Stasjon Grypskerk (Gk) is in spoarweistasjon yn Grypskerk en waard iepene yn 1866 oan de Steatsline B (Harns Haven - Bad Nijeskâns). Yn dit Grinslânske doarp waard yn 1976 it tredde stasjonsgebou sûnt 1863 iepene.

Gebou 200px|thumb|left|2e stasjonsgebou stasjon Grypskerk yn 1970 It earste stasjon waard ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Louis Abraham Reuvens en iepene op 1 juny 1866 syn doarren foar treinreizgers. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS Fiifde Klasse. Yn 1870 waard der oan de linkerkant in koarte fleugel oanboud.

Al yn 1881 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch nijbou, in ûntwerp dat liket op it standertype SS fjirde klasse.

It stasjonsgebou út 1881 waard yn 1976 ôfbrutsen, en ferfongen troch in ûntwerp dat bekend stiet as Standerttype Beilen ûntwurpen troch de arsjitekt Cees Douma. Dit wie in ferienfâldige ferzje fan standerttype Douma. Dit gebou wie sûnt de jieren 90 yn gebrûk as atelier fan keunstner Gert Sennema en en baarnde yn 2005 ôf, en waard net ferfongen troch in nij stasjonsgebou.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte TsjinstroasterRS 137400Stoptrein (Arriva)Ljouwert – Ljouwert-Kammingabuorren – Hurdegaryp – Feanwâlden – De Westereen – Bûtenpost – Grypskerk – Súdhorn – GrinsJûns ride fan moandei oant en mei sneon inkelde ekstra treinen tusken Súdhorn en Grins.

Kategory:Bouwurk yn Westerkertier Grypskerk Kategory:Bouwurk út 1863 Kategory:Bouwurk út 1881 Kategory:Bouwurk út 1976 Kategory:Bouwurk sloopt yn 2005