Stasjon IJsselmonde wie in stasjon oan de Steatsline I yn it hjoeddeiske Rotterdamske stêdsdiel IJsselmonde yn de gemeente Rotterdam yn de provinsje Súd-Hollân. It stasjon wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type Sâltbommel en is ien fan de sân stasjons dy't ea yn dy klasse boud is.
Gebou It stasjonsgebou waard iepene op 1 novimber 1872 foar treinreizgers ek doe't Steatsline I oanlein wie. It stasjon waard sletten yn 1926. It stasjonsgebou is yn 1940, yn de Twadde Wrâldkriich ferlern gien. Der is hjoed-de-dei neat mear fan is stasjon en stasjonsgebou werom te finen. It stie oan de hjoeddeiske Olympiaweg flak besúden it hjoeddeiske Stasjon Rotterdam Stadion.
IJsselmonde Kategory:Bouwurk út 1870 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1940