De Maritime skiednis fan Nederlân yn de Midsiuwen omfiemet de skipfeart fan it Fryske Ryk oant de Nederlânske Gouden Iuw.

Nei it Grutte Folkeferfarren en it mei dêrtroch feroarsake ferfal fan it West-Romeinske Ryk yn West-Jeropa, wie it gebiet yn trije stikken ferdield. De Friezen wennen oan de kusten, de Saksen yn it easten en de Franken yn it suden. Grinsstêd fan de Franken wie lang Nijmegen, dêr’t se in palts fêstigen. De Franken wreiden harren grûngebiet út nei it suden, noarden en easten en fersloegen de oare folken.

Yn de Midsiuwen koe yn Nederlân hieltyd minder weet en rogge ferboud wurde as gefolch fan it ynklinken fan de feanboaiem troch de lânbou. Hjirtroch gie men yn in oantal gebieten stadichoan oer op fiskerij. Bûten it seizoen waarden de fiskerskipkes ek brûkt om fracht te ferfieren. Yn fergeliking mei de omkriten wennen in soad minsken yn stêden.

Yn de 6e iuw naam it skipfeartferkear op de Britske eilannen wer ta. Quentowic waard in belangrike stêd en naam de hannel mei Ingelân oer fan Boulogne. Dêr bylâns rûn ek de via rectissima, it paad foar Ingelske pylgers nei Rome.

Karel de Grutte kaam fanwege tsjin de plonderingen fan de Wytsingen troch garnizoenen en fleatienheden te pleatsen nei Romeinsk foarbyld fan de Rynmûning oant Ponthieu. Yn Boulogne, dêr’t hy yn 810 skippen bouwe liet, liet hy de fjoertoer wer opmeitsje. Yn dat jier naam hy neffens de Annales regni Francorum in fleatskou ôf yn Gint.

Yn dat tiidrek wreide it fargebiet út fan de Britske Eilannen, Noard-Dútslân en Frankryk oant de Eastsee, Noarwegen en it Ibearysk Skiereilân. It wie de perioade fan ekspânsje, wêrby’t earst de hannelsrûtes fan de Hânze foar it meastepart oernommen waarden en letter dy fan Portugal yn de oanrin nei de Gouden Iuw.

De kogge wie it wichtichste seeskip út dy tiid, oant it yn de 15e iuw stadichoan ferfongen waard troch de hulk.

Machtsferhâldingen Nei it ôfsetten fan de Romeinen wie it gebiet fan de Nederlannen bewenne troch de Friezen en de Franken. Underling wie der geregeld striid, oant Karel de Grutte it hiele gebiet ûnderwurpen hie. Dêrnei ûntstienen hearlikheden, lykas greefskippen, dy’t hieltyd mear macht krigen. Yn it suden wie Flaanderen in grutte macht, letter Brabân. Benoarden de rivieren hearsken yn it earstoan de Friezen. De Iselstêden ûntwikkelen in foaroansteande ekonomy, mar hja misten, krekt as it Sticht Utert bestjoerlike ienheid om wjerstân te bieden oan Hollân. Hollân wie yn it earstoan tin befolke en de ynpolderingen ûntstienen frij let, mar it wist yn de 13e iuw de oerhearskjende macht te wurden boppe de grutte rivieren.

Troch fererving en ferovering kamen de Nederlannen yn de rin fan de 15e iuw ûnder it Boergondyske Hûs en yn 1482 ûnder it Habsburchske Hûs. Yn dizze perioade falle ek de Hoekske en Kabbeljauske twisten. Flaanderen is oan’e ein fan de Midsiuwen in tige wolfarrend lân, mar hat wol oan macht ynboete en hat ek grûngebiet oan Frankryk ferlern.

Fryslân Nei it ynienstoarten fan it Romeinske Ryk bliek Fryslân ynienen in sintrale lizzing te hawwen tusken de opkommende Germaanske keninkriken fan de Franken, Angelsaksen en de Skandinaavjers op de Noardwest-Jeropeeske hannelsrûtes. Dy posysje waard fan sawat 550 ôf fersterke troch it ferbrekken fan de Noard-Súd rûte tusken de Eastsee en de Middellânske See troch de ynfal fan Slavyske folken yn East-Jeropa. Fanwege harren wetterrike lân, dêr’t hast alle ferkear fanâlds oer wetter moast, hienen de Friezen al in bulte ûnderfining mei de skipfeart. It Fryske oandiel yn de skipfeart docht bygelyks bliken trochdat de Noardsee yn Historia Britonum mare Frenessicum of mare Fresicum neamd waard.

Yn 521 die de Deenske kening Chlochilaicus in ynfal yn Austraasje, miskyn it gebiet fan de Chattuarii. Hy waard lykwols ferslein troch Teudebert I, soan fan kening Teuderik I fan Austraasje. Yn 565 waard wer in Deenske fleat ferslein. De measte kontakten wienen lykwols freedsum.

