Stasjon De Haach Leane fan NOI (Laa) is in spoarweistasjon yn de stêd De Haach yn de provinsje Súd-Hollân en waard iepene yn 1907 oan de Alde line (Amsterdam Sintraal - Rotterdam Sintraal).

Gebou It oarspronklike spoarweistasjon fan De Haach Leane fan NOI wie in ienfâldich lyts gebouke dat mar in pear romten befette. Fia treppen en in tunnel koene reizgers op it perron komme. It earste stasjongsgebou waard ôfbrutsen yn 1978.

It stasjon waard ferfongen troch in nij gebou fan de hân fan arsjitekt Cees Douma. It stasjonsgebou bestiet út twa ferdjippings en it treppehûs nei it earste perron. Under binne de loketten en de yngong nei de tunnel. De boppeferdjipping wurdt foarme troch de wachtromte fan it earste perron. It tal perronspoaren is tagelyk útwreide nei seis. Yn 2000 waarden der liften boud om it stasjon tagonkelik te meitsjen foar reizgers mei in rolstoel. In pear jier letter binne de perrons oan de kant fan it stasjonsgebou oanpast oan de metro- en sneltramstellen fan de Rânestêdrail.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster2200Intercity(NS)Amsterdam Sintraal – Amsterdam Sloterdijk – Haarlim – Leien Sintraal – De Haach Leane fan NOI – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Doardt – Roosendaal – Middelburch – Flissingen 2400 Intercity (NS) Lelystêd Sintrum – Almere Bûten – Almere Sintrum – Amsterdam Súd – Skiphol Airport – Leien Sintraal – De Haach Leane fan NOI – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Doardt 3200 Intercity (NS) Arnhim Sintraal – Ede-Wageningen – Utert Sintraal – Amsterdam Súd – Skiphol Airport – Leien Sintraal – De Haach Leane fan NOI – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal Rydt allinnich yn de spits fan moandei o/m tongersdei. 3700 Intercity (NS) Doardt – Rotterdam Sintraal – Skiedam Sintrum – Delft – De Haach HS – De Haach Leane fan NOI – Leien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Utert-Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Helmond – VenloRydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Doardt nei Venlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Skiphol Airport en Venlo.3300Sprinter (NS)De Haach Sintraal – De Haach Leane fan NOI – Leien Sintraal – Hoofddorp – Skiphol Airport – Saandam – Purmerein – Hoarn – Hoarn KersenboogerdJûns nei 20:00 oere en yn it wykein wurdt der net riden tusken Hoofddorp en De Haach Sintraal v.v. en tusken Hoarn en Hoarn Kersenboogerd.4600Sprinter (NS)De Haach Sintraal – De Haach Leane fan NOI – Leien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Sloterdijk – Amsterdam Sintraal – Weesp – Almere Sintrum – Almere Bûten – Lelystêd Sintrum – SwolRyd alline yn de jûnsoeren en it wykein ek fan en nei De Haach Sintraal. Troch de wike is it ein en begjinpunt Leien Sintraal.6300Sprinter (NS)De Haach Sintraal – De Haach Leane fan NOI – Leien Sintraal – Heemstede-Aerdenhout – HaarlimRydt nei 20.00 oere en yn it wykein tusken Leien Sintraal en Haarlim.

Kategory:Bouwurk yn De Haach Haach Leane fan NOI, De Haach Leane fan NOI, De Haach Leane fan NOI, De