Foarfallen 12 febrewaris is der wettersneed yn it Nederlânske grutte rivieren gebiet. In soad boeren hawwe lêst fan kruiend iis oan de Ryn en mear noch oan Waal. Yn Egypte wurdt de Stien fan Rosetta fûn. 27 augustus - De Ingelsken en Russen besykje troch in ynvaazje yn Noard-Hollân it steedhâlderlik gesach te werstellen. Schoorl hat hiel wat te lijen. 9 oktober - De Lutine is in troch de Ingelsken bútmakke Frânsk fregat dat yn de nacht fan 9 op 10 oktober mei in lading goud en sulver foar Hamburch fergiet tusken Flylân en Skylge. Alle trijehûndert minsken komme om. Oktober: Slach by Castricum. Frânske troepen moatte werom by in Russyske oanfal. 18 oktober - De Ingelsken en Russen yn Noard-Hollân beslute harren oer te jaan. 9 novimber - Napoleon grypt de macht yn Frankryk. 15 desimber - Napoleon Bonaparte wurdt earste konsul fan Frankryk.
Berne 20 maaie - Honoré de Balzac, Frânsk skriuwer († 1850) 6 juny - Aleksandr Poesjkin, Russysk dichter († 1837) 4 july - Joseph François Oscar Bernadotte, letter ûnder de namme Oskar I kening fan Sweden († 1859) 18 oktober - Christian Friedrich Schonbein, ûntdekker fan ozon († 1868)
Ferstoarn 19 april - Pieter Hellendaal, Nederlânsk komponist, oargelist en fioelist (* 1721) 18 maaie - Pierre Beaumarchais, Frânsk skriuwer (* 1732) 29 augustus - paus Pius VI (* 1717) 24 oktober - Karl Ditters von Dittersdorf, Eastenryksk komponist (* 1739) 14 desimber - George Washington, (earste) presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1732) datum ûnbekend Charles Gauzargues, Frânsk komponist (* 1725)
Kategory:18e iuw