Yn de iere midsiuwen wie Dorestêd in wichtige trochfierhaven yn Magna Frisia. Troch fersâning en plonderingen troch de Wytsingen ferfoel de stêd lykwols. De Friezen wienen no in folk fan seefarders dy’t libben fan de hannel, plondertochten en piraterij, in ûnderskied dat doe minder dúdlik makke waard. Se farden op Londen en York yn Ingelân, wêr’t se meekrap, barnstien, pelzen, wyn, oalje, speserijen en wijreek út it Easten brochten en izer, tin, lead en nôt hellen. Mei de opkomst fan de islam foelen lykwols de produkten út it Easten wei. In graach produkt wie it Fryske lekken, dat fan hege kwaliteit west hawwe moat. Tsjin it sin fan de Franken ferhannelen se Frankyske swurden mei it noarden. Ek hannelen se yn slaven dy’t benammen oarnearre wienen foar de slavemerken yn Spanje en Kaïro.

De Fryske fleat waard om 785 hinne troch Karel de Grutte sawat hielendal ferneatige. Nei de dea fan Karel de Grutte foel it Frankyske Ryk útinoar, wat de stabiliteit net ten goede kaam. Hjir makken de Wytsingen gebrûk fan. Om oan de oanfallen in ein te meitsjen, waarden gebieten beliend oan Wytsingen, yn de hope dat se oanfallen fan oare Wytsingen foarkomme soenen. Sa waard Fryslân beliend oan Godfried de Seekening. Dy brûkte syn posysje lykwols foar oare Wytsingoanfallen, wêrûnder de ferwoasting fan Dorestêd yn 863. Hy waard yn 885 fermoarde troch Gerolf fan Hollân, dy’t dêrmei de Friezen befrijde fan de Wytsingen en stamfaar waard fan it Hollânske Hûs.

Op 5 desimber 1930 waard it Utertse Skip fûn by graafwurk, dat datearre waard tusken 1000 en 1025. De Friezen wreiden mei dit type skippen yn de iere midsiuwen harren hannelsryk út. De fierste reis dy’t de Friezen makken, wie neffens Adam fan Bremen yn syn Gesta Hammaburgensis ecclesiae pontificum in reis rjochting de noardpoal, wêrby’t se weromkamen doe’t se mei iis en kontinu tsjuster te meitsjen krigen en ferswolgen driigden te wurden troch in mealstream.

Nettsjinsteande alle twisten hanthavene de Fryske hannel him. Starum wie yn dizze tiid de wichtichste Fryske stêd en koe aardich ûnôfhinklik bliuwe fan de Hânze, wêr’t it pas yn 1385 lid fan waard. De oanfallen fan de greven fan Hollân en de striid tusken de Skieringers en Fetkeapers soargen foar de Fryske delgong. Yn de 11e en de 12e iuw ferpleatste de hannel him nei Noard-Dútslân en de Eastsee.

Krústochten De krústochten soargen foar in oplibbing fan de skipfeart en de hannel. De Twadde Krústocht yn 1147 late ta it belis fan Lissabon troch Flaamske, Fryske, Normandyske, Ingelske, Skotske en wat Dútske krúsfarders. Op 24 oktober waarden de Moaren ferslein en waard Lissabon, nei plondere te wêzen, oerdroegen oan kening Alfons I fan Portugal. Dit wie ek it ienige súkses fan dizze krústocht.

De Tredde Krústocht wie tusken 1189 en 1192. Yn april 1190 sammele Richard Liuwenhert in fleat fan 600 skippen út Ingelân, Normandje, Brittanje, Anjou, Poitou en Akwitaanje yn Dartmouth yn Devonshire. De greven fan Hollân, Gelre en Kleef dienen mei inoar mei oan de Tredde Krústocht . Floaris III fan Hollân, dy’t yn 1190 omkaam yn de striid, gie tegearre mei syn soan, de lettere Willem I fan Hollân.

Wylst wie Wllem I ekskommunisearre troch de paus. Mei om fan dizze ban ôf te kommen die Willem I yn 1217 mei oan de Fiifde Krústocht. Hy krige hjirtroch in soad oansjen, om’t it foar him al de twadde krústocht wie.

