Stasjon Staphorst (Sth) wie in stasjon oan de Steatsline A yn it doarp Staphorst yn de provinsje Oerisel. It stasjon wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fiifde klasse en is ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is.
Gebou It stasjonsgebou kaam yn 1865 ree, en waard iepene op 1 oktober 1867 foar treinreizgers doe't ek dit part fan it spoar fan Steatsline A oanlein wie. Yn 1908 krige it gebou oan wjerskanten in fleugel. It stasjon waard sletten yn 1938 en it stasjonsgebou waard yn 1970 ôfbrútsen. Der is hjoed-de-dei neat mear fan is stasjon en stasjonsgebou werom te finen. It stasjon stie oan de Stationsweg yn Staphorst. Der wurdt al in tal jierren sprútsen oer it op 'en nij iepenjen fan it stasjon. meppelercourant.nl, 15-4-2020, Station Staphorst laat nog tien jaar op zich wachten rtvoost.nl, 20-1-2023, Kans op station Staphorst groeit na stevige lobby ChristenUnie
Staphorst Staphorst Kategory:Bouwurk sloopt yn 1970