Trolls: World Tour is in Amerikaanske lange kompjûteranimearre tekenfilmmusical út 2020 yn 'e foarm fan in fantasy-aventoerekomeedzje en bernefilm ûnder rezjy fan Walt Dohrn. Anna Kendrick en Justin Timberlake hiene de haadrollen yn dizze jukeboxmusical, dy't in ferfolch wie op it súksesfolle Trolls út 2016. De titel betsjut "Trollen: Wrâldtoernee". It ferhaal giet oer keninginne Poppy fan 'e trollen en har frijer Branch. As se ûntdekke dat der behalven de poptrollen noch folle mear ferskillende soarten trollen besteane, elts mei harren eigen muzyksjenre, geane se op reis om kontakt te meitsjen. Underwilens stelt de boasaardige keninginne Barb fan 'e rocktrollen prikken yn it wurk om alle trollen yn 'e wrâld te ferienjen ûnder har regear en se allegearre rockmuzyk op te kringen, oft se dêr no oan wolle of net. Trolls: World Tour krige oer it algemien positive resinsjes, mar kaam yn 'e bioskopen lang net út 'e reade sifers. Dat waard lykwols feroarsake troch de beheinings dy't ûnder it begjin fan 'e koroanafiruspandemy oplein waarden oan bioskoopbesyk, en net oan in teloarstellende prestaasje fan 'e film. Yn 2023 kaam in trêde film yn deselde searje út, mei as titel Trolls Band Together.
Plot Yn it ûnderwetterlân hâlde kening Trollex en syn folk fan mei fiskesturten bejeftige technotrollen in rave. Dy wurdt lykwols rou fersteurd as keninginne Barb mei har rocktrollen arrivearret en ta wapen makke gitaren brûkt om mei hardrockmuzyk alles stikken te meitsjen. Barb easket de 'string' fan Trollex op, en om syn folk te sparjen, stimt er deryn ta om dy oan har oer te dragen.
Underwilens ferkeart keninginne Poppy noch altyd ûnder de yndruk dat sy keninginne fan alle trollen is. Pas as se in brief ûntfangt fan Barb, wêryn't dyselde har útnûget om har 'string' op te jaan sadat alle trollen feriene wurde kinne ûnder rock, begjint it har te daagjen dat der mear trollen op 'e wrâld binne. Har âlde heit, de eardere kening Peppy, bychtet op dat er dy kennis altyd foar har geheim holden hat. Eins is Poppy net keninginne fan 'e trollen, mar allinne fan 'e poptrollen. Der besteane seis soarten trollen, elts mei in eigen keninkryk: Pop, Rock, Techno, Country, Klassyk en Funk. Ienris, yn it oanbegjin fan it trolledom, foarmen se stammen fan ien folk, allegearre mei in eigen magyske string, dy't mei-inoar op ien liere spand waarden. Underlinge deilisskip soarge lykwols dat de seis stammen elts harren eigen string meinamen en byinoar wei giene om eigen keninkriken te stiftsjen.
Peppy fertrout de útnûging fan Barb net, en hy kriget byfal fan Poppy har ferstannige freon Branch. Dyselde besiket ûnderwilens in manear te finen om Poppy te fertellen oer syn gefoelens foar har, dy't fierder geane as freonskip. Poppy is lykwols nayf oer de wrâld, en tagelyk eigenwiis oer har eigen konklúzjes, wat in ferferlende kombinaasje blykt te wêzen. Se is derfan oertsjûge dat Barb, krekt as sysels, it bêste mei eltsenien foarhat, en dat alle trollen itselde binne. Dat, se nimt de string fan 'e poptrollen mei en glûpt yn in hjitte-loftballon fuort om Barb te moetsjen. Branch fynt it in healwiis plan, mar út leafde foar Poppy giet er mei. In oare trol, Biggie, blykt letter as fertstekling oan board kommen te wêzen.
Yn it rockkeninkryk ûntfangt Barb in brief fan Poppy, wêryn't dy entûsjast befêstigjend antwurdet op Barb har eardere útnûging. Se stelt ek foar om freonen te wurden. De iensume Barb fettet de útskroevenens fan it antwurd op as sarkasme, en wurdt poerlulk. Se ropt preemjejagers fan in tal lytsere clans gear (smooth jazz, reggaeton, K-pop, joadeljen) en stjoert dyselden út om Poppy foar har te fangen. Barb ûnthjit om 'e clan fan dejinge dy't dat slagget, sparje te sillen.
