Stasjon Delft (Dt) is in spoarweistasjon yn Delft en waard iepene yn 1847 oan de Alde line (Amsterdam Sintraal - Rotterdam Sintraal). Yn dizze Súd-Hollânske is yn 2012 it tredde stasjonsgebou sûnt 1847 iepene.

Gebou 200px|thumb|left|2e stasjonsgebou stasjon Delft yn 1977 It earste stasjonsgebou wie in ynfâldig gebouke dy't al yn 1883 sloopt wurdt.

It wurdt ferfongen troch nijbou, ûntwurpen troch de arsjitekt Christiaan Posthumus Meyjes sr., in opfallend rykfersierd asymmetrysk gebou mei in toer. Foar de trije doarren fan it haadgebou sit in bordes dêr't it hichteferskil tusken de strjitte en de stasjonshal mei oerbrêge wurdt. It gebou hat twa ferskillende fleugels dy't wer twa ferskillende eingebouwen hawwe. Yn 1952 is de stasjonshal yngreven ferboud nei ûntwerp fan Christiaan Posthumus Meyjes jr. soan fan de oarspronklike arsjitekt fan it gebou.

It stasjonsgebou út 1883 waard yn febrewaris 2015 ferfongen troch in nij gebou fanwegen de spoarferdûbeling fan it spoar tusken Den Haag - Delft en de oanlis fan in spoartunnel. It nije gebou nei ûntwerp fan arsjitektenburo Benthem en Crouwel is boud njonken it stasjonsgebou út 1883. De bou fan de spoortunnel en it nije stasjon sette yn 2009 útein. It nije glêzen stasjonsgebou is ûnderdiel fan in nijboukompleks boppe-op de tunnel wêryn 't ek it Stedskantoar fan Delft ûnderbrocht is.

It âlde stasjonsgebou út 1883 in ryksmonumint sûnt 2002, is nei de sluting safolle mooglik yn de oarspronklike steat werombrocht en tsjintwurdich yn gebrûk as restaurant.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster 1100 Intercity (NS) De Haach Sintraal – De Haach HS – Delft – Rotterdam Sintraal – Breda – Tilburch – Eindhoven Sintraal1400Nachtnet Intercity(NS)Utert Sintraal – Amsterdam Bijlmer ArenA – Amsterdam Sintraal – Skiphol Airport – Leiden Sintraal – De Haach HS – Delft – Rotterdam SintraalDe treinsearje 21400 foar de trajektferlingingen Rotterdam Sintraal - Eindhoven Sintraal en Utert Sintraal - Eindhoven ride allinnich yn freed en sneon te nacht. Yn it earste part fan woansdei en tongersdei te nacht stoppet de trein yn Gouda yn plak fan Delft op. Dêrneist wurde bussen ynset op it trajekt Rotterdam Sintraal - Delft – De Haach HS.2200Intercity(NS)Amsterdam Sintraal – Amsterdam Sloterdijk – Haarlim – Leiden Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Doardt – Roosendaal – Middelburch – Flissingen 2400 Intercity (NS) Lelystêd Sintrum – Almere Bûten – Almere Sintrum – Amsterdam Súd – Skiphol Airport – Leien Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Doardt 3200 Intercity (NS) Arnhim Sintraal – Ede-Wageningen – Utert Sintraal – Amsterdam Súd – Skiphol Airport – Leien Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal Rydt allinnich yn de spits fan moandei o/m tongersdei. 3700 Intercity (NS) Doardt – Rotterdam Sintraal – Skiedam Sintrum – Delft – De Haach HS – Leien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Utert-Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Helmond – VenloRydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Dordrecht nei Venlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Schiphol Airport en Venlo oer.5000Sprinter (NS)De Haach Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Rotterdam Blaak – Rotterdam Lombardijen – DoardtRydt net yn it wykein en nei 20:00 oere jûns.5100Sprinter (NS)De Haach Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Rotterdam Blaak – Rotterdam Lombardijen – Doardt

Kategory:Bouwurk yn Delft Delft Delft Delft Delft