Stasjon Harderwyk (Hd) is in spoarweistasjon yn de Nederlânske stêd Harderwyk yn de provinsje Gelderlân. En waard iepene yn 1865 oan de Sintraalspoarwei (Utert-Sintraal - Kampen).

Gebou 200px|thumb|left|1e stasjonsgebou stasjon Harderwyk yn 1974 It oarspronklike spoarweistasjon fan Harderwyk wie in standertstasjon fan de NCS, in stasjon fan it type earste Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de fjouwer stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou dat twa jier nei de iepening fan it stasjon ree kaam, wie ûntwurpen troch de arsjitekt Nicolaas Johannes Kamperdijk It stasjon wie sûnt de iepening meardere kearen útwreide. Yn 1880 kaam der oan de foarkânt it stikje oan. Yn 1919 waard de yngong feroare, it tochtportaal waard ôfbrútsen en de yngong waard ferhúze nei de linkerfleugel fan it gebou, de eardere yngong waard in rút. It earste stasjongsgebou waard ôfbrutsen yn 1983.

It stasjon waard yn 1983 ferfongen troch in nij gebou fan de hân fan arsjitekt Koen van der Gaast. In rjochthoekich gebou, mei yn it midden in silinder. Dizze silinder stekt troch it dak hinne en foarmet in reade trommel op it platte dak. Dit dak hat in brede, swarte râne en stekt oan alle kanten royaal oer. It gebou is opboud út in stielskelet en bestiet benammen út glêzen pieën, dy 't troch swarte, houten listen yn fakken ferdield wurde. Yngongen binne oan de foarkant en oan de rjochter sydkant fan it gebou.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster5600Sprinter (NS)Utert Sintraal – Amersfoart Sintraal – Harderwyk – Swol

Kategory:Bouwurk yn Harderwyk Harderwyk Harderwyk Harderwyk