Stasjon Haarlim Spaarnwoude (Hlms) is in spoarweistasjon yn de stêd Haarlim yn de provinsje Noard-Hollân en waard iepene yn 1998 oan de Alde line (Amsterdam Sintraal - Rotterdam Sintraal). It is in typyske foarstêd stasjon mei in tal abrys, in iepen fytsestalling mei fytsklûzen, en der binne in pear parkearplakken oanwêzich, en is foarsjoen fan in opfallende brêge dy't njonken it spoar ek de A200 oerspant. Yn 2019 is de brêge foarsjoen fan liften ek binne der twa hellingbanen kaam om it stasjon tagonklik te meitsjen foar reizgers mei in rolstoel prorail.nl, 9-8-2019, liften en schilderwerk op station Haarlem Spaarnwoude.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster4800Sprinter (NS)Amsterdam Sintraal – Haarlim Spaarnwoude – Haarlim – Alkmar – HoarnRydt fan 20.00 oere ôf ien kear yn de oere tusken Alkmar en Hoarn.5400Sprinter (NS)Amsterdam Sintraal – Haarlim Spaarnwoude – Haarlim – Zandvoort aan ZeeRyd jûns nei 20:00 en yn it wykein net tusken Amsterdam Sintraal en Haarlim.

Kategory:Bouwurk yn Haarlim Haarlim Spaarnwoude Haarlim Spaarnwoude