thumb|250px|Stasjon Delft Súd It Standerttype Sextant is in stasjonsûntwerp dat foar ferskate stasjons yn de jierren sechstich en santich brûkt waard. It earste gebouke waard yn 1968 boud.

Soart gebou C. Douma wie de arsjitekt fan dit type stasjonsgebou. De oarspronklike namme wie nei de foarm zeskant, mar dit waard gewoanwei ta Sextant ferbastere. It gebou befette in loket, in tsjinstromte en in wachtromte yn de perioade dat it tsjinst die as stasjonsgebou. Yn totaal waarden der sechstjin sextanten foar de NS boud. In santjinde sexstant waard as busstasjon boud foar Westnederland op it Stasjonsplein yn Delft. De geboukes waarden fan 1968 oant 1979 op in tal plakken yn Nederlân boud, foar in part ta ferfanging fan besteande âlde stasjonsgebouwen en diels as stasjonsgebou by in nij iepene foarstêdsstasjon.

Fan de santjin sextanten binne der fiif bewarre bleaun, dy't allegear in oare funksje krigen hawwe, of bûten gebrûk binne. De ôfbrutsen geboukes ferdwûnen nei't keazen wie foar in ûnbemanne stasjon mei in kaartsjeautomaat, of omdat it tal reizgers sa tanaam dat ferfanging troch in grutter stasjonsgebou needsaaklik achte waard.

Stasjons fan it type Sextant Tal boud: 17, tal noch oanwêzich: 5. Stasjon boud OpmerkingenHaren150px1968wachtromteRotterdam Alexander150px1968Yn 1983 ôfbrutsenUtert Overvecht150px1968Yn 1995 ôfbrutsenTilburch West150px1969Vlaardingen West150px1969Yn 2006 ôfbrutsenVoorschoten150px1969Yn 1992 ôfbrutsenBusstasjon Delft150px1970Yn 2006 ôfbrutsenBussum Súd150px1970Yn gebrûk as KioskDelft Súd150px1970Yn 2006 ôfbrutsenDoardt Súd150px1970Yn 2001 ôfbrutsenMaassluis West150px1970Yn 2007 ôfbrutsenEindhoven Beukenlaan150px1971Yn gebrûk as SnackbarBeek-Elsloo150px1975Yn gebrûk as ytgelegeheidSusteren150px1975Yn gebrûk as winkelGeleen-Lutterade150px1976Yn 2006 ôfbrutsenDiemen150px1978Yn 2021 ôfbrutsenNimwegen Heyendaal1979Yn 2000 ôfbrutsen

Sextant Kategory:Yntroduksje út 1968