Stasjon Heemstede-Aerdenhout (Had) is in spoarweistasjon yn de gemeente Heemstede yn de provinsje Noard-Hollân. En waard iepene yn 1876 oan de Alde line (Amsterdam Sintraal - Rotterdam Sintraal). Yn 1880 waard it stasjon sletten, mar yn 1928 waard it stasjon op 7 oktober weriepene
Gebou 200px|thumb|left|Stasjon Heemstede-Aerdenhout om en de by 1956 It oarspronklike spoarweistasjon fan Heemstede-Aerdenhout wie in ûntwerp fan arsjitekt Schelling en waard boud yn 1928 by de weriepening fan it stasjon. It bestiet út twa treppehuzen dy't liede nei in tunnel. Boppe beide treppehuzen steane ienfâldige geboukes mei in heech puntdak en in lytse wachtromte. Op it iene gebouke stiet Heemstede, op de oare Aerdenhout. Nei de Twadde Wrâldkriich wurdt de Alde line op de hichte fan it stasjon ferhege. Yn 1956 wurde beide geboukes dêrom ôfbrutsen, om plak te meitsjen foar it ferhege spoar.
Yn 1958 kriget Heemstede-Aerdenhout ien fan de earste echte fiaduktstasjons fan Nederlân nei ûntwerp fan Koen van der Gaast. De stasjonshal is ûnder de spoaren en de beide perrons. Yn de hal binne ferskate foarsjenningen ûnderbrocht. Oan beide siden fan de hal is in trep nei de perrons. De treppehuzen binne tegearre mei de wachtromten lâns it perron opnommen yn grutte "doazen" dy't útstekke boppe de yngong fan de stasjonshal. Yn 1999 kriget it stasjon oan beide kanten in lift, om it stasjon tagonklik te meitsjen foar reizgers mei in rolstoel.
Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster2100Intercity(NS)Amsterdam Sintraal – Haarlim – Heemstede-Aerdenhout – Leien Sintraal – De Haach SintraalRydt allinnich yn de spits fan moandei oant en mei tongersdei.2200Intercity(NS)Amsterdam Sintraal – Amsterdam Sloterdijk – Haarlim – Heemstede-Aerdenhout – Leien Sintraal –De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum– Rotterdam Sintraal – Doardt – Roosendaal – Middelburch – Flissingen6300Sprinter (NS)De Haach Sintraal – Leien Sintraal – Heemstede-Aerdenhout – HaarlimRydt nei 20.00 oere en yn it wykein tusken Leien Sintraal en Haarlim.
Kategory:Bouwurk yn Heemstede Heemstede-Aerdenhout Heemstede-Aerdenhout Heemstede-Aerdenhout