Stasjon Breukelen (Bkl), iepene op 18 desimber 1843, is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Breukelen yn de gemeente Stichtske Fecht yn de provinsje Utert. It stasjon leit oan de Rhijnspoarwei (Amsterdam Sintraal - Elten).

Gebou 200px|thumb|left|1e stasjonsgebou stasjon Breukelen yn 1980 200px|thumb|left|2e stasjonsgebou stasjon Breukelen yn 1992 It oarspronklike spoarweistasjon fan Breukelen waard iepene yn 1872, njoggenentweintich jier neidat it spoar ree kaam wie. It symmetryske gebou bestiet út in leech middendiel mei twa eingebouwen fan oardel ferdjipping dy 't heaks op it middendiel stean.

It stasjon waard yn 1980 ôfbrútsen en ferfongen troch in nij gebou bekend as Standerttype Beilen fan de hân fan arsjitekt Cees Douma. It 2e stasjonsgebou waard yn 2006 sloopt, om plak te meitsjen foar spoarferdûbeling tusken Amsterdam en Utert. Under de spoaren komme in fiadukt foar fuotgongers, fytsers en it wetter fan de Groote Heicop. Ek steane hjir de kaartautomaten en is fia in trep en in lift it foar in part oerdutsen eilânperron te berikken.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster4000Sprinter (NS)Uitgeest – Saandam – Amsterdam Sintraal – Breukelen – Woerden – Gouda – Rotterdam Sintraal7300Sprinter (NS)Breukelen – Utert-Sintraal – Driebergen-Zeist – Veenendaal Sintrum – Rhenen7400Sprinter (NS)Uitgeest – Saandam – Amsterdam Sintraal – Breukelen – Utert Sintraal – Driebergen-Zeist

Kategory:Bouwurk yn Stichtske Fecht Breukelen Kategory:Bouwurk út 1872 Kategory:Bouwurk út 1980 Kategory:Bouwurk sloopt yn 2006