Stasjon Almeare Sintrum (Alm) is in stasjon oan de Flevoline it is it haadstasjon fan de stêd Almeare.
Gebou It waard yn gebrûk naam op 30 maaie 1987 mei de iepening fan de Flevoline (Weesp - Lelystêd Sintrum). It stasjonsgebou wie in ûntwerp fan arsjitekt Peter Kilsdonk en lyk as alle stasjons oan de Flevoline in fiadukstasjon. De measte stasjonsfunksjes lykas de loketten, restauraasje, winkels en fytsestalling lizze ûnder it fiadukt en binne situearre oan de brede passaazje dy't as ferlinging fan de oangrinzjende winkelstrjitte ûnder it stasjon trochrint. De perronoerkapping is krekt as dy yn Breda en Saandam útfierd yn in fakwurk en hat boppe de beide siden fan it stasjon in trochsichtige gevel dy't om samar te sizzen de reade fakwurk konstruksje teard is. Oant 1999 wie de namme fan it stasjon Almeare Sintraal.
Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster 700 Intercity (NS) De Haach Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Almeare Sintrum – Lelystêd Sintrum – Swol – Assen – Grins 1800 Intercity (NS) De Haach Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Almeare Sintrum – Lelystêd Sintrum – Swol – Meppel – Ljouwert 2400 Intercity (NS) Lelystêd Sintrum – Almeare Bûten – Almeare Sintrum – Amsterdam Súd – Skiphol Airport – Leien Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Doardt2600Intercity(NS)Almeare Sintrum – Amsterdam Sintraal12600 Intercity (NS) Grins – Assen – Swol – Lelystêd Sintrum – Almeare Sintrum – Amsterdam SintraalAlinne freedtenachts 32600 Nachttrein (Arriva) arriva.nl, Dienstregeling Nachttrein Grins – Assen – Swol – Lelystêd Sintrum – Almeare Sintrum – Amsterdam Súd – Skiphol Airport Alinne freedtenachts4300Sprinter (NS)Hoofddorp – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Weesp – Almeare Sintrum – Almeare Bûten – Almeare Oostvaarders4600Sprinter (NS)De Haach Sintraal – Leien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Sloterdijk – Amsterdam Sintraal – Weesp – Almeare Sintrum – Almeare Bûten – Lelystêd Sintrum – SwolRide yn de jûnsoeren en it wykein ek fan / nei De Haach Sintraal.4900Sprinter (NS)Utert-Sintraal – Hilfertsom – Almeare Sintrum Stoppet net op Hollandsche Rading, Hilfertsom Media Park en Bussum Súd. Rydt yn 'e betide moarn, jûns nei 20:00 en yn it wykein as 14900.14900Sprinter (NS)Almeare Sintrum – Hilfertsom – Utert-SintraalRydt allinne jûns en yn it wykein. Stoppet net op Bussum Súd en Hilfertsom Media Park. Wurdt troch de wike oerdeis riden troch searje 4900.
Kategory:Bouwurk yn Almeare Almeare Sintrum Almeare Sintrum