Stasjon Beek-Elsloo (Bk) is in spoarweistasjon tusken it Nederlânske doarpen Beek en Elsloo yn de provinsje Limburch. En waard iepene yn 1865 oan de Steatsline E (Breda - Maastricht). It stasjon leit hjoed-de-dei oan it part fan it spoar dat eksploitearre wurdt troch Arriva.
Gebou 200px|thumb|left|1e stasjonsgebou stasjon Beek-Elsloo yn 1910 200px|thumb|left|1e stasjonsgebou stasjon Beek-Elsloo yn 1975 It oarspronklike spoarweistasjon fan Beek-Elsloo wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS fiifde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou wie ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode It stasjon wie sûnt de iepening meardere kearen útwreide. Yn 1885 oan wjerskanten in fleugel, yn 1911 krige it middenpart der in ferdjipping by.
It stasjon waard yn 1975 ferfongen troch in nij gebou bekend as Standerttype Sextant fan de hân fan arsjitekt Cees Douma. It stasjonsgebou hat jierren yn gebrûk west as snackbar.
Treinferbinings Searje Treintype Rûte TsjinstroasterRS 1232400Stoptrein (Arriva)Maastricht Randwyck – Maastricht – Beek-Elsloo – Sittard – Roermond
Kategory:Bouwurk yn Beek (gemeente) Beek-Elsloo Kategory:Bouwurk út 1862 Kategory:Bouwurk út 1975