Martin Alan (Marty) Feldman (Londen, 8 july 1934 – Meksiko-Stêd, 2 desimber 1982) wie in Ingelske akteur, komyk en regisseur, ferneamd om syn útpûljende eagen, dy't it gefolch wiene fan in skyldkliersykte.

Biografy Feldman waard berne yn it Londenske East End, as soan fan Joadske ymmigranten, Cecilia Crook en Myer Feldman, út Kiev, Oekraïne. Hy fielde him yn syn jonkheid "iensum" benammen yn syn jierren fan evakuaasje nei it plattelân yn de Twadde Wrâldoarloch.

Feldman syn earste optreden wie mei twa freonen yn Morris, Marty and Mitch, in komeedzje beynfloede troch de Marx Brothers. Yn 1954 trof er in geastessibbe yn Barry Took, mei wa 't er teksten skreau foar radioproduksjes lykas Educating Archie, We're in Business en The Army Game. It telefyzjeprogramma Bootsie and Snudge, dêr't Feldman haadskriuwer foar wie, waard it meast besjoen op de Britske telefyzje.

Yn de simmer fan 1961 waard by Feldman slimme hypertyreoïdy fêststeld, wat syn uterlik foar altyd feroarje soe en liede soe ta it uterlik dêr 't er no noch altyd ferneamd om is.

Yn de jierren sechtich wurke er foar ferskate telefyzjeproduksjes fan de BBC en hied er benammen sukses mei Round the Horne. Yn 1966 waard Feldman haadskriuwer foar de telefyzjesearje The Frost Report, dy 't in bliuwende ynfloed hawwe soe op de takomst fan de Britske komeedzje - gâns bekende skriuwers en akteurs, lykas Barry Cryer, Michael Palin, Terry Jones en John Cleese (de lêste trije soene letter ta de oprjochters fan Monty Python hearre) makken dêr harren debút. In oare bekende show dêr't Feldman oan meiwurke wie At Last the 1948 Show mei Tim Brooke-Taylor en de lettere Pythons John Cleese, Graham Chapman en Eric Idle (yn lytsere rollen). Hy ferskynde úteinlik foar de kamera yn At Last The 1948 Show, en syn personaazje fan de "odd little man" wie in grut sukses en smiet him in eigen komeedzjeprogramma op BBC 2 op.

Ein jierren sechstich ferhuze Feldman nei Amearika. Hy trede dêr op yn sketches yn The Dean Martin Show. Yn 1970 krige er syn eigen show, The Marty Feldman Comedy Machine. Feldman spile yn suksesfolle Amerikaanske filmproduksjes fan de jierren santich, lykas Mel Brooks syn film Young Frankenstein as Igor, Gene Wilder syn The Adventure of Sherlock Holmes' Smarter Brother en Mel Brooks syn lêste filmkomeedzje: Silent Movie. Dêrnei begûn er sels te regissearjen. Syn earste rezjy wie de komeedzje Three Foreign Legionnaires, dêr 't er ek de haadrol yn spile.

By it filmjen fan de pirate-komeedzje Yellowbeard ferstoar Marty Feldman oan in hertstilstân yn in hotel yn Meksiko-Stêd. Hy waard beïerdige op de Forest Lawn - Hollywood Hills Cemetery yn Los Angeles, yn de Garden of Heritage.

Filmografy Film Jier Titel Rol Opmerkingen 1969 The Bed Sitting Room Ferpleechster Arthur 1970 Every Home Should Have One Teddy Brown 1971 The Magnificent Seven Deadly Sins Man kick Tree cameo part "Sloth"; skriuwer part "Lust" 1972 Today Mexico, Tomorrow the World Fuotballer Marty koarte film 1974 Young Frankenstein Igor 1975 The Adventure of Sherlock Holmes' Smarter Brother Sgt. Orville Stanley Sacker Closed Up-Tight Cat Burglar 1976 40 gradi all'ombra del lenzuolo (Sex With a Smile) Alex, the "Bodyguard" male part "La Guardia del Corpo" Silent Movie Marty Eggs 1977 The Last Remake of Beau Geste Dagobert 'Digby' Geste Also director & writer 1980 In God We Tru$t Broer Ambrose Ek regisseur en skriuwer 1982 Slapstick of Another Kind Sylvester 1983 Yellowbeard Gilbert (lêste filmrol)

Telefyzje Jier Titel Rol OPmerkingen 1967 At Last the 1948 Show ferskate rollen 1968–69 Marty / It's Marty 1970 Marty Amok! telefyzjespecial 1971 Marty Abroad telefyzjespecial 1971–72 The Marty Feldman Comedy Machine as himsels 1971–73 The Flip Wilson Show 1972 The Marty Feldman Show ferskaat telefyzjefilm 1974 Marty Back Together Again ferskate karakters 1981 The Muppet Show as himself telefyzjerige – ien ôflevering, "Arabian Nights"

Keppelingen om utens Marty Feldman by allmovie.com Marty Feldman yn de IMDb

Kategory:Ingelsk telefyzje-akteur Kategory:Ingelsk filmakteur Kategory:Ingelsk komyk Kategory:Ingelsk filmregisseur Kategory:Ingelsk senarioskriuwer Kategory:Ingelsk harkspulskriuwer Kategory:Ingelsk sosjalist Kategory:Ingelsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Ingelsk persoan fan Oekraynsk-Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1934 Kategory:Persoan stoarn yn 1982