Stasjon Best (Bet) is in spoarweistasjon yn Best en waard iepene yn 1866 oan de Steatsline E (Breda - Maastricht). Yn dit Brabânske doarp is yn 2002 it tredde stasjonsgebou sûnt 1864 iepene.

Gebou 200px|thumb|left|1e stasjonsgebou stasjon Best yn 1973 200px|thumb|left|2e stasjonsgebou stasjon Best om en de by 1980 It earste stasjon waard ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Louis Abraham Reuvens en iepene op 1 july 1866 syn doarren foar treinreizgers. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS Fiifde Klasse. En wie ien fan de achtentritich stasjons dy't ea yn dizze klasse boud wie. Al yn 1882 kaam de earste ferbouwing. Oan beide kanten waard in koarte fleugel byboud. Yn 1914 krige it middenpart der in ferdjipping by. Yn 1938 waard it stasjon sletten, mar yn 1940 waard it stasjon op 10 juny weriepene.

Yn 1975 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch nijbou, in Standerttype Beilen ûntwurpen troch de arsjitekt Cees Douma. Dit wie in ferienfâldige ferzje fan standerttype Douma.

It stasjonsgebou út 1975 waard yn 2000 ôfbrutsen, en ferfongen troch in ûntwerp fan arsjitekt Th.J.B. Fikkers. In ûndergrûns stasjon om't de spoaren yn in tunnel kamen. De bou fan Spoartunnel Best begûn yn 1998 en de bou fan it nije stasjon begûn yn 2000 en wie yn 2002 ree.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster 4400 Sprinter (NS) Oss – De Bosk – Best – Eindhoven Sintraal – Helmond – Deurne Wurdt op woansdei - en tongersdeitejûn nei 23:00 oere fan Eindhoven Sintraal nei Deurne ferfongen troch sprinter 14400. 6400 Sprinter (NS) Tilburch Universiteit – Tilburch – Best – Eindhoven Sintraal – Weert Jûns en yn it wykein wurdt der 1 x / oere riden op it hiele trajekt.

Kategory:Bouwurk yn Best Best Kategory:Bouwurk út 1864 Kategory:Bouwurk út 1977 Kategory:Bouwurk út 2002