Sherlock Holmes: A Game of Shadows, soms koartwei Sherlock Holmes 2 neamd, is in Amerikaansk-Britske histoaryske aksje- en detektivefilm út 2011 ûnder rezjy fan Guy Ritchie. De film giet oer de ferneamde fiktive privee-detektive mei deselde namme út 'e wurken fan sir Arthur Conan Doyle. As sadanich is it in ferfolch op Sherlock Holmes, út 2009. Beide films hawwe yn 'e haadrollen Robert Downey jr. as Sherlock Holmes en Jude Law as dokter Watson. Yn Sherlock Holmes: A Game of Shadows geane Holmes en Watson efter de ûnmeilydsume krimineel professor Moriarty oan, dy't tige ynfloedryk en dêrtroch ûngrypber is. Fan 'e filmkritisy krige Sherlock Holmes: A Game of Shadows mingde resinsjes, mar yn 'e bioskopen wie de film in grut kommersjeel súkses.

Plot Yn 1891 treft Irene Adler op 'e efterste rige mank it publyk by in feiling yn Londen de foaroansteande sjirurch dokter Hoffmanstahl, oan wa't se in pakketsje ôfjout foar har opdrachtjouwer, professor Moriarty. It is in betelling foar in brief dat Hoffmanstahl oan Irene oerdraacht. It iepenjen fan it pakketsje set de ûntploffing fan in bom yn wurking. It ôfgean fan 'e bom wurdt inkeld foarkomd troch it yngripen fan privee-detektive Sherlock Holmes, dy't Irene nei de moeting folge wie. Holmes nimt it brief dat Hoffmanstahl oan Irene jûn hat, yn beslach. Wylst er ôfweefd mei de bom, pike Irene en Hoffmanstahl út. Letter fynt Holmes Hoffmanstahl fermoarde werom. Irene giet nei in moeting mei professor Moriarty, dêr't se opbychtsje moat dat se it brief dat er ferwachtet, net hat. Moriarty, dy't yn 't foar al besletten hie dat se troch har gefoelens foar Holmes as hantlangster kompromittearre is, lit har fergiftige tee drinke, wêrnei't se dea delknoffelet.

Letter dyselde deis arrivearret dokter Watson by Holmes thús op 221B Baker Street, dêr't Holmes op dat stuit eksperimintearret mei in pak dat inkeld syn eagen bleat lit en dat sekuer ferve is yn 'e kleuren fan 'e eftergrûn dêr't er tsjinoan stiet, sadat Watson him net gewaarwurde kin. Hy fertelt syn kompanjon dat er ûndersyk docht nei in stikmannich skynber net mei-inoar yn ferbân steande moarden, terroristyske oanslaggen en oernames yn 'e sakewrâld, dêr't er allegear de hân fan Moriarty yn sjocht. It doel fan Watson syn besyk is lykwols syn frijfeintefeest, mei't er de oare deis trouwe sil mei syn ferloofde Mary Morstan. Holmes, dy't it glêd fergetten wie dat er it feest organisearje moatten hie, nimt Watson en syn broer Mycroft Holmes mei nei in útgeansgelegenheid dêr't er madam Simza treffe kin, in Sigeunerinne dy't as wiersizzeresse wurket.

Madam Simza is de persoan oan wa't it brief, dat Holmes Irene ôfpakt hat, wier rjochte is. It docht bliken dat it har stjoerd is troch har broer René, fan wa't se al langere tiid neat mear fernommen hat. It befettet in selsportret fan 'e keunstsinnich oanleine René mei it boadskip dat se syn gesicht net wer sjen sil. Yn in spektakulêr gefjocht ferslacht Holmes in hiermoardner dy't stjoerd is om Simza út 'e wei te romjen, mar de Sigeunerinne pykt út foar't Holmes har neier oer de saak befreegje kin. Sels is Holmes neitiid besteld mei it besoargjen fan in mei in swiere kater oanhelle Watson op syn trouwerij, wêrby't Holmes de tsjûge fan 'e brêgeman is. Letter dy deis hat Holmes, op inisjatyf fan Moriarty, foar it earst in moeting mei de professor, dy't in ynfloedryk man en in freon fan 'e Britske premier is. Hy lit blike dat er Irene Adler fermoarde hat en driget itselde te dwaan mei Watson en syn breid as Holmes him net by syn eigen saken hâldt. Holmes ûnthjit dat er Moriarty ûnder fuotten helje sil út wraak foar de dea fan Irene, al is it ek it alderlêste dat er docht.

