Badia (mei de klam op 'e 'i'; Italjaansk: Badia, Dútsk: Abtei) is in plak en gemeente yn 'e Italjaanske provinsje Súd-Tiroal (regio Trentino-Súd-Tiroal). De gemeente telt 3.481 ynwenners (2020) en hat in oerflak fan 82,9 km².

Njonken Corvara, Mareo, San Martin de Tor en La Val is Badia ien fan 'e fiif gemeenten yn it Val Badia, dêr't Ladynsk de mearderheidstaal is.

Yndieling gemeente De gemeente bestiet út de folgjende frazioni:

Ladynsk Italjaansk Dútsk Kaart Badia yn Súd-Tirol La Ila La Villa Stern 300px San Ciascian San Cassiano Sankt Kassian Badia Badia Abtei Badia sels is te ferdielen yn San Linert (San Leonardo, Sankt Leonhard) en Pedraces (Pedraces, Pedratsches). San Linert leit west fan 'e Gran Ega-rivier, Pedraces eastlik dêrfan.

Taal Neffens de folkstelling fan 2011 praat 94,07% fan 'e gemeente Ladynsk, 4,17% Italjaansk en 1,76% Dútsk.

It besjen wurdich Tichteby it berteplak fan Jozef Freinademetz leit de Tsjerke fan it Hillich Krús oan 'e foet fan it Sas dla Crusc massyf. De tsjerke waard yn 1484 wijd. It oangrinzgjende refugio waard yn 1718 tafoege.

De oan Kassianus van Imola wijde parochytsjerke fan San Ciascian waard yn 1782 ynwijd. Tichteby is it lytse Museum Ladin Ursus ladinicus. It museum fertelt oer de Ladynske skiednis fan it gebiet. Utstald wurdt û.o. ek it bonkerak fan in hoalebeer, dy't sa'n 90.000 jier lyn yn 'e Iistiid yn it gebiet libbe.

Kategory:Gemeente yn Trentino-Súd-Tiroal Kategory:Plak yn Súd-Tiroal