Stasjon Súdhorn (Zh) is in spoarweistasjon tusken yn it Nederlânske doarp Súdhorn yn de provinsje Grinslân. En waard iepene yn 1865 oan de Steatsline B (Harns Haven - Bad Nijeskâns). It stasjon leit hjoed-de-dei oan it part fan it spoar dat eksploitearre wurdt troch Arriva.
Gebou 200px|thumb|left|1e stasjonsgebou stasjon Súdhorn yn 1949 It oarspronklike spoarweistasjon fan Súdhorn wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS fiifde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dy klasse boud wie. It gebou waard ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode. It stasjon wie sûnt de iepening meardere kearen útwreide. Yn 1869 waard der oan de linkerkant in fleugel oanboud, yn 1891 kaam der oan de rjochterkant in selde fleugel 1915 krige it middenpart der in ferdjipping by.
It stasjon waard yn 1975 ôfbrútsen en yn 1976 ferfongen troch in nij gebou bekend as Standerttype Beilen fan de hân fan arsjitekt Cees Douma. It 2e stasjonsgebou is hjoed-de-dei yn gebrûk as hoarekagelegenheid.
Stasjon Súdhorn krige yn 2020 in kearspoar en in tredde perron foar de pindeltrein tusken Súdhorn en Grins.prorail.nl, 6-5-2020, Spoorwerk tussen Groningen en Buitenpost gereed
Treinferbinings Searje Treintype Rûte TsjinstroasterRS 137400Stoptrein (Arriva)Ljouwert – Ljouwert-Kammingabuorren – Hurdegaryp – Feanwâlden – De Westereen – Bûtenpost – Grypskerk – Súdhorn – GrinsJûns ride fan moandei oant en mei sneon inkelde ekstra treinen tusken Súdhorn en Grins.RE 137300Flugge trein (Arriva)Ljouwert – Feanwâlden – Bûtenpost – Súdhorn – GrinsStoppet 2x yn it oere yn Feanwâlden en ôfwikseljend yn Bûtenpost en Súdhorn.
Kategory:Bouwurk yn Westerkertier Súdhorn Súdhorn Súdhorn