As Watson en Mary de trein nimme foar in houliksreis nei Brighton, wurde se nei tsjuster oanfallen troch in stikmannich trewanten fan Moriarty, dy't harren besykje te fermoardzjen. Dat wurdt lykwols foarkomd troch Holmes, dy't yn momkape deselde trein nommen hat. As de trein oer in spoarbrêge giet, triuwt er Mary ta de doar út om har yn feilichheid te bringen; hja lânet yn 'e rivier ûnder de brêge, dêr't hja oppikt wurdt troch Mycroft en syn butler Carruthers yn in boatsje. Nei't Holmes en Watson ôfweefd hawwe mei de trewanten fan Moriarty, reizgje se fierder nei Parys om Simza op te spoaren. Se treffe har oan yn in Sigeunerkamp, dêr't Holmes har útleit dat se it doelwyt fan in hiermoard wurden is om't har broer René foar Moriarty wurket en har blykber wat trochdien hat dat Moriarty syn plannen yn gefaar bringe kin.

As se de brieven, mei mear tekenings as tekst, trochnimme dy't Simza fan René ûntfongen hat, riddenearret Holmes oan 'e hân fan 'e rook fan it papier en de smaak fan in read plak út dat René de tekenings makke hat yn in wynkelder dêr't ek in drukparse fêstige is. Simza ken sa'n plak, it haadkertier fan in anargistyske groepearring yn Parys dêr't sy en René foarhinne by belutsen wiene. Simza nimt Holmes en Watson mei dêrhinne, en se hawwe in petear mei Claude Ravache, de lieder fan 'e anargisten. Dyselde jout ta dat er yn opdracht fan Moriarty in stikmannich bomoanslaggen begien hat, om't Moriarty syn wiif en bern gizelet. Nei't er ferteld hat dat er noch ien opdracht foar Moriarty útfiere moat om te soargjen dat syn gesin feilich is, sjit er himsels troch de holle. It is dúdlik dat it Moriarty syn bedoeling is dat Ravache syn oanhingers no Holmes-en-dy fermoardzje sille om't se miene dat Holmes Ravache deade hat. Holmes ûntdekt lykwols in geheime gong dy't him, Watson en Simza in útwei út 'e wynkelder biedt.

Trijeresom folgje se de oanwizings dy't Holmes yn 'e wynkelder en de geheime gong ûntdutsen hat en bejouwe se har nei de Opera fan Parys, dêr't Homes de folgjende bomoanslach ferwachtet. As se mei in protte muoite ienris efter de kûlissen tagong ta de opera krigen hawwe, docht lykwols bliken dat Moriarty, dy't sels by de opera yn 'e seal sit, de oanwizings mei opsetsin plante hat om Holmes op in dwaalspoar te bringen. De eigentlik bom giet ôf yn in hotel net fier fan it operagebou ôf, dêr't op dat stuit in gearkomste fan in stikmannich foaroansteande en ynfloedrike Jeropeeske sakelju oan 'e gong is. Holmes ferskaft himsels tagong ta it plak delikt foar't de Paryske plysje arrivearret en ûntdekt dat ien fan 'e slachtoffers, de Dútske wapenfabrikant Alfred Meinhard, net omkommen is troch de bom, mar ynstee troch in skerpskutter deasketten is fuort foar't de bom ôfgie. De bom wie inkeld en allinne bedoeld om 'e moard op Meinhard te fertsjustermoanjen. Holmes en Watson stelle fêst dat de skerpskutter loftshannich is en fan safier ôf sketten hat dat it mar ien persoan wêze kin: de eardere Britske legerofsier Sebastian Moran.

Neitiid bejout Holmes him nei it hotel dêr't Moriarty ferbliuwt, dêr't er syn fijân bespionearret yn 'e momkape fan in hotelgast en dêrnei ferklaaid as pikkolo. Sa ûntdekt er dat Moriarty de trein nimme sil dy't as einbestimming de Dútske haadstêd Berlyn hat. Hy liedt dêrút ôf dat Moriarty ûnderweis is nei Heilbronn, dêr't it wapenfabryk fan Meinhard stiet dêr't Moriarty gâns yn ynvestearre hie. Troch de dea fan Meinhard is hy no de nije eigner. Mei't de oanslaggen en moarden oer en wer foar grutte spannings tusken Frankryk en Dútslân soarge hawwe, dy't inoar de skuld jouwe, is de Frânsk-Dútske grins sletten. Mar de Sigeuners fan madam Simza en haadman Tamas Morato hawwe ryklik ûnderfining mei it oerstekken fan tichte grinzen, en helpe Holmes en Watson om yn Dútslân te kommen.

