Last Action Hero is in Amerikaanske fantasy-aksjekomeedzje en -plysjefilm út 1993 ûnder rezjy fan John McTiernan. Yn dizze film wurde mei mylde satire de aksjefilm- en plysjefilmsjenres en oanbesibbe eleminten fan 'e filmyndustry fan Hollywood op 'e hak nommen. De haadrollen waarden spile troch Arnold Schwarzenegger en de jonge Austin O'Brien, dy't ûnderstipe waarden troch û.o. Anthony Quinn, Robert Prosky en Charles Dance yn 'e wichtichste byrollen. De titel betsjut "Lêste Aksjeheld". It ferhaal folget teenager Danny Madigan, dy't op magyske wize yn ien fan 'e aksjefilms fan syn idoal, resjersjeur Jack Slater, bedarret. Tegearre mei Slater moat er it opnimme tsjin 'e ûnmeilydsume krimineel Benedict, dy't út 'e film nei de echte wrâld ûntsnapt.

Last Action Hero befettet ferskate parodyen op aksjefilms yn 'e foarm fan films yn 'e film. Ek is Last Action Hero opmerklik fanwegen it grutte tal cameo's fan bekende persoanen út 'e Amerikaanske filmyndustry en it grutte tal ferwizings nei oare films. Fan 'e filmkritisy krige Last Action Hero oer it algemien negative resinsjes. Hoewol't de film yn 'e bioskopen winst makke, wie it einresultaat troch alle bykommende kosten eins in ferlies en rûn it foar filmstudio Sony Pictures út op in teloarstelling. Letter wie Last Action Hero wol súksesfol yn 'e fideoteek en as VHS-keapfideo en fêstige de film himsels as in cultklassiker.

Plot Danny Madigan is in jonge fan tsien jier dy't mei syn allinnichsteande mem Irene, in jonge widdo, yn in fan misdie optillende wyk fan New York wennet. Sûnt it ûntidich ferstjerren fan syn heit hat Danny syn heil socht yn in eskapistyske flecht yn films. Dy besjocht er yn in âlde, folslein fertutearze bioskoop mei syn iennichste freon, de bejierre eigner en projeksjonist Nick. Danny hat fral in protte niget oan aksjefilms en is in grutte fan fan 'e filmsearje oer de bienhurde en net stikken te krijen Los Anzjelynske resjersjeur Jack Slater, spile troch Arnold Schwarzenegger. Op in dei ferrast Nick Danny mei in útnûging om jûns let tegearre in preview te hâlden fan 'e nijste film út 'e rige, Jack Slater IV, dy't eins de folgjende dei pas yn premiêre giet.

Foar't se mei de film begjinne, jout Nick oan Danny in gouden bioskoopkaartsje, dat er as jonkje ea fan 'e ferneamde boeienskening Harry Houdini krigen hat. Dyselde hie Nick ferteld dat it in magysk kaartsje wie, mar Nick hat nea de moed hân om te sjen oft dat wier is, bang as er wie om út te finen dat Houdini him foarliigd hie. Danny hat dêr lykwols minder muoite mei en brûkt it kaartsje fuortendaliks troch it midstwa skuorre te litten by wize fan tagong krijen ta de film.

Yn Jack Slater IV wurdt Slater syn bêste efterneef Frank ûntfierd troch maffiabaas Tony Vivaldi, dy't de âldman tramtearje lit om ynformaasje los te krijen oer wat Slater wit fan 'e oansteande gearwurking fan Vivaldi mei syn rivaal Torelli. Letter docht út in petear tusken Vivaldi en syn trewant, de ûnmeilydsume ieneagige hiermoardner Benedict, lykwols bliken dat it falstrik is om Slater te mislieden: Vivaldi is hielendal net fan doel om mei Torelli gear te wurkjen, mar just om him en syn hiele famylje yn ien klap te eliminearjen. De ûntfiering en mishanneling fan Frank is inkeld bedoeld sadat dy nei syn frijlitting Slater op 'e hichte bringe kin fan it pakt dat Vivaldi en Torelli sletten hawwe. Sa komt it ek, want Frank libbet krekt lang genôch om dy ynformaasje oan Slater troch te jaan.

Neitiid ûntkomt Slater oan 'e ûntploffing fan in bom, dy't Benedict yn 'e wente fan Frank efterlitten hie, en dêrnei ûntspint him in efterfolging fan Slater troch in kloft mei mitrailleurs bewapene trewanten fan Vivaldi. Op dat punt yn 'e film begjint de helte fan it tagongskaartsje dy't Danny yn 'e bûse hat, te gloedzjen, en wurdt er op magyske wize oerbrocht nei de film, dêr't er op 'e efterbank fan Slater syn auto telâne komt.

