Charles Le Goffic (Lannion, 14 july 1863 – dêre, 12 febrewaris 1932) wie in Frânsk dichter, skriuwer fan romans en koarte ferhalen, skiedkundige en letterkundige fan Bretonsk etnysk komôf. Syn ynfloed wie benammen sterk yn syn heitelân Bretanje, dêr't er û.m. de Skotske doedelsek yntrodusearre. Le Goffic wie in lid fan 'e Académie française.

Libben en karriêre Le Goffic waard berne yn Lannion, yn it Frânske departemint Côtes-du-Nord (no Côtes-d'Armor), dat diel útmakket fan 'e histoaryske regio Bretanje. Hy kaam út in begoedige sosjaal fermidden en brocht syn jonkheid troch yn Perros-Guirec en Trégastel, dêr't er fierhinne grutbrocht waard troch in minne. Yn oktober 1888 troude er mei in Julie Fleury. Nei't er dêroer in rjochtsaak wûn hie, kocht Le Goffic in pleats op Run-Rouz, dat ta Trégastel heart. Hy foarseach yn syn libbensûnderhâld troch om utens, yn oare dielen fan Frankryk, as skoalmaster te wurkjen: yn Gap, Évreux, Nevers en Le Havre.

Yn 1886 rjochte Le Goffic yn 'e mande mei Maurice Barrès en Raymond de Tailhède it literêr tydskrift Les Chroniques ("De Kroniken") op. Hy skreau, yn dat blêd en dêrbûten, wiidweidich oer aspekten fan 'e Bretonske en bredere Keltyske kulturele identiteit, wêrby't er de klam lei op it belang fan pleatslike tradysjes foar kulturele kontinuïteit. Ek publisearre er in protte oer skiedkundige ûnderwerpen. Dêrnjonken wie Le Goffic ek aktyf as dichter en skriuwer fan romans en koarte ferhalen. Syn ferhalebondel Passions Celtes, út 1910 wie fan grutte ynfloed op 'e Bretonske kulturele weropstanning. Ien fan syn ferhalen dramatisearre Le Goffic op fersyk fan 'e komponist Guy Ropartz ta in libretto foar syn opera Le Pays.

Yn 1895 wie Le Goffic it, dy't yn Bretanje de grutte Heechlânske doedelsek út Skotlân yntrodusearre. Neitiid ûntjoech dat muzykynstrumint him ta in ûnderdiel fan 'e Bretonske folksmuzyk dat net mear fuort te tinken is.

Yn polityk opsjoch stiene Le Goffic syn tinkbylden nei ta dy fan Charles Maurras. Hy wurke mei oan it blêd Revue d'Action française, dat yn 1899 oprjochte waard, en dêr't letter, yn 1908, L'Action française út fuortkomme soe. Hoewol't er eins in oertsjûge republikein wie, stipe er omreden fan syn militante regionalisme en syn tradisjonalistyske ideeën dochs it "maurrassisme", sa't dat bekend kaam te stean, in projekt om 'e monargy yn Frankryk wer yn te fieren. Dat docht û.m. bliken út syn L'Enquête sur la monarchie, út 1900.

Le Goffic waard yn 1930 keazen as lid fan 'e prestizjeuze Académie française. Hy kaam yn 1932 mei 68 jier te ferstjerren yn syn berteplak Lannion. Le Goffic waard te hôf brocht yn Trégastel, dêr't er rêst yn ien grêf mei syn frou Julie en harren dochter, dy't mar santjin jier waard.

Wurk

1879 – Nous autres 1882 – Velléda 1888 – Les Mémoires de Saint-Simon (mei Jules Tellier) 1889 – Amour Breton (dichtbondel) 1890 – Les Romanciers d'aujourd'hui 1891 – Chansons bretonnes 1892 – Le Crucifié de Kéraliès 1894 – Passé l'amour 1895 – Contes de l'Assomption 1896 – Sur la côte 1897– La Payse 1898– Morgane 1900– Le Bois dormant (dichtbondel) 1901– Le Pardon de la reine Anne (dichtbondel) 1902–1922 – L'âme bretonne (4 dielen) 1903 – Les Métiers pittoresques 1903 – L'Erreur de Florence 1904 – Les Sept-Îles 1904 – Les Calvaires Bretons 1906 – Les Bonnets rouges 1907 – La Cigarière 1909 – Passions celtes (ferhalebondel) 1909 – La double confession 1909 – La littérature française au XIXe siècle 1910 – Ventôse: Le pays 1911 – Fêtes et coutumes populaires 1912 – Racine (2 dielen) 1913 – Le Pirate de l’île Lern 1913 – Monsieur Ernest Renan dans la Basse-Bretagne 1913 – Poésies complètes (samle fersen) 1915 – Dixmude 1916 – Bourguignottes et pompons rouges 1917 – Les Marais de Saint-Gond 1917 – Steenstraëte 1917 – Sans nouvelles 1918 – La guerre qui passe 1919 – Saint-Georges et Nieuport 1919 – Les Trois Maréchaux 1920 – Bretagne 1920 – La littérature française aux XIXe et XXe siècles 1921 – La Marne en feu 1921 – L'Abbesse de Guérande 1921 – Chez les Jean Gouin 1921 – L'Odyssée de Jean Chevanton 1922 – L'Illustre Bobinet 1922 – Croc d'argent 1926 – Le Treizain de la nostalgie et du déchirement: La visite nocturne (dichtbondel) 1927 – Madame Ruguellou 1928 – La Tour d'Auvergne 1929 – Anthologie des poètes de la mer (blomlêzing fan gedichten oer de see) 1929 – Mes entretiens avec Foch, suivis d'un entretien avec le général Weygand 1931 – La Chouannerie : Blancs contre Bleus (1790–1800) (skiedkundich wurk oer de Chouannerie) 1931 – Poésies complètes (samle fersen; 2 dielen) 1933 – Ombres lyriques et romanesques

Keppelings om utens Wurken fan Charles Le Goffic op Project Gutenberg

Kategory:Frânsk romanskriuwer Kategory:Frânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frânsk dichter Kategory:Frânsk skiedkundige Kategory:Frânsk letterkundige Kategory:Frânsk publisist Kategory:Frânsk tydskriftredakteur Kategory:Frânsk ûnderwizer Kategory:Bretonsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1863 Kategory:Persoan stoarn yn 1932