By nacht kringe Holmes en Watson it wapenfabryk yn Heilbronn binnen, dêr't Holmes trappearre en finzen nommen wurdt troch Moriarty syn trewanten en by de professor brocht wurdt. Underwilens makket Moran jacht op Watson, dy't er yn it nau driuwt troch him mei syn skerpskuttersgewear út in toer wei te besjitten. Moriarty martelet Holmes troch him op te hingjen oan in fleisheak dy't him troch it skouder hinne slein is. Holmes jout ta dat er it doel fan Moriarty útfigelearre hat: de professor is no eigner fan wapenfabriken yn in ferskaat oan Jeropeeske lannen, en is dwaande in grutte oarloch út te lokjen sadat er de rykste man op 'e wrâld wurde kin. Watson brûkt in yn it fabryk fan Meinhard fabrisearre kanon om werom te sjitten op Moran, dy't mar nauwerneed it faaie libben derôf wit te rêden as de toer dêr't er yn sit, ynstoart. It pún fan 'e toer falt troch it dak fan it pakhûs dêr't Holmes martele wurdt en bedobbet Moriarty, wylst Holmes mei de skrik frijkomt. Hy, Watson en Simza en de Sigeuners, dy't harren bûten it fabryk opwachtsje, naaie út, efterfolge troch Moran en de oare trewanten fan Moriarty. Op 'e wylde flecht komme ferskate Sigeuners om, wylst Watson Moran ferwûnet. Holmes-en-dy witte úteinlik op in passearjende trein te springen en te ûntkommen.

Holmes, Watson en Simza reizgje no nei Switserlân. Dêr sil in ynternasjonale konferinsje holden wurde om 'e oanboazjende spannings tusken de ûnderskate Jeropeeske lannen op te lossen, sa wit Holmes fan syn broer Mycroft, dy't op it Britske Ministearje fan Bûtenlânske Saken wurket. Hy ornearret dat Moriarty, dy't troch syn bannen mei de Britske premier ek útnûge is, dêr in ynternasjonaal ynsidint feroarsaakje wol dat Jeropa oer râne fan 'e ôfgrûn nei oarloch triuwe sil. Holmes hat einlings útriddenearre wat René bedoelde mei syn boadskip oan Simza dat se "dit gesicht net wer sjen soe". Dokter Hoffmanstahl wie in pionier op it mêd fan 'e genêskunde en Holmes tinkt no dat er René mei plastyske sjirurgy it oansjen jûn hat fan ien fan 'e ambassadeurs op 'e konferinsje. Dat soe Moriarty by steat stelle om 'e echte ambassadeur út 'e wei te romjen en te ferfangen troch René. As dy op 'e konferinsje dan de fertsjintwurdiger fan in oar lân fermoarde, soe dat ûntsjinkearber ta oarloch liede.

Wylst Watson en Simza besykje om 'e ûnwerkenber feroare René werom te finen middenmank de diplomaten út 'e ferskate lannen, moetet Holmes Moriarty op in balkon boppe de Reichenbachwetterfal, om him ôf te lieden. Se skake in potsje wylst se stikelige opmerkings útwikselje. Watson en Simza witte úteinlik René te identifisearjen, dy't it plak fan 'e Frânske ambassadeur ynnommen hat, en komme foar dat er de Dútske ambassadeur fermoardzje kin. Neitiid wurdt René lykwols om hals brocht troch Moran mei gifpylkje út in blaaspiip. Hoewol't it útbrekken fan 'e oarloch, dêr't er op longeret, tsjinkeard is, ferliest Moriarty neat fan syn selsfertrouwen. Hy warskôget Holmes dat de grutmachten fan Jeropa úteinlik dochs wol mei-inoar yn oarloch reitsje sille, oft hy harren dêr no ta manipulearret of net.

Holmes bringt út dat er, wylst Moriarty him yn Heilbronn oan it marteljen wie, it notysjeboekje fan 'e professor omwiksele hat foar in duplikaat. It orizjineel hat er troch Tamas nei Londen bringe litten, dêr't Mary Watson de kodearre ynhâld ûntsifere hat mei de help fan in tsjûk en gauris ynsjoen boek oer botany dat Holmes by harren earste moeting yn Moriarty syn fan deade en fertutearze keamerplanten optillende studearkeamer opmurken hie. De ynformaasje spilet Mary troch oan ynspekteur Lestrade, dy't dêrop Moriarty syn ferburgen bankklúskes plonderet en de ynhâld oan it Britske Fûns foar Oarlochswiddowen en -wezen jout.