep akrobaten jûn hat om itende te bliuwen. Weriene nimme se trijeresom in nij passazjiersskip, de General Grant, om oer de Stille Oseaan nei San Francisco te farren. Op 'e nij fynt Fix in ferlechje om wer krekt itselde skip te nimmen.
Yn San Francisco kriget Fogg it oan 'e stôk mei in Amerikaan, kolonel Stamp Proctor. Hy en syn selskipslju nimme it Transkontinintaal Spoar nei New York, dwers troch Noard-Amearika hinne. Dêrby komme se yn 'e Rocky Mountains nauwerneed oer in ynstoartende spoarbrêge en moatte se op 'e Grutte Flakten hohâlde foar in reuseftige keppel bizons dy't de spoarline oerstekt. Koarte tiid letter rekket Fogg wer deilis mei kolonel Proctor, dy't tafalligerwize mei deselde trein reizget. De beide hearen beslute yn ien fan 'e treinwagons in duël mei de revolver út te fjochtsjen, mar ear't dat syn beslach krije kin, wurdt de trein oanfallen troch de Lakota-Yndianen. De masinist en de stoker wurde by de oanfal deade en de trein giet op 'e rin. De moedige Passepartout besiket oer it dak fan 'e wagons de lokomotyf te berikken, mar rûgelet fan 'e trein. Nei in efterfolging wurdt er finzen nommen troch de Yndianen, dy't him meinimme nei harren kamp en risselwearje om him libben te ferbaarnen. Underwilens is de trein feilich arrivearre yn Fort Kearney. Fogg liedt in ôfdieling fan 'e Amerikaanske kavalery by in oanfal op it kamp fan 'e Lakota, wêrby't Passepartout op it nipperke rêden wurdt.
Werom yn Fort Kearney is de trein al sûnder Fogg-en-dy ôfset. Dêrop bouwe se in sylwein dy't op it spoar ride kin, sadat se net in wike op 'e folgjende trein hoege te wachtsjen. Troch alle omballingen arrivearje se te let yn New York om it skip oer de Atlantyske Oseaan nei Liverpool yn Ingelân te heljen. Dat, Fogg betellet de kaptein fan 'e SS Henrietta, in frachtskip dat eins Caracas, yn Fenezuëla, as bestimming hat, om ynstee nei Liverpool te farren. Hy lit bot oanstoke om faasje te meitsjen, mar healwei de oerstek rekket de stienkoal op, dy't ommers ynnommen wie foar in koartere reis. Dêrop keapet Fogg it hiele skip en lit dan alles dat los en fêstsit, wêrûnder de hiele boppebou, mêsten en seilen, yn 'e ûne smite. Krekt as se neat mear hawwe om op te stoken en stil te lizzen driigje te kommen, wurdt oan 'e kym lân waarnommen.