Stasjon Barendrecht (Brd) is in spoarweistasjon yn Barendrecht en waard iepene yn 1872 oan de Steatsline I (Breda - Rotterdam Sintraal). Yn dizze Súd-Hollânske stêd is yn 2001 it tredde stasjonsgebou sûnt 1870 iepene.

Gebou 200px|thumb|left|1e stasjonsgebou stasjon Barendrecht yn 1930 200px|thumb|left|2e stasjonsgebou yn oanbou stasjon Barendrecht yn 1973 It earste stasjon waard ûntwurpen troch Karel Hendrik van Brederode en iepene op 1 novimber 1872 syn doarren foar treinreizgers. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type Sâltbommel. It earste stasjonsgebou stie op de krúsing fan de Stationsweg mei de Wilhelminastraat.

Yn 1973 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch nijbou Inkelde hûnderten meters noardliker, nei ûntwerp fan arsjitekt Cees Douma. In kantich gebou mei plat dak, en in toer mei oerwurk.

It stasjonsgebou út 1973 waard yn 2001 ferfongen troch in ûntwerp fan arsjitekte Wienke Scheltens, it nije stasjon leit folslein yn in tunnel bekend as de Kap fan Barendrecht, fan bûten ôf is fan it stasjon alline sichterber fanút it easten, oan de westlike kant sjogge je allinne it part fan it dak dat fan glês is en in treppehûs mei lift. It stasjonsgebou út 1973 dat sa ûngefear njonken it hjoeddeiske treppehûs stie waard yn 2003 ôfbrútsen.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster5000Sprinter (NS)De Haach Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Rotterdam Blaak – Rotterdam Lombardijen – Barendrecht – DoardtRydt net yn it wykein en nei 20:00 oere jûns.5100Sprinter (NS)De Haach Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Rotterdam Blaak – Rotterdam Lombardijen – Barendrecht – Doardt

Kategory:Bouwurk yn Barendrecht Barendrecht Kategory:Bouwurk út 1870 Kategory:Bouwurk út 1973 Kategory:Bouwurk út 2001