Stasjon Hearhugowaard (Hwd) is in spoarweistasjon yn Hearhugowaard en waard iepene yn 1865 oan de Steatsline K (De Helder - Amsterdam Sintraal). Yn dit Noard-Hollânske doarp waard yn 1989 it tredde stasjonsgebou sûnt 1862 iepene.

Gebou 200px|thumb|left|1e stasjonsgebou stasjon Hearhugowaard yn 1880 200px|thumb|left|2e stasjonsgebou stasjon Hearhugowaard yn 1968 It earste stasjon waard ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Louis Abraham Reuvens en iepene op 20 desimber 1865 syn doarren foar treinreizgers. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS Fiifde Klasse. Yn 1872 krige it stasjon in oanbou mei sealtek dy't nije reizgers yngong befettet.

Yn 1967 waard it earste stasjonsgebou sloopten ferfongen troch in ûntwerp dat bekend stiet as Standerttype Douma ûntwurpen troch de arsjitekt Cees Douma.

Yn 1989 waard oan de súdkant fan it stasjon in nij stasjonsgebou nei in ûntwerp fan arsjitekt Rob Steenhuis boud om't Hearhugowaard oan dy kânt flink útwreiden waard. It twadde stasjonsgebou út 1967 bleau lykwols ek bestean. En is hjoed-de-dei yn gebrûk as snackbar.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster 800 Intercity (NS) Maastricht – Sittard – Roermond – Weert – Eindhoven Sintraal – De Bosk – Utert Sintraal – Amsterdam Sintraal – Alkmar – Hearhugowaard – De HelderRydt net jûns, wol op sneintejûn. Rydt allinnich yn de spits twa ritten fan en nei De Helder yn de spitsrjochting. Ryd yn it wykein inkeld tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal en werom. Wurdt yn de jûnsoeren tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal ferfongen troch de searje 2900. 3000 Intercity (NS)Nimwegen – Arnhim Sintraal – Ede-Wageningen – Veenendaal-De Klomp – Driebergen-Zeist – Utert Sintraal – Amsterdam Sintraal – Saandam – Alkmar – Hearhugowaard – De HelderVeenendaal-De Klomp wurdt allinnich nei 20:00 en yn it wykein betsjinne troch dizze searje.4800Sprinter (NS)Amsterdam Sintraal – Haarlim – Alkmar – Hearhugowaard – HoarnRydt fan 20.00 oere ôf ien kear yn de oere tusken Alkmar en Hoarn.

Kategory:Bouwurk yn Dyk en Waard Hearhugowaard Kategory:Bouwurk út 1862 Kategory:Bouwurk út 1967 Kategory:Bouwurk út 1989