The Eiger Sanction is in Amerikaanske spionaazjeskriller út 1975 ûnder rezjy fan Clint Eastwood, mei yn 'e haadrollen hysels en George Kennedy. De titel ferwiist nei in "sanksje" (yn dit gefal in eufemisme foar ferjilding) op 'e berch de Eiger, yn Switserlân. It ferhaal giet oer Jonathan Hemlock, in heechlearaar keunstskiednis en berchbeklimmer, dy't ek in pinsjonearre hiermoardner foar in (fiktive) Amerikaanske ynljochtingetsjinst blykt te wêzen. Hy wurdt troch syn eardere wurkjouwer sjantearre om werom te kearen foar ien lêste misje, wêrby't er de moardner fan in âlde freon by wize fan ferjilding om hals bringe moat. Om't de identiteit fan 'e moardner ûnbekend is, moat Hemlock him by in ynternasjonaal team fan alpinisten jaan, dat de noardwand fan 'e Eiger beklimme wol. De moardner makket dêr ek diel fan út, en Hemlock moat ûnder de beklimming útsykje wa't dat is en hoe't er dy persoan deameitsje kin foar't er sels út 'e ljochten holpen wurdt. Fan 'e filmkritisy krige The Eiger Sanction mingde resinsjes, en yn 'e bioskopen wie de film in beskieden kommersjeel súkses.
Plot Heechlearaar keunstskiednis en berchbeklimmer Jonathan Hemlock is yn 1974 in keunstsamler dy't eigner is fan in kolleksje fan 21 skilderijen fan wrâldferneamde keunstners, wêrfan't de wearde yn 'e tsientallen miljoenen dollars rint. Hy hat dêrfoar betelle mei syn salaris as hiermoardner foar in (fiktive) Amerikaanske ynljochtingetsjinst dy't C2 hjit. Hoewol't er no 'pinsjonearre' is, wurdt er by syn earder wurkjouwer roppen, de direkteur fan C2, in man dy't inkeld bekend is ûnder de koadenamme "Dragon". It is fan oarsprong in Dútser, dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch noch foar de nazys wurke hat. Hy is oanhelle mei in seldsume, slimme foarm fan albinisme, en ferkeart dêrom permanint yn it skimertsjuster, wylst er yn libben holden wurdt troch bloedtransfúzjes.
Dragon wol dat Hemlock tydlik by him yn 'e tsjinst weromkomt foar it útfieren fan twa 'sanksjes', in eufemisme foar offisjeel goedkarde moarden. De beide mannen dy't Dragon ombrocht hawwe wol, binne aginten fan in soartgelikense ynljochtingetsjinst fan 'e tsjinpartij yn 'e Kâlde Oarloch, dy't yn it Switserske Zürich in C2-agint mei de koadenamme "Wormwood" út 'e ljochten holpen hawwe om ynformaasje oer in nij Amerikaansk biologysk wapen te stellen. Fan ien fan dyselde is de identiteit bekend; fan 'e oare noch net. Hemlock stegeret it fersyk ôf, mei't er sok wurk net mear docht. Dêrop driget Dragon dermei om 'e Amerikaanske belestingtsjinst IRS attint te meitsjen op Hemlock syn keunstkolleksje. Troch dy sjantaazje jout Hemlock ta. Hy stimt dermei yn om ien 'sanksje' út te fieren yn ruil foar twa dingen: dûbel syn gebrûklike lean ($20.000, yn jild fan 2021 $110.000), en in offisjele ferklearring fan 'e IRS dat de tsjinst fan it bestean fan syn keunstkolleksje op 'e hichte is en dat der gjin belesting oer betelle hoecht te wurden. Dragon akselet foar de foarm noch wat tsjin, mar giet úteinlik akkoart.
Hemlock reizget ôf nei Zürich, dêr't er de fijannige agint Krüger en ien fan dy syn trewanten ombringt. Op 'e weromreis yn it fleantúch nei de Feriene Steaten, wurdt er fersierd troch in seksy negroïde stewardess dy't Jemima Brown hjit. Hy nimt har mei nei hûs en hat seks mei har, mar letter dy nachts, wylst hy sliept, stelt se syn $20.000 en de brief fan 'e IRS. De oare moarns fertelt se him oer de tillefoan dat it har spyt, mar dat se in aginte fan C2 is en dien hat wat har troch Dragon hjitten wie. Dragon wol it jild en it brief inkeld weromjaan as Hemlock ek de twadde 'sanksje' útfiert. Hemlock fielt dêr neat foar, oant Dragon útbringt dat agint "Wormwood" eins nimmen oars wie as Hemlock syn âlde freon Henri Baq. As er dat heart, stimt Hemlock yn mei it útfieren fan 'e 'sanksje' om wraak te nimmen. Hy easket, en kriget, fan Dragon in salaris fan $100.000 (omrekkene nei jild út 2021 $549.000) plus ûnkosten.