Nei't se op spektakulêre en alhiel net wierskynlike wize oan harren efterfolgers ûntkommen binne, nimt Slater Danny mei nei it haadplysjeburo fan it Los Angeles Police Department. By de haadyngong stekt Sharon Stone, yn har rol as Catherine Tramell út Basic Instinct, krekt in sigaret op, wylst Robert Patrick, yn syn rol fan 'e T-2000-terminator út Terminator 2: Judgment Day krekt nei bûten komt as Slater en Danny deryn geane. Om't er Slater útlizze wol wêr't er wei komt, besiket Danny him der ûnderwilens fan te oertsjûgjen dat Slater sels in fiktyf personaazje is en dat alles wat der bart mar in film is. Op it plysjeburo wiist er op it bestean fan in resjersjeur dy't Whiskers hjit, en dy't in tekenfilmkat mei hoed en reinjas is. Slater sjocht dêr lykwols neat nuvers yn. Letter nimt Danny Slater mei de fideoteek om him films fan Arnold Schwarzenegger sjen te litten; dat soe him derfan oertsjûgje moatte dat er net mear as ien fan Schwarzenegger syn rollen is. Mar yn 'e fideoteek docht bliken dat Schwarzenegger yn 'e film net bestiet: op in filmposter fan Terminator 2: Judgment Day stiet Sylvester Stallone ôfbylde as de Terminator.

Wannear't in âlde freon fan Slater opdûkt, FBI-agint John Practice, ken Danny him werom as in rol dy't spile wurdt troch de akteur F. Murray Abraham. Mei't dyselde ek Antonio Salieri spile yn Amadeus, fertelt Danny oan Slater dat Practice net te fertrouwen is om't er "Mozart fermoarde" hat. (Practice seit letter dat er him dy Moe Zart net tebinnenbringe kin, mar dat jildt foar de helte fan 'e lju dy't er deasketten hat, dat it soe samar kinne.) Slater beskôget al Danny syn praat oer films en fiktive personaazjes as in libben ynbyldingsfermogen, wylst syn sjegrinige sjef, haadynspekteur Dekker, Danny oanwiist as Slater syn nije plysjepartner. Dy gong fan saken fynt Danny wer wat dat inkeld yn in film kin, mar op 'e nij beskôget Slater it as folslein normaal. It duo kriget opdracht om 'e kriminele aktiviteiten fan Vivaldi te ûndersykjen.

Mei't er de filla fan Vivaldi oan it begjin fan 'e film op loftbylden sjoen hat, kin Danny Slater fertelle wêr't it is. Slater, dy't net folle fertrouwen yn Danny hat, beslút en belje oan. Sa moetsje se Benedict, mei wa't Slater in rige bedrigings útwikelet dy't yn bedutsen foarm begjinne mar hieltyd iepentliker wurde neigeraden dat harren petear foarderet. Danny beweart dat Benedict en Vivaldi efter de moard op Slater syn efterneef Frank sitte, mar Slater hat dêr gjin inkeld bewiis foar, dat se moatte sûnder wat bedijd te hawwen de filla fan Vivali wer ferlitte. Harren besyk hat lykwols de ûnbedoelde bywurking dat Benedict nijsgjirrich wurdt nei Danny en hoe't dy safolle oer him en Vivaldi witte kin. Dêrom folgje hy en in groepke trewanten it duo werom nei de wente fan Slater. As Danny dêr allinnich efterbliuwt mei Slater syn tige oantreklike teenagedochter Whitney, spile troch de aktrise Meredith Caprice, op wa't Danny smoarfereale is, falle Benedict-en-dy it hûs binnen om Danny finzen te nimmen en oan 'e praat te krijen. Ien fan syn mannen, dy't Whitney tenei komt, wurdt lykwols troch har om hals brocht, en de measte oaren komme om as Slater ûnferwachts thúskomt en regaad makket. Benedict wit lykwols te ûntkommen mei de helte fan it magyske tagongskaartsje dat er Danny ûntstellen hat. Letter ûntdekt er dat it kaartsje tagong jout ta wat foar him in soarte fan parallel universum is.

