Megan Moroney (folút: Megan Ann Moroney; Savannah, 9 oktober 1997) is in Amerikaansk sjongster fan countrymuzyk. Hja hie yn 2022 en 2023 har earste grutte hit mei de single Tennessee Orange.

Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Moroney waard yn 1997 berne yn Savannah, yn 'e Amerikaanske steat Georgia. As bern harke se al in protte nei countrymuzyk en teffens learde se doe pianospyljen. Nei't se de middelbere skoalle ôfrûne hie, studearre Moroney digitale marketing en muzykbedriuwskunde oan 'e Universiteit fan Georgia yn Athens, in foarstêd fan Atlanta. Yn dy snuorje wie se al begûn mei it fersoargjen fan optredens as countrysjongster en foarme se it foarprogramma by in konsert foar Chase Rice en by in konsert fan Kristian Bush fan it duo Sugarland.

Karriêre Nei't se klear wie mei har stúdzje ferfear Moroney yn 2020 nei Nashville yn Tennessee, it mekka fan 'e countrymuzyk, om in karriêre as sjongster nei te stribjen. Se wie yn kontakt bleaun mei Kristian Bush, dy't har dêre by oare liettsjeskriuwers yntrodusearre. Yn 2021 brocht Moroney har earste single út, mei as titel Wonder. Dy berikte de hitlisten net, mar late wol ta it opnimmen fan 'e EP Pistol Made of Roses, dy't yn july 2022 útkaam.

Yn oktober 2022 folge Moroney har twadde single, Tennessee Orange, dy't troch Bush produsearre waard. It liet waard troch online-streaming populêr en behalven yn 'e country-hitlisten krong it ek troch yn 'e pophitlist Billboard Hot 100. It groeide út ta in grutte hit, dy't sertifisearre waard as fjouwer kear platina (en yn Kanada as twa kear platina en yn Nij-Seelân as goud). It berikte it tolfde plak yn 'e Hot Country Songs, it tsiende plak yn 'e Country Airplay en it 53e plak yn Billboard Hot 100.

Troch it súkses fan Tennessee Orange krige Moroney in platekontrakt oanbean troch Arista Nashville, dat se oannaam. Wylst it liet opklom yn 'e hitlisten, waard dat platelabel lykwols opdoekt, sadat Moroney bedarre by Columbia Records, in oar label fan deselde memme-ûndernimming, Sony Music Nashville. Sadwaande kaam yn maaie 2023 by Columbia har earste album út, dat de namme Lucky droech en dat û.o. de singles Tennessee Orange en Lucky omfette. It berikte de top 40 fan 'e Billboard 200. It gesachhawwende tydskrift Rolling Stone rôp Lucky út ta it bêste countryalbum fan 2023.

Ek yn 2023 wurke Moroney gear mei de band Old Dominion oant 'e single Can't Break Up Now, dy't nominearre waard foar ferskate wichtige prizen. Har eigen promoasjesingle No Caller ID waard in platina plaat. Yn 2024 brocht Moroney har twadde studio-album út, mei as titel Am I Okay? De titelsong dêrfan wûn yn 2025 de MTV Video Music Award foar bêste countryfideoclip. Yn maart fan dat jier sette Moroney yn Montreal útein mei in toernee dêr't se hiel Noard-Amearika mei trochreizge, om úteinlik yn oktober te einigjen yn Tampa (Floarida).

Priveelibben Sûnt 2020 wennet Moroney yn Nashville (Tennessee).

Yn 'e fideoclip fan Tennessee Orange'' droech Moroney in Tennessee Volunteers-shirt fan sjonger Morgan Wallen, mar se hold har yn 't earstoan op 'e flakte oer de fraach oft dat betsjutte dat se in relaasje mei him hie. Yn 2024 befêstige se dat dat sa west hie, hoewol't it neffens har nea sa serieus "oan" west hie as yn 'e fideoclip. Moroney en Wallen wiene anno 2024 noch goed befreone.

Diskografy Albums Studio-albums útbrocht titel label prizen en nominaasjes resultaat 5 maaie 2023LuckySony Music Nashville 12 july 2024Am I Okay?Sony Music Nashville & Columbia Recordsnom. foar American Music Award foar favorite countryalbum

EP's útbrocht titel label prizen en nominaasjes resultaat 15 july 2022Pistol Made of RosesSony Music Nashville 1 nov. 2024Blue Christmas... DuhSony Music Nashville

Singles jier titel prizen en nominaasjes resultaat album 2021Wonder gjin album2022Tennessee OrangeCMT Music Award foar froulike trochbraakfideoclip fan it jiernom. foar ACM Award foar liet fan it jiernom. foar ACM Award foar fisuele media fan it jiernom. foar CMA Award foar liet fan it jiernom. foar CMT Music Award foar digitaal optreden fan it jier LuckyHair Salon Pistol Made of RosesFix You, Too I Love Me 2023I'm Not Prettynom. foar CMA Award foar fideoclip fan it jiernom. foar CMT Music Award foar froulike fideoclip fan it jiernom. foar CMT Music Award foar digitaal optreden fan it jier LuckyLucky What Are You Listening To? gjin album2024Am I Okay?MTV Video Music Award foar bêste countryfideoclip Am I Okay?No Caller IDnom. foar People's Choice Country Award foar froulik liet fan 2024 28th of June Indifferent Man on the Moon 2025You Had to Be There(mei Kenny Chesny) 3e studio-album (noch net ferskynd)6 Months Later Beautiful Things

Gastsingles jier titel prizen en nominaasjes resultaat album 2023Can't Break Up Now(mei Old Dominion)nom. foar ACM Award foar muzykbarren fan it jiernom. foar CMT Music Award foar kollaborative fideoclip fan it jiernom. foar People's Choice Country Award foar kollaboratyf liet fan 2024 Memory Lane 2024Never Left Me Twisters: The Album(soundtrack fan 'e film Twisters)

Keppelings om utens Offisjele webside fan Megan Moroney Megan Moroney yn 'e Internet Movie Database (IMDb)

Kategory:Amerikaansk sjonger Kategory:Amerikaansk country-artyst Kategory:Amerikaansk lietsjeskriuwer Kategory:Amerikaansk muzikant Kategory:Amerikaansk gitarist Kategory:Amerikaansk pianist Kategory:Persoan berne yn 1997