Hemlock en Baq tsjinnen foarhinne tegearre as kommando's yn 'e Fjetnamoarloch, wêrby't Baq Hemlock op in stuit it libben rêde. Se waarden doe ferret troch in trêde kommando, Miles Mellough, en Dragon jout oan Hemlock, by wize fan bonus, tastimming om dyselde ek te fermoardzjen. Mellough wie nammentlik as koerier fan 'e ynformaasje oer it biologyske wapen by de operaasje tsjin Baq belutsen, hoewol't er net ien fan 'e beide moardners wie. Wa't Krüger syn kompanjon dan wol wie, is noch altyd net bekend. It iennichste dat Dragon wit, is dat it giet om ien dy't wat mankepoatet en dat dyjinge lid is fan in ynternasjonaal team dat oankom simmer de noardwand fan 'e berch de Eiger, yn Switserlân, beklimme sil. Hemlock, mei syn ûnderfining yn berchbeklimmen, is de oanwiisde persoan om 'e Amerikaanske dielnimmer te ferfangen, sadat er ûnder de beklimming útsykje kin wa't de moardner is en mei dyselde ôfweve kin. Letter wurdt Hemlock thús opsocht troch Jemima, dy't har nochris ûntskuldiget foar har dieden, en fertsjutsket dat se fan Dragon gjin opdracht krigen hie om mei Hemlock op bêd te gean; dat wie har eigen inisjatyf, om't se op him falt. Hemlock wol lykwols net nei har harkje.
Hy reizget ôf nei Arizona, dêr't er foar de beklimming yn training giet by syn âlde freon Ben Bowman, dy't in berchbeklimmersskoalle runt. Bowman, dy't Hemlock inkeld ken yn syn hoedanichheid fan berchbeklimmer en neat fan syn eftergrûn as hiermoardner ôfwit, besiket Hemlock earst dielname oan 'e beklimming te ûntpraten, om't er him te âld fynt. As dat om 'e nocht is, seit er dat er oan syn ferplichtings as freon foldien hat, en bringt er út dat hysels ek mei nei Switserlân sil, as 'grûnman', oftewol tafersjochhâlder oer de tariedings foar de beklimming. Bowman ûnderwerpt Hemlock oan in strang rezjym fan lichaamlike oefenings, dat foar in grut part bestiet út tsientallen kilometers lange einen draven mei in rêchsek fol stiennen om. Mei't er sels te âld en grou is om mei te draven, set er dêrfoar in oantreklike jonge Yndiaanske frou yn, dy't George hjit mar dy't yn al harren tiid tegearre gjin stom wurd tsjin Hemlock seit.
Yn 'e berchbeklimmersskoalle fan Bowman, dy't trouwens mear wei hat fan in fakânsjeresort, kompleet mei swimbad en sinnebaaiende jonge froulju yn bikiny, wurdt Hemlock opsocht troch syn âlde fijân Miles Mellough. Dyselde wurdt bewekke troch in poatige liifwacht dy't Dewayne hjit. Mellough fertelt dat er syn nocht derfan hat om hieltyd oer it skouder sjen te moatten oft Hemlock ek efter him oankomt. Hy seit dat er de identiteit wit fan 'e moardner dy't Hemlock siket, en hy stelt foar dat er dy namme neame sil yn ruil foar it ûnthjit fan Hemlock dat dy him (Mellough) tenei gewurde litte sil. Hemlock seit dat er dat foarstel yn omtinken nimme sil, mar úteinlik beslút er dat de priis foar de ynformaasje te heech is. As er syn training sa goed as foltôge hat, wurdt Hemlock op in nacht opsocht troch George, dy't, noch altyd sûnder wat te sizzen, har útklaait en by him op bêd krûpt. Nei't se seks hân hawwe, besiket se him te ynjektearjen mei it iene of oare middel, mar it slagget Hemlock om alaarm te slaan foar't er it bewustwêzen ferliest.