Poppy-en-dy bedarje yn Symfonyville, de haadstêd fan 'e klassike trollen, dy't alhiel yn pún leit. In selsbewuste fluit dy't Pennywhistle hjit, fertelt harren dat alle ferwoastgings oanrjochte binne troch Barb en har rocktrollen, dy't Symfonyville ferwoastge hawwe op 'e siik nei de klassike string. Alle flinterwjukte klassike trollen binne neitiid as finzenen mei weromfierd nei it rockkeninkryk. Dan kriget Poppy einlings foar it ferstân dat Barb net it bêste mei eltsenien foarhat, mar de wrâld oerhearskje litte wol troch harsels en rockmuzyk. Branch stelt foar om gau werom te kearen nei it poptrollekeninkryk om dêr in ferdigening tsjin 'e rocktrollen op te setten, mar Poppy wol nei Barb ta om har te bepraten, en op 'e nij harket se net nei de ferstannige Branch as dy har besiket út te lizzen hoe'n domme set dat wol net is.
Underwilens fynt de sjiraffe-eftige poptrol Cooper âlde yllustraasjes fan fertsjintwurdigers fan 'e ferskillende trollestammen, en ien dêrfan hat deselde lichemsfoarm as hy. Cooper hat altyd miend dat hy de iennichste sjiraffe-foarmige trol op 'e wrâld is, mar no't er foar it ferstân kriget dat der mear lykas him binne, set er ôf út it popkeninkryk op 'e siik nei sokken. Hy siket lang en fier en wurdt úteinlik, as er de hope suver opjûn hat, opstrield troch in fleanende skûtel.
Poppy, Branch en Biggie berikke Lonesome Flats, it haadplak fan 'e sintaur-eftige countrytrollen. Poppy fynt harren muzyk te tryst, en hoewol't Branch har besiket te fertellen dat der neat mis is mei tryste muzyk, beslút se de countrytrollen op te fleurjen mei in medley fan de fleurichste lieten út 'e skiednis fan 'e popmuzyk. De countrytrollen kinne dat lykwols net wurdearje, en boargemaster Delta Dawn smyt Poppy-en-dy yn it pleatslike hûnegat foar "misdieden tsjin 'e muzyk". Se wurde lykwols befrijd troch in glêdpratende countrytrol dy't Hickory hjit, dy't fynt dat eltsenien syn eigen muzyksmaak hawwe mei. Nei't se ûntkommen binne oan in efterfolging troch Delta Dawn en de oaren, nimt Hickory harren op sleeptou nei Vibe City, de haadstêd fan 'e funktrollen. Underweis moetsje se Chaz, de smooth jazz-preemjejager, dy't harren ferlammet mei syn muzyk om harren finzen nimme te kinnen. Hickory, dy't snoepkes as eardopkes brûkt, weeft lykwols handich mei him ôf. Neitiid ferlit Biggie de groep om't Poppy in earder ûnthjit oan him brutsen hat om him te beskermjen.
Poppy, Branch en Hickory berikke lang om let Vibe City, dat deselde fleanende skûtel blykt te wêzen dy't earder Cooper opstriele hat. Oan board sjogge se Cooper werom, dy't ûnderwilens ûntdutsen hat dat er in prins is en de ferdwûne soan fan kening Quincy en keninginne Essence fan 'e funktrollen. Hy hat ek in twillingbroer, prins D. As Poppy yn it petear mei Cooper en syn weromfûne famylje har oertsjûging op it aljemint bringt dat alle trollen itselde binne, leit prins D út dat de ferskillende soarten trollen ferskillend binne, mar dêrom net minder. Hy fertelt ek dat lang ferlyn de poptrollen besocht hawwe om alle oare trollestammen te oerhearskjen mei harren popmuzyk, en dat dàt de reden wie dat de trollen útinoar gien binne.
Wannear't de rocktrollen Vibe City oanfalle, wurde Poppy, Branch en Hickory foar harren eigen feilichheid út 'e fleanende skûtel útsmiten troch Cooper. Hickory rekket dêrtroch in skoftke by harren wei, wylst Poppy en Branch wurden krije oer Poppy har wegereftigens om nei Branch te harkjen. De rûzje einiget dermei dat Branch fuortrint om op eigen manneboet it paad nei hûs te sykjen. Hy wurdt lykwols al rillegau fongen troch de reggaeton- en K-pop-preemjejagers, dy't om him fjochtsje oant er harren bepraat om gear te wurkjen tsjin Barb en de rocktrollen. Underwilens fynt Poppy Hickory werom, dy't opbychtet dat hy eins gjin countrytrol is, mar in joadeltrol, dy't mei syn broer Dickory as efterein de momkape fan in (sintaur-eftige) countrytrol oannommen hat om Poppy yn opdracht fan Barb te fangen. Hy is ûnderwilens sels ta ynkear kommen en hjit Poppy om út te naaien, mar Dickory wol foarkomme dat Barb it near lizze sil op joadeljen, dat hy leveret Poppy út oan Barb.
