Stasjon Amsterdam Bijlmer ArenA (Asb) is ien fan de spoarstasjons yn de Nederlânske stêd Amsterdam, yn de provinsje Noard-Hollân. It waard iepene yn 1971 oan de Rhijnspoarwei (Amsterdam Sintraal - Elten). It stasjon waard oant desimber 2006 Stasjon Amsterdam Bijlmer neamt.

Gebou 200px|thumb|left|2e stasjonsgebou stasjon Amsterdam Bijlmer ArenA yn 1976 It oarspronklike spoarstasjon Amsterdam Bijlmer ArenA wie in tydelik stasjon en waard iepene yn 1971 nei't de earste bebouwing yn de Bijlmer ree kaam wie. It stasjon wie net mear as twa houten perrons, mei in keet foar de kaartferkeap, en in Baileybrêge oer de spoaren hinne.

It stasjon waard yn 1976 ferfongen troch in definityf stasjon fan de hân fan de arsjitekten Ben Spängberg en Sier van Rhijn. It nije stasjonsgebou waard kombinearre mei in metrostasjon, it krige dan ek it úterlik fan oare metrostasjons út die perioade. It stasjonsgebou waard yn 2004 ofbrútsen, nei't it nije stasjon dêr't de bou fan al yn 2000 brûkber wie foar reizgers.

Yn 2006 kaam it nij stasjonsgebou ree, nei ûntwerp fan arsjitekt Jan van Belkum. It stasjon is foar in part situearre boppe de santich meter brede ArenA Boulevard. En bestiet út in twahûndert meter lange bûgde oerkaping fan stiel, hout en glês mei in hichte fan tweintich oant tritich meter.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster1400Nachtnet Intercity(NS)Utert Sintraal – Amsterdam Bijlmer ArenA – Amsterdam Sintraal – Skiphol Airport – Leiden Sintraal – De Haach HS – Delft – Rotterdam SintraalDe treinsearje 21400 foar de trajektferlingingen Rotterdam Sintraal - Eindhoven Sintraal en Utert Sintraal - Eindhoven ride allinnich yn freed en sneon te nacht. Yn it earste part fan woansdei en tongersdei te nacht stoppet de trein yn Gouda yn plak fan Delft op. Dêrneist wurde bussen ynset op it trajekt Rotterdam Sintraal - Delft – De Haach HS. 2900 Intercity (NS) Inkhuzen – Hoarn – Amsterdam Sintraal – Amsterdam Bijlmer ArenA – Utert-Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Weert – Roermond – Sittard – MaastrichtRydt allinne yn 'e iere moarn en yn 'e jûnsoeren. 3100 Intercity (NS) Skiphol Airport – Amsterdam Bijlmer ArenA – Utert-Sintraal – Veenendaal-De Klomp – Ede-Wageningen – Arnhim Sintraal – Nimwegen 3200 Intercity (NS) Arnhim Sintraal – Ede-Wageningen – Utert-Sintraal – Amsterdam Bijlmer ArenA – Amsterdam Súd – Skiphol Airport – Leien Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal Rydt allinnich yn de spits fan moandei o/m tongersdei. 3500 Intercity (NS) Skiphol Airport – Amsterdam Bijlmer ArenA – Utert-Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Helmond – Venlo Wurdt yn de jûnsoeren en sneins ferfongen troch searje 3700. 3700 Intercity (NS) Doardt – Rotterdam Sintraal – Skiedam Sintrum – Delft – De Haach HS – Leien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Amsterdam Bijlmer ArenA – Utert-Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Helmond – VenloRydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Dordrecht nei Venlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Schiphol Airport en Venlo oer.24400Nachtnet Intercity (NS)Amsterdam Bijlmer ArenA – Skiphol Airport – Leien SintraalAlinne tiisdei en woansdeitenacht. 32700 Nachttrein (Arriva) arriva.nl, Dienstregeling NachttreinMaastricht – Sittard – Roermond – Weert – Eindhoven Sintraal – De Bosk – Utert Sintraal – Amsterdam Bijlmer ArenA – Skiphol AirportAlinne freedtenachts 4000Sprinter (NS)Uitgeest – Saandam – Amsterdam Sintraal – Amsterdam Bijlmer ArenA – Breukelen – Woerden – Gouda – Rotterdam Sintraal7400Sprinter (NS)Uitgeest – Saandam – Amsterdam Sintraal – Amsterdam Bijlmer ArenA – Breukelen – Utert Sintraal – Driebergen-Zeist

Kategory:Bouwurk yn Amsterdam Amsterdam Bijlmer ArenA Amsterdam Bijlmer ArenA Amsterdam Bijlmer ArenA Amsterdam Bijlmer ArenA