Stasjon Waardenburg (Wb) wie in stasjon oan de Steatsline H yn it doarp Waardenburg yn de gemeente West Betuwe yn de provinsje Gelderlân. It stasjon wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type Houten en is ien fan de seis stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is.

Gebou It stasjonsgebou kaam yn 1866 ree, en waard iepene op 1 novimber 1868 foar treinreizgers ek doe't Steatsline H oanlein wie. It stasjon waard sletten yn 1935. Yn 1940, yn de Twadde Wrâldkriich, rekke it stasjonsgebou slim skansearre troch in bombardemint, it stasjonsgebou is dêrnei wersteld. it stasjonsgebou waard yn 1970 ôfbrútsen. Hjoed-de-dei is alline de lokaasje fan it stasjon noch te werkennen oan it ein fan de Stationsweg

Waardenburg Kategory:Bouwurk út 1866 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1970