Yn 'e tuskentiid is Biggie alhiel weromrûn nei Pop Village, it haadplak fan it poptrollekeninkryk, dat er ferrinnewearre oantreft. It docht bliken dat Barb der west hat en nei it oanrjochtsjen fan gâns ferwoastgings de measte poptrollen as finzenen fuortfierd hat. Biggie ropt dejingen gear dy't efterbleaun binne troch harren te ferskûljen en mei-inoar sette se ôf nei it rockkeninkryk om 'e finzenen te befrijen.
Poppy is ûnderwilens nei Volcano Rock City brocht, it haadplak fan it keninkryk fan 'e rocktrollen. Dêr wurdt se troch Barb twongen om yn 'e mande mei de oaren finzen lieders, kening Trollex, dirigint Trollzart, boargemaster Delta Dawn, kening Quincy en keninginne Essence, in konsert fan Barb by te wenjen. Dyselde hat no alle seis stringen te pakken krigen en dy opspand op har gitaar. Se brûkt de magy fan 'e stringen om 'e trollen fan 'e fiif oare stammen om te foarmjen ta rocksombys. Dat lot treft ek Biggie-en-dy en Branch en syn nije reggaeton- en K-popfreonen as hja besykje om Poppy te rêden. Poppy sels liket ek ta rocksomby omfoarme te wêzen, mar as Barb har it gitaar jout en befellet om 'e rest fan 'e finzenen ta rocksombys te meitsjen, docht bliken dat Poppy snoepkes yn 'e earen dien hie om dôf te bliuwen foar de muzikale magy. Se slacht it gitaar oan gruzeleminten en draait sa de magy werom dy't de trollen fan 'e fiif fersleine stammen ta rocksombys makke. Mar tagelyk ferneatiget se dêrmei ek de magyske stringen, mei as gefolch dat de trollen harren muzyk ferlieze en allegearre griis wurde.
Barb beskuldiget Poppy derfan dat se alles bedoarn hat, mar as Cooper syn eigen hertslach heart, begjint er op basis fan dat ritme te beatboxen mei prins D. Oare trollen foegje dêr harren eigen lûden oan ta, oant Poppy eltsenien liedt by it sjongen fan in liet út it hert. Dêrmei komt de muzyk werom, en krije de trollen wer kleur. Neitiid akseptearret in wizere Barb it oanbod fan freonskip fan Poppy. Branch en Poppy ferklearje inoar einlings en te'n lêsten harren leafde, en trollen fan alle seis stammen geane nei Pop Village om mei-inoar feest te fieren.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise keninginne Poppy fan 'e poptrollen Anna Kendrick Branch Justin Timberlake
byrollen personaazje akteur/aktrise keninginne Barb fan 'e rocktrollen Rachel Bloom Biggie James Corden Cooper Ron Funches boargemaster Delta Dawn fan 'e countrytrollen Kelly Clarkson Hickory Sam Rockwell prins D Anderson .Paak kening Quincy fan 'e funktrollen George Clinton keninginne Essence fan 'e funktrollen Mary J. Blige Riff Karan Soni Peppy, kening-heit fan 'e poptrollen Walt Dohrn Thrash, kening-heit fan 'e rocktrollen Ozzy Osbourne Tiny Diamond Kenan Thompson Guy Diamond Kunal Nayyar Mr. Dinkles Kevin Michael Richardson Satin en Chenille Icona Pop Smidge Walt Dohrn Tresillo, lieder fan 'e reggaetontrollen J. Balvin Dickory Flula Borg Chaz Jamie Dornan Trollzart, dirigint fan 'e klassike trollen Gustavo Dudamel kening trollex fan 'e technotrollen Anthony Ramos Pennywhistle Charlyne Yi Cloud Guy Walt Dohrn Legsly Ester Dean Fuzzbert Walt Dohrn K-Pop Gang Red Velvet (band) Growley Pete Kevin Michael Richardson Bliss Marina Da'Vine Joy Randolph Clampers Betsy Sodaro Carol Marcelle Lentz-Pope
Produksje en distribúsje Produksje Trolls: World Tour waard regissearre troch Walt Dohrn nei in senario fan Jonathan Aibel, Glenn Berger, Maya Forbes, Wallace Wolodarsky en Elizabeth Tippet op basis fan in idee fan Aibel en Berger. As produsint wie Gina Shay by it projekt belutsen foar de tekenfilmstudio DreamWorks Animation. Foar de film wie in budget beskikber fan $90–110 miljoen, ôfhinklik fan hokker boarne men leauwe wol. De filmmuzyk waard fersoarge troch Theodore Shapiro.
Distribúsje