Stasjon Bunde (Bde) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Bunde yn de provinsje Limburch. En waard iepene yn 1865 oan de Steatsline E (Breda - Maastricht). It stasjon leit hjoed-de-dei oan it part fan it spoar dat eksploitearre wurdt troch Arriva.
Gebou It oarspronklike spoarweistasjon fan Bunde wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS fiifde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou wie in ûntwerp fan de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode. It stasjon waard sûnt de iepening meardere kearen útwreide. Yn 1911 waard de rjochterfleugel útwreide, yn 1914 krige it middenpart der in ferdjipping by.
It stasjon waard yn 1964 ferfongen troch in nij gebou bekend as Standerttype Douma fan de hân fan arsjitekt Cees Douma. Nei't yn 2000 de NS it loket foar de kaartferkeap slúte, stie is stasjonsgebou leech. Yn 2005 waard it beslút naam om it slim fertutearze gebou ôf te brekken.
Oerstreaming Yn de jûn fan 29 juny 2021 stiene de spoaren splis fanwegen fûle rein. De oarsaak fan it ûnderrinnen is dat de spoaren wat leger as de omjouwing lizze en it stasjon oan de foet fan it Sintraal Plato leit. Op it waarstasjon op it fleanfjild yn Beek waard 83 milimeter rein metten op dy tiisdei weerplaza.nl, 29-6-2021, Overstromingen Zuid-Limburg.
Treinferbinings Searje Treintype Rûte TsjinstroasterRS 1232400Stoptrein (Arriva)Maastricht Randwyck – Maastricht – Bunde – Sittard – Roermond
Kategory:Bouwurk yn Meerssen (gemeente) Bunde Kategory:Bouwurk út 1862 Kategory:Bouwurk út 1964 Kategory:Bouwurk sloopt yn 2005