|} De Easterspoarwei is de spoarline fan Amsterdam nei it easten fan Nederlân. De line waard oanlein troch de Hollandsche IJzeren Spoorweg-Maatschappij (HIJSM) en rint fan Amsterdam Sintraal fia Hilfertsom, Amersfoart Sintraal en Apeldoarn nei Sutfen.

It trajekt Amsterdam - Amersfoart wurdt ek wol de Goailine neamd, yn de gemeente Barneveld stiet de Easterspoarwei ek bekend as it Hollânske spoar.

Skiednis Yn de tiid dat de spoarweimaatskippijen noch mei-inoar konkurrearren, besleat de HIJSM in eigen spoarline tusken de haadstêd en it Dútske Ruhrgebiet oan te lizzen, as alternatyf op de Rhijnspoarwei fan de NRS.

De spoarline waard yn twa fazen iepene: Datum Trajekt Tuskenstasjons10 juny 1874Amsterdam - AmersfoartAmsterdam Muiderpoarte, Amsterdam Science Park,Diemen, Weesp, Naarden-Bussum, Bussum Súd,Hilfertsom Media Park, Hilfertsom, Baarn 15 maaie 1876Amersfoart - SutfenHoevelaken, Apeldoarn, Apeldoarn De Maten,Klarenbeek, Voorst-Empe

Yn Apeldoarn waard yn 1887 ek in ôftakking oanlein dy't streekrjocht nei Paleis Het Loo rûn; de saneamde Looline (ek wol Paleisspoarline of Keningsline neamd). Fan Sutfen ôf soarge de Nederlandsch-Westfaalsche Spoorweg-Maatschappij foar de oanlis fan de spoarline nei Dútslân. It trajekt nei Winterswyk kaam yn 1878 ree. It spoar nei it Dútske Borken waard úteinlik yn 1880 yn gebrûk naam. Dêrmei hie de âldste spoarweimaatskippij fan Nederlân in eigen spoarweiferbining mei it Dútske Ruhrgebiet. De nije ferbining wie yn it begjin benammen fan belang foar it ferfier fan koalen.

Yn 1874 waard ek de sydtûke fan Hilfertsom nei Utert Maliebaan en Utert Lunetten iepene. Sadwaande krige de HIJSM, njonken de goed 30 jier âldere Rhijnspoarwei, ek in eigen spoarferbining tusken Amsterdam en Utert.

De Easterspoarwei begûn earst yn it tydlike stasjon Amsterdam Oosterdok. Dat stasjon lei eastlik fan de Easterdokstrochgong. Yn 1879 baarnde it stasjon Oosterdok ôf. Dêrnei waard de yn 1878 oanleine ferbiningsbaan tusken de stasjons Oosterdok en stasjon Amsterdam Westerdok, dêr't de HIJSM-treinen nei Haarlim en Saandam harren begjinpunt hiene, ek foar reizgersferfier brûkt en krigen de treinen fan de Easterspoarwei, Amsterdam Westerdok ek as begjin- en einpunt. Tsien jier letter kaam it nije Sintraal Stasjon ree.

Stasjons en gebouwen Oan it spoar lizze hjoed-de-dei 17 stasjons: (kursyf: earder stasjon) Stasjon Iepene Hjoeddeistich gebou150pxAmsterdam Sintraal18891e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Cuypers Amsterdam Oosterdok1874Gjin, gebou ferlern gien troch brân yn 1879, stasjon sletten yn 1879 Kattenburgerbrêge1882Gjin, stasjon sletten yn 1897 Sint Anthoniedijk1882Gjin, stasjon sletten yn 1896150px Amsterdam Muiderpoarte18961939, 2e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Schelling150px Amsterdam Science Park20091e gebou, unyk ûntwerp fan KCAP Architects&Planners150px Diemen1882Gjin, gebou sloopt yn 2021150pxOerwei by de Diemen lâns1882Gjin, stasjon sletten yn 1914150px Weesp18741967, 2e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Douma Keverdijksche Weg1874Gjin, stasjon sletten yn 1930150px Naarden-Bussum18741925, 2e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Schelling Heerenstraat1895Gjin, stasjon sletten yn 1914150px Bussum Súd19661e gebou, standerttype Sextant150px Grintweg1874Gjin, stasjon sletten yn 1915150pxKraailooschenweg1881Gjin, stasjon sletten yn 1907150px Hilfertsom Media Park19741e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Douma150px Hilfertsom18741992, 2e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt van Belkum150pxZwarte Weg1874Gjin, stasjon sletten yn 1898150pxBaarn18741e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt van Gendt. Groote Melmweg1892Gjin, stasjon sletten yn 1898 Amersfoart Oanslúting1889Gjin, stasjon sletten yn 1901150px Amersfoart Sintraal19011997, 2e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt van Belkum. Lytse Koppel1905Gjin, stasjon sletten yn 1938 Bloemendaalsche Weg1901Gjin, stasjon sletten yn 1905150px Hoevelaken20121e gebou, unyk ûntwerp Terschuur1888Gjin, stasjon sletten yn 1931 Barneveld-Voorthuizen1876Gjin, stasjon sletten yn 1938150px Stroe1881Gjin, gebou sloopt yn 1970, stasjon sletten yn 1937 Kootwijk1902Gjin, stasjon sletten yn 1934 Assel1876Gjin, gebou sloopt yn 1972, stasjon sletten yn 1935150pxApeldoarn18761e gebou, unyk ûntwerp150px Apeldoarn De Maten2006Gjin150px Klarenbeek1882 Gjin, gebou sloopt yn 1996150pxVoorst-Empe1876Gjin, gebou sloopt yn 1946 Hoven1882Gjin, stasjon sletten yn 1946150pxSutfen18651952, 2e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Schelling.

Easterspoarwei Easterspoarwei Easterspoarwei Kategory:Bouwurk út 1874