|} De Hânzeline is in fyftich kilometer lange spoarwei tusken de Nederlânske plakken Lelystêd en Swol. De spoarline rint troch de provinsjes Flevolân, Gelderlân en Oerisel en hat tusken de stasjons Lelystêd Sintrum en Swol twa nij boude stasjons, nammentlik Dronten en Kampen Súd.
De Hânzeline, dy't yn 2012 iepene waard, is te beskôgjen as in ferlinging fan de yn 1988 oanleine Flevoline, dy't rint fan stasjon Weesp fia Almere nei Lelystêd. De eksploitaasje fan beide linen foarmet ien gehiel en is yn hannen fan de NS. De eigener en behearder fan de stasjons en de spoarline is ProRail.
Stasjons en gebouwen Oan it spoar lizze hjoed-de-dei 4 stasjons:
Stasjon Iepene Hjoeddeistich gebou150px Lelystêd Sintrum19881e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Kilsdonk.150pxDronten20121e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt van de Lune.150pxKampen Súd20121e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt van de Lune.150px Swol18641866, 2e gebou, type SS earste klasse
Hanzeline Hanzeline Hanzeline Kategory:Bouwurk út 2012