As Hemlock wer bykomt, fertelt Bowman him dat it spul dêr't er mei platspuite is, sterk liket op morfine. George, dy't troch Bowman-en-dy fêstholden wurdt, hat bekend dat se troch Mellough betelle wie om Hemlock te drogearjen, wêrnei't Mellough perfoarst in spektakulêr soarte fan dea foar him beävensearje wollen hie. Hemlock hjit Bowman om George fierder mar gewurde te litten. De oare deis lokket er Mellough en Dewayne de woastyn yn, dêr't er Dewayne deasjit krekt op it momint dat dy him ek besiket dea te sjitten. Hy nimt Mellough finzen, riidt noch folle djipper de woastyn yn en lit him dêr efter om fan útdrûging en sinnestek om te kommen.
Neitiid reizgje Hemlock en Bowman nei Switserlân, dêr't se yn it Hôtel Bellevue des Alpes te Kleine Scheidegg de oare leden fan it team moetsje: de waanwize Dútser Karl Freytag, de dreaune Eastenriker Anderl Meyer en de Frânsman Jean-Paul Montaigne, dy't noch âlder is as Hemlock sels en inkeld oan 'e beklimming mei liket te dwaan om yndruk te meitsjen op syn oerhuorrige jongere frou Anna. Dat docht net folle fertuten, mei't Anna de jûns foar de klim om 'e nocht Hemlock besiket te ferlieden en letter op bêd rekket mei Freytag. Mei't der oer in dei as fjouwer min waar opkomst is, beslute de fjouwer alpinisten sa gau mooglik mei de beklimming útein te setten. Freytag, de lieder fan it klimteam, dy't in ûngebrûklike beklimmingsrûte foarstelt, lit allegeduerigen syn minachting blike foar Hemlock om't dy twa kear earder oan in beklimming fan 'e Eiger meidien hat, wêrby't it beide kearen op in mislearring útrûn is. Underwilens wurdt Hemlock opsocht troch Jemima, mei wa't er him fermoedsoenet. Se fertelt him dat Dragon noch altyd net de identiteit fan 'e twadde moardner wit, wat betsjut dat Hemlock dat sels útsykje moatte sil.
Nei in nacht yn it hotel sette de fjouwer klimmers moarns ier útein. De earste dei is it klimmen maklik en meitsje se goede foarderings. Op 'e twadde dei feroarsaket Freytag, dy't foarop giet, op in stuit in lytse rotslawine, wêrby't Montaigne in grouwe stien op 'e holle kriget. Hy draacht in helm, mar rekket dochs in skoft út 'e tiid en falt, en komt frij te hingjen oan syn feilichheidstou. Hemlock en Meyer kinne him mar mei muoite wer omheech skuorre. Nei't er wer bykommen is, hâldt er fol dat er skoan trochgean kin, mar de rest fan 'e dei hat er muoite om 'e oaren by te hâlden. Underwilens hâldt Bowman it yn felle kleuren klaaide team mei in tilleskoop yn 'e rekken fan it terras fan it hotel ôf. Dêr kriget Jemima fan Pope, in oare C2-agint, oan wa't Hemlock in grouwéligen hekel hat, te hearren dat de hiele operaasje oars sit as dat sy tinkt. De ynformaasje oer it biologysk wapen wie ferfalske en Dragon hie mei opsetsin soarge dat de fijân Baq yn it fizier krige. Syn dea wie fan it begjin ôf oan in yntegraal ûnderdiel fan it plan. De ynset fan Hemlock om 'e moardners fan Baq te eliminearjen is inkeld bedoeld om 'e fijân leauwe te litten dat de ynformaasje dy't fan Baq ôfnommen is, wier is. Jemima, dy't in folslein ferkeard (posityf) byld hie fan C2, beseft dat Hemlock gelyk hie oer de tsjinst, Dragon en Pope.
Tsjin 'e jûn fan 'e twadde dei fan 'e beklimming slacht it waar om en reint it in skoftke, wat mank giet mei it kelderjen fan 'e temperatuer. De rein befriest sadwaande sadree't it de berch rekket, wat it terrein foar de beklimmers tige ferriedlik makket. Yn 'e nacht komt Montaigne, dy't folle slimmer skeind wie as er blike litte woe oan syn ferwûnings te ferstjerren sûnder dat de oare beklimmers it merke. Pas de oare moarns ûntdekke se syn beferzen lyk. Se beslute dat se ûnder dizze omstannichheden net fierder kinne, mar it paad werom is ek tichtset. Hemlock nimt stilwei de lieding oer fan Freytag en mei stipe fan Meyer beslút er om fia in oare rûte omleech te gean oant boppe in tunnelfinster fan it Treinstasjon Eigerwand. Dêr sille se har oan touwen oer de râne sakje litte oant se op 'e hichte fan it finster hingje, wêrnei't Bowman en de rest fan it grûnteam harren nei binnen skuorre kinne.