Mei help fan Danny riddenearret Slater út dat Vivaldi fan doel is om gifgas te brûken op 'e útfeart fan Leo de Ofskiter, in neiste trewant fan Torelli, sadat er yn ien kear alle oanwêzigen fergasse kin. De útfeartplechtichheid fynt plak op it dak fan in wolkekliuwer. Slater en Danny sette dêr op ta om 'e fergassing tsjin te kearen, mar se wurde opheind troch Practice, dy't, krekt sa't Danny al tocht, net te fertrouwen is. Hy hat him troch Vivaldi omkeapje litten en nimt Slater en Danny finzen. Se wurde rêden troch Whiskers de kat, dy't Practice út 'e ljochten helpt ear't dyselde Slater deasjitte kin om Danny foar de moard opdraaie te litten. Slater giet nei it dak fan 'e wolkekliuwer, dêr't er mei it lyk fan Leo de Ofskiter útnaait, efter de hakken sitten troch de hiele, swierbewapene famylje Torelli. Bewizend dat yn in film echt alles kin, bestjoert Danny in reuseftige hyskraan, mei de heak wêrfan't er it lyk, en letter ek Slater, opfangt en yn 'e Tarreputten fan La Brea falle lit, dêr't it gifgas blykber gjin kwea kin.

Benedict keart werom nei de filla fan Vivaldi, dy't er net útstean kin, en fermoardet him. As Slater en Danny koart dêrnei arrivearje om him finzen te nimmen, brûkt er it heale tagongskaartsje om te ûntsnappen nei de echte wrâld. De effekten fan 'e magyske trochgong bliuwe in skoftke aktyf foar't se saksearje, wat Slater en Danny by steat stelt om him te folgjen. Slater kriget no einlings en te'n lêsten foar it ferstân dat alles dat Danny him ferteld hat, wier is. It kostet him frijwat muoite om him oan te passen oan 'e echte wrâld, dêr't it sear docht as je mei de bleate hân in autorút ynslane, en dêr't in flechtauto gewoan trochriidt as er troch inkele kûgels út in pistoal rekke wurdt, ynstee dat er, sa't Slater wend is, daliks eksplodearret. Se reitsje it spoar fan Benedict bjuster en Slater rekket slim deprimearre as er beseft dat er mar in personaazje is en dat alles wat er belibbe hat, troch oaren optocht is mei fermaak as iennichste driuwfear. Wannear't Danny him meinimt nei hûs, moetet er lykwols Danny syn mem Irene. Dat fleuret him wer op, want hy fielt him, ta walging fan Danny, sterk seksueel ta har oanlutsen.

Underwilens ûntdekt Benedict dat misdie yn 'e echte wrâld ornaris ûnbestraft bliuwt. Hy beseft dat er in soarte fan paradys fûn hat, en dat er dêr de rest fan syn libben fan genietsje kin as er mar fan Slater ôf sjen kin te kommen. Dêrom smeit er plannen om Arnold Schwarzenegger te fermoardzjen, want sûnder him gjin Slater. Neitiid is er fan doel om mei it magyske tagongskaartsje de iene nei de oare filmsmjunt nei de echte wrâld oer te bringen, sadat se mei-inoar de wrâld oernimme kinne. Om 'e moard op Schwarzenegger út te fieren, bringt er de Ripper oer nei de echte wrâld, de smjunt dy't yn Jack Slater III Andrew fermoarde, de tsienjierrige soan fan Slater. Danny en Slater ûntdekke dat en hastigje har nei de premiêre fan Jack Slater IV, dêr't Schwarzenegger en syn frou Maria Shriver as earegasten oanwêzich binne.

Nei't se tusken de ferneamde persoanen út 'e Amerikaanske muzyk- en filmyndustry troch lavearre binne, wit Slater Schwarzenegger op it nipperke te rêden. De Ripper nimt lykwols Danny finzen en skuort him mei nei it dak fan 'e bioskoop. Dêr werhellet him de sêne út Jack Slater III, wêryn't de Ripper troch Slater deade waard, mar yn syn fal fan it gebou dochs Slater syn soan Andrew noch meisleepte. Diskear is Slater syn fijân lykwols te fluch ôf en wit er Danny te rêden. Neitiid ferskynt Benedict, dy't Slater yn it boarst sjit en dêrmei deadlik ferwûnet. Troch tadwaan fan Danny slagget it Slater dochs noch om syn pistoal te gripen en Benedict dea te sjitten troch him yn syn glêzen each te reitsjen (dat eins in eksplosyf is). De holle fan Benedict ûntploft dêrtroch, mar ek it magyske tagongskaartsje giet ferlern. Dat komt wol op in hiel ûngelegen momint, want Danny wit dat de iennichste manear om Slater te rêden is om him werom te bringen nei syn eigen, fiktive wrâld, dêr't er ûnferwoastber is.