Stasjon Almeare Bûten (Almb) is in stasjon oan de Flevoline yn Almeare yn it stedsdiel Almeare Bûten yn de provinsje Flevolân.

It waard yn gebrûk naam op 30 maaie 1987 mei de iepening fan de Flevoline (Weesp - Lelystêd Sintrum). It stasjonsgebou wie in ûntwerp fan arsjitekt Peter Kilsdonk. It stasjon hat twa brede perrons mei twa lange perronkappen. Oan beide siden binne hellingbanen, en de twa wichtichste treppehuzen binne oerdutsen en ôfskerme mei glêzen muorren. Beide treppen binne om in betonnen klokketoer hinne boud. Under it spoarweifiadukt is in stasjonshal mei in loket en in ytgelegenheid.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster 2400 Intercity (NS) Lelystêd Sintrum – Almeare Bûten – Almeare Sintrum – Amsterdam Súd – Skiphol Airport – Leien Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Doardt4300Sprinter (NS)Hoofddorp – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Weesp – Almeare Sintrum – Almeare Bûten – Almeare Oostvaarders4600Sprinter (NS)De Haach Sintraal – Leien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Sloterdijk – Amsterdam Sintraal – Weesp – Almeare Sintrum – Almeare Bûten – Lelystêd Sintrum – SwolRide yn de jûnsoeren en it wykein ek fan / nei De Haach Sintraal.

Kategory:Bouwurk yn Almeare Almeare Buten Almeare Buten