Stasjon Klarenbeek (Kbk) is in spoarweistasjon yn de buert fan Klarenbeek en waard iepene yn 1882 oan de Easterspoarwei (Amsterdam Sintraal - Sutfen). It bestiet út twa perrons dy't yn bajonetfoarm lizze, mei dertuskentroch de Hoofdweg.
Gebou |200px|thumb|left|1e stasjonsgebou stasjon Klarenbeek yn 1959 200px|thumb|left|2e stasjonsgebou stasjon Klarenbeek yn 1959 It earste stasjonsgebou wie in wachterswenning mei in houten oanbou dêr't inkelde stasjonsfunksjes yn ûnderbrocht wiene. It stasjon waard sletten yn 1938, mar waard yn 1942 wer iepene. It earste gebou waard ôfbrutsen yn 1959.
Tsjinoer de wachterswenning waard datselde jier in nij stasjonsgebou boud, bekend as Standerttype Velsen-Zeeweg fan de hân fan arsjitekt Willem Kloos. It gebou waard yn 1996 ôfbrutsen en wat oerbleau wiene allinne in tal abry's. Yn 2018 waard op it plak fan it twadde stasjonsgebou in húske delset.
Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster RS 3017800 Stoptrein (Arriva) Sutfen – Klarenbeek – Apeldoarn In healoeretsjinst
Klarenbeek Klarenbeek Klarenbeek Kategory:Bouwurk sloopt yn 1996