Mei syn leger fan Friezen, Hollanners en Flamingen sylde Willem bylâns de Jeropeeske kust rjochting it Hillige Lân. Troch in stoarm rekken de skippen út’e koers. De fleat, dêr’t yntiids ek Ingelske skippen by komd wienen, socht beskûl op in Portugeeske rivier. De Portugeeske kening Alfons II wist de krúsridders oer te heljen him te helpen yn de striid tsjin de Moarske oerhearsking fan syn lân. Willem I joech ta oan it fersyk en farde op 30 july 1217 mei syn float nei Lissabon. De stêd wie 80 jier earder by de Twadde Krústocht befrijd, mar de Moaren wienen nea hielendal ferdreaun út Portugal. Nei in fûle striid om fort al-Kasr en mei it ûnthjit fan Willem I op in frije ôftocht joegen de Moaren har op 21 oktober 1217 oer. Ienkear bûten de festing stoarte it leger fan Willem I him op de ûnbewapene Moaren en slachten se ôf. As tank bea de Portugeeske kening de krúsridders lân oan en party ridders namen dit oan. Willem I ferlear hjirtroch it grut diel fan syn leger en frege dêrom oan paus Honoarius III om him te ûntheffen fan syn krúsfeart en him ta te stean ynstee dêrfan de striid yn Portugal fuort te setten. Mar de paus wegere om op dit fersyk yn te gean. In diel fan de fleat sylde doe op Akko ta. Willem sels oerwintere mei de rest fan de fleat yn Portugal en soe letter folgje.

Yn de maitiid fan 1218 kaam Willem mei de Friezen, Hollanners en Ingelsken oan yn Akko wêr’t oare krúsfarders harren al sammele hienen. Der waard besletten om de Noard-Egyptyske stêd Damiate te feroverjen. Op 27 maaie 1218 kamen de krúsridders oan by Damiate. Damiate waard beskerme troch trije muorren mei in protte tuorren en de Nyl. De tagong ta de stêd oan de Nyl wie ôfsluten mei in keatling dy’t beskerme waard troch de fleat fan de Ayyubiden. De keatling rûn fan de stêd nei in toer op in eilân tichteby de westlike ouwer. Op 25 augustus 1218 wisten de Friezen dizze toer te feroverjen en de keatling troch te seagjen. Op 5 novimber 1219 foel de stêd yn hannen fan de krúsfarders. De Egyptyske Sultan al-Kamil stelde dêrop út om Damiate te ruiljen foar Jeruzalim. De measte krúsridders wienen bliid mei dit foarstel, mar de pauslike ôfgesant Pelagius wegere. Net troch ûnderhannelingen, mar troch striid moast Jeruzalim ynnommen wurde. Doe’t Willem I dit hearde waard hy razend en gie mei syn leger wer nei hûs.

Troch dizze krústochten ûntstie der ek mear kontakt en dêrmei hannel tusken West-Jeropa en de Levant. Dêrwei kaam side, katoen, rys, súdfruchten, damast en mûsseline.

Súdlike Nederlannen Fan 869 ôf wisten Boudewijn I fan Flaanderen en syn opfolgers frijwat selsstannigens te berikken tsjinoer harren lienhear, de Frânske kening. Harren kearngebiet wie de streek om Brugge hinne. De greven wreiden har machtsgebiet út ta alle gebieten besuden en bewesten de Skelde, it tsjintwurdige Siuwsk-Flaanderen ynbegrepen. Men jage ek al op walfisken en weage him op de Middellânske See. Arnulf de Grutte krige in soad ynkomsten troch de toljilden fan Boulogne. Yn 1009 stelde Boudewyn IV de Hear fan Gistel oan as seeprefekt om de kust te beskermjen tsjin ynfallen. It ferlies fan tolynkomsten trochdat Boudewyn IV syn ynfloed oer Boulogne ferlear, waard mar foar in part goedmakke troch de opkomst fan Brugge. Mei it ûntstean fan It Swin en it graven fan it Alde Swin oan’e ein fan de 11e iuw waard Brugge goed berikber.

Boudewyn V stipe koart foar syn dea de ekspedysje nei Ingelân yn 1066 fan syn skoansoan Willem de Feroverder, dy’t troud wie mei syn dochter Matilda fan Flaanderen. Dit hie lykwols ta gefolgen dat de opkomst fan it Anglo-Normandysk blok de Flaamske macht bedrige. Dêrom socht Arnulf III kontakt mei syn lienhear, de Frânske kening. Sa ûntstie ek kontakt tusken Ingelân en Flaanderen. Robrecht de Fries makket lykwols ek oanspraak op it Greefskip Flaanderen, dat hy krige nei de Slach by Kassel yn 1071.

De kontakten mei de Ingelske kening Willem de Feroverder wienen bepaald net freonskiplik. Dy hie destiids sels in kontingint Normandjers stjoerd om Richilde fan Henegouwen, de mem fan Arnolf, te stypjen yn har striid tsjin Robrecht. Robrecht stipe de oanspraken fan syn skoansoan Knoet IV fan Denemarken op de ferlerne Ingelske troan. Tegearre soenen se in fleat fan 1600 skippen nei Ingelân ta stjoere. Mar it kaam nea safier, troch in bruorrestriid tusken de beide Deenske prinsen Knut IV en Olaf. Dêrnei ûntstie dôchs